Ohio
| ||||
Ofkoarting | OH | |||
Haadstêd | Kolumbus | |||
Tiidsône | -5 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 116.096 | |||
Befolking | 11.459.011 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 1 maart 1803 | |||
Oantal countys | 88 |
Ohio is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika en haadstêd is Kolumbus. De namme Ohio betsjut yn de taal fan de Irokys-Yndianen, "grutte rivier". De rivier de Ohio foarmet de grins tusken de steat Ohio en de steaten West Firginia en Kentucky.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 maart 1803 waard Ohio de 17e steat fan de Feriene Steaten. Yn 1835 wie tusken Ohio en Michigan in skeel om it besit fan in stik grûn dat bekend stiet as de Toledo Strip.
Yn de Amerikaanske Boargeroarloch stie Ohio oan de side fan de Uny.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerflakte fan Ohio is 116.090 km² grut. Ohio is dêrmei 2,8 kear sa grut as Nederlân,
Ohio grinzet yn it noarden oan de steat Michigan en it oan de oare kant fan de Eriemar lizzende Kanada. Yn it westen grinzet it oan Indiana, yn it easten oan Pennsylvania en yn it suden oan Kentucky en West Firginia. Ohio heart ta de Easterke-tiidsône.
In grut part fan de eastlike en súdlike grins wurdt foarme troch de rivier de Ohio. De noardlikste helte fan de steat is frij flak, it suden is wat heuveleftiger. It heechste punt is de pyk fan de Campbell Hill (472 m). Yn Ohio lizze mear as 2500 marren.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |