Noardlike Marianen
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk, Tsjamorro, Karolinysk | ||||
Haadstêd | Saipan | ||||
Steatsfoarm | Presidinsjeel represintative demokrasy. Gebietsdiel fan de F.S.A. | ||||
Gebiet % wetter |
477 km² -% | ||||
Ynwenners (2000) | 69.221 | ||||
Munt | Amerikaanske dollar (USD) | ||||
Tiidsône | UTC +10 | ||||
Nasjonale feestdei | - | ||||
Lânkoade | MNP | ||||
Ynternet | .mp | ||||
Tillefoan | 1-670 |
De Noardlike Marianen, folút Mienebest fan de Noardlike Marianen (Ingelsk: Commonwealth of the Northern Mariana Islands) is in eilannekloft yn Oseaanje. De eilannekloft is in ôfsûnderlik territoarium mei in politike bân mei de Feriene Steaten en is net ûnôfhinklik.
Geografy en geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haadstêd fan de Noardlike Marianen is Saipan, dat op it eilân my deselde namme leit. It totale oerflak fan de eilannen is likernôch 477 km².[1] Op de Noardlike Marianen wenje, neffens de lêste offisjele folkstelling yn 2000, 69.221. Oan de telling is ek te sjen dat hast eltsenien wennet op Saipan, Tinian en Rota. De ienige útsûndering wienen seis minsken op Alamagan.
Tegearre mei Gûam foarmje de Noardlike Marianen de Marianen, dy't wer ûnderdiel binne fan Mikroneezje; it gebiet leit yn it wrâlddiel Oseaanje. De eilannen lizze yn de Grutte Oseaan en in part yn de Filipynske See. Mear krekt lizze se noardlik fan it eilân Gûam en súdlik fan de Japanske Bonin- en Fulkaaneilannen. De súdlike eilannen besteane út kalkstien mei flakke terrassen en franjeriffen, wylst de noardliker eilannen in fulkanyske basis hawwe, mei aktive fulkanen op Anatahan, Pagan en Agrihan. De fulkaan op Agrihan is de heechste, mei 965 meter; dêrmei is it ek it heechste punt fan de Noardlike Marianen. Sûnt 10 maaie 2003 is de fulkaan fan Anatahan wer aktyf wurden.[2] De fulkaan op it eilân fan likernôch 31 km² barste doe ynienen út. Sûnt dy tiid is de fulkaan út en troch aktyf. Op 6 april 2005 wie der in útbarsting dêr't likernôch 50.000.000 m³ jiske en stien de loft yn sketten waard[3], dêr't in grutte swarte wolk troch oer Saipan en Tinian hinne kaam.[4] WSR-88D
Der Marianen binne santjin eilannen, dêr't sechtsjin fan by de Noardlike Marianen hearre; it oare eilân is Gûam. It gebiet fan de Noardlike Marianen rekt him út oer in langte fan 700 kilometer. It totale lânoerflak is 477 km²; de totale kustline is likernôch 1.482 km.[5]
De fjirtsjin Noardlike Marianen binne:
- Saipan
- Rota
- Tinian
- Pagan
- Aguijan
- Farallon de Medinilla
- Anatahan
- Sarigan
- Guguan
- Alamagan
- Agrihan
- Asuncion
- Maug-eilannen (North Island, West Island en East Island)
- Farallon de Pajaros
De grutsten fan dizze eilannen binne Saipan, Rota, Tinian en Pagan. It eilân Farallon de Medinilla wurdt troch de Amerikanen as militêr oefengebiet brûkt.
Deunby de Noardlike Marianen leit de Marianen-troch.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerhearskjende klimaat op de eilannen is it tropysk seeklimaat, der is net in soad seizoensfariaasje. De temperatuer wurdt matige troch de noardeastlike passaatwinen. It drûge seizoen duorret fan desimber oant juny, mei 100mm delslach, en it wiete seizoen duorret fan july oant novimber, mei 300mm delslach, dêr't tyfoanen by foarkomme kinne. It ferskil tusken de seizoenen is net grut. It Guinnes Book of World Records hat Saipan útroppen ta it stee mei it lykmjittichste klimaat fan de wrâld, it is der hast it hiele jier troch 27 °C.[6]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan de Noardlike Marianen.
De eilannen binne nei alle gedachten al sûnt 1500 foar Kristus bewenne troch de Tsjamorro. De earste Jeropeeske ûntdekkingsreis yn it gebiet stie ûnder lieding fan Ferdinand Magellaan yn 1521. Fanwegen in kultuerferskil oangeande besit krigen de eilannen de namme “Islas de los Ladrones”, of wol "Dieve-eilannen". Gûam waard in wichtige tuskenstop foar Spaanske skippen dy’t fan Meksiko kamen mei goud en oar guod foar de Filipinen en Spanje. Yn 1668 waarden de eilannen werneamd troch Padre Diego Luis de San Vitores, de nije namme waard “Las Marianas”, neamd nei Mariana fan Eastenryk, widdo fan de Spaanske kening Filip IV fan Spanje. [7] Om 1820 hinne kamen de ynwenners fan de Karoline-eilannen nei de Marianen, dêr’t se harren delsette mochten troch de Spanjerts.
Nei de Spaansk-Amerikaanske Kriich fan 1898 die Spanje it bewâld fan Gûam oer oan de Feriene Steaten en ferkochten se de Noardlike Marianen mei oare eilannen oan Dútslân. Nei de Earste Wrâldkriich brûkte Dútslân mandearre it Folkebûn de Noardlike Marianen oan Japan. Yn dy tiid kamen in soad Japanners en Koreanen nei de eilannen om te arbeidzjen op de Japanske plantaazjes.
Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich, fan 15 juny 1944 ôf, die it Amerikaanske leger in oanfal op de Marianen. Oan de ein fan de kriich waarden de Japanners weromroppen en krigen de Tsjamorro en de Karoliners harren lân werom. Nei de oarloch waarden de eilannen part ûnderdiel fan it Trustgebiet fan de Pasifyske Eilannen fan de Feriene Steaten. Sûnt 1978 foarmen hja in steatebûn yn in politike uny mei de Feriene Steaten. Lykas oare Amearikaanske territoariums hawwe de eilannen gjin ynbring yn de senaat fan de Feriene Steaten, mar wurde se fertsjintwurdige yn it Hûs fan Offurdigen fan de Feriene Steaten.
Floara en fauna
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kokospalm is de wichtichste beam op de eilannen, dizze wurdt foar in soad ferskate saken brûkt. Sa wurdt it fleis fan de kokosnút drûge, wêrtroch't kopra ûntstiet, fan de kokosnút wurdt ek kokosoalje makke. Dêrneist levert dizze beam ek wyn, tou, brânstof en strie. De bôlefruitbeam is in beam dy’t oeral yn Mikroneezje foarkomt, sa ek op de Noardlike Marianen. De fruchten wurde brûkt foar iten en ek wurdt fan de beam timmerhout makke. Neist dizze twa beammen binne der noch tal fan oare beammen en planten dy’t troch de minsken brûkt wurde.
Der komme in soad planten op de eilannen foar mei felle kleuren. Tocht moat dan wurde oan de hibiskus, de plumeria, leeljes, lantana’s en krotons. Guon planten kinne yn dit klimaat tige grut wurde, bygelyks de koleus, kaladium en de filodendron.[8]
Op ûnûntwikkele stikken lân komme swurdgerzen (tige skerpe gerssoarten) en tichte bosken foar. De kokosbeammen, papaja’s en in pepersoarte groeie yn it wyld op Saipan.
Lykas op de measte oare eilannen yn it gebiet hawwe ek de Noardlike Marianen suver hast gjin ynlânske sûchdieren. Utsein de flearmûzen dy’t op de eilannen foarkomme binne der gjin ynlânske sûchdieren. De flearmûzen libje benammen op Rota, dêr’t sa’n 1.000 oant 2.000 flearmûzen foarkomme, mar op Tinian en Saipan binne se seldsum. Wol binne der tal fan bistesoarten yntrodusearre op de eilannen. Under oare katten, hûnen, hynders, kij en geiten.
Foar mear as fjirtich fûgelsoarten, ynlânsk en yntrodusearre, foarmje de eilannen it thús. [9]
Yn de omkriten fan de eilannen kin fiske wurde op tonyn, wahoo en oare fisken. Ek yn see groeie koralen, anemoanen, spûnzen en skulpefisken. Troch de heldere see en de koraalriffen libje hjir yn totaal mear as tûzen ferskate libbensfoarmen yn see.[10]
Tusken Guguan en Sarigan leit de Zealandia Bank (yn it Tsjamorro: “Papaungan”, wat “sonken” betsjut). De Zealandie Bank bestiet út twa stieneftige toppen dy’t likernôch 1,5 kilometer út elkoar lizze. Ien fan de beide komt by leechwetter likernôch ien meter boppe de seespegel út.[11] Zealandia Bank is yn 1858 neamd nei de Britske bark Zealandia.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan de Noardlike Marianen krijt in soad steun yn de foarm fan finansjele miljoenenbydragen fan de Feriene Steaten foar ûnder oare kapitaalsynvestearings en ekonomyske projekten. Dêrneist foarmje it toerisme, de yndustry en de lânbou boarnen fan ynkomsten.
De Noardlike Marianen hawwe súksesfol gebrûk makke fan harren frijhannelsposysje mei de Feriene Steaten, sûnder dêrby rekken hâlde te moatten mei de Amearikaanske arbeidersrjochten. De leanen yn de Noardlike Marianen leinen lange tiid leger as yn de Feriene Steaten wêrtroch't de produksjekosten leger komme te lizzen. Produkten dy’t fan de Noardlike Marianen kamen, mochten sa op de merke brocht wurde ûnder it label “Made in USA” sûnder rekken te hâlden mei de Amearikaanske wet- en regeljouwing. Yn de takomst sil dit feroarje neidat Presidint George W. Bush op 25 maaie 2007 in minimumleanwet ûndertekene dy’t ek foar de Noardlike Marianen jilde sil. Yn 2015 sil it minimumlean fan de eilannen like hege wêze moatte as yn de Feriene Steaten.[12] De earste stap yn dit proses waard op 25 july 2007 setten en sûnttiids wurdt it minimumlean eltse maaie $0,50 heger oant it stuit dat it minimumlean like heech is as yn de rêst fan de Feriene Steaten.
De frijstelling fan de wetten yn de Feriene Steaten hat yn it ferline ta eksessen laat as berne-arbeid, berne-prostitúsje en sels slavernij.[13][14]
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toerisme is in wichtige boarne fan ynkomsten foar de eilannen, der komme jierliks sa’n heal miljoen toeristen nei de eilannen, benammen toeristen út Japan. Hast de helte fan de arbeiders wurket yn de toerismesektor. Wol hawwe de Noardlike Marianen sûnt de ein fan 2005 te krijen fan in krimp yn it tal toeristen dat nei de eilannen komt as gefolch fan de Finansjele Aazje Krisis. Oan de ein fan 2006 wie it toeristetal 15,23 persint leger as yn de alve moannen dêrfoar.
Tekstyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De produksje fan klean hat in skoftlang de hurdst groeiende yndustrysektor west, wêryn 12.000 minsken, benammen Sinezen, oan it wurk binne. Yn 1998 waard der foar $1 miljard dollar oan klean nei de Feriene Steaten ferskipt. Dizze hannel is kontroversjeel omdat de produkten fan de Noardlike Marianen mei it stimpel “Made in the USA” makke en yn de Feriene Steaten ynfierd wurde kinne, sûnder dat de produsinten op de Noardlike Marianen rekken hoege te hâlden mei de wetten fan de Feriene Steaten.
De tekstylyndustry is oan it feroarje en in soad tekstylfabriken geane ticht troch de ymportrestriksjes fan Sineesk guod. De yndustry wie ten earsten opsetten op de Noardlike Marianen omdat guon arbeid- en ymmigraasjewetten fan de Feriene Steaten net foar dit gebiet jilde, wêrûnder it minimumlean.
Lânbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lânbou op de eilannen bestiet út lytse boeren dy’t kokosnuten, bôlefruit, tomaten en meloenen ferbouwe. Mar ek weet, tapioka, bataat, bananen, kassave en sitrusfruchten wurde ferboud. Dêrneist wurdt de kokospalm brûkt foar in ferskaat oan produkten foar de útfier.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de offisjele folkstelling fan 2000 wennen der 69.221 minsken op de Noardlike Marianen. Dêrfan wie 56,3% fan Azjatyske komôf, 36,3% ynlânsk, 4,8% wie mingd en 2,6% oars. Op it stuit wurdt it ynwennertal fan de Noardlike Marianen rûsd op 88.662 (july 2009).[15]
De opbou nei leeftyd is:[16]
- 0-14 jier: 18% (8.372 man, 7.616 frou)
- 15-64 jier: 80,3% (28.602 man, 42.557 frou)
- > 65 jier: 1,7% (786 man, 729 frou)
De Noardlike Marianen hawwe de heechste frou ta man ratio fan de wrâld. Op eltse 77 mannen binne 100 froulju.
Mei 2,29% hawwe de Noardlike Marianen ien fan de heechste migraasjesifers fan de wrâld. Dit komt benammen troch minsken út Aazje dy’t arbeidzjen komme op de Noardlike Marianen. It migraasjeratio leit tige heech mei 6,47 migranten de 1000 ynwenners.[17]
De befolking fan de Noardlike Marianen is foar it meastepart kristlik, mar ek tradisjonele leauwen komme noch foar.
Op de Noardlike Marianen binne in soad talen dy’t troch in relatyf heech persintaazje sprutsen wurdt. Filipynske talen komme it measte foar en wurde sprutsen troch 24,4% fan de befolking, dan it Sineesk mei 23,4%, it Tsjamorro mei 22,4%, it Ingelsk mei 10,8% en oare Pasifyske talen troch 9,5% fan de minsken. 9,6% fan de minsken sprekt in oare taal.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardlike Marianen binne in presidinsjeel represintative demokrasy, wêryn de gûverneur it haad fan de oerheid is, mei in mearpartijenstelsel. De Noardlike Marianen binne in mienebest yn in politike uny mei de Feriene Steaten. Federale bydragen foar it Mienebest wurde levere troch in departemint fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken fan de Feriene Steaten.
De bân dy’t de Noardlike Marianen mei de Feriene Steaten hawwe kin fergelike wurde mei dy tusken Porto Riko en de Feriene Steaten. Der is in eigen gûverneur, sûnt 2006 is dat Benigno R. Fitial, en in luitenant-gûverneur. Der is in parlemint mei njoggen senators en fyftsjin ôffurdigen. Saipan, Tinian en Rota leverje elts trije senators. By de ôffurdigen wurde der trettjin troch Saipan levere, en elts ien troch Tinian en Rota. De senators wurde foar fjouwer jier keazen, de ôffeardigen foar twa jier. Boargers fan de eilannen hawwe gjin stimrjocht foar by de presidintsferkiezings fan de Feriene Steaten, alhoewol’t se al offisjele boargers fan it lân binne. Se wurde yn de Feriene Steaten represintearre troch in waarnimmer.
De útfierende macht leit by de oerheid. De wetjouwende macht leit by de oerheid en de beide keamers fan it parlemint. De rjochterlike macht is ûnôfhinklik fan de twa oare machten. De lokale oerheid is ferdield oer trije regionale boargemasters.
Yn 1947 waarden de Noardlike Marianen mei it Trustgebiet fan de Pasifyske Eilannen ûnderbrocht by de Feriene Steaten. Yn 1976 gie it kongres akkoard mei ûnderling oerlis om in Mienebest fan de Noardlike Marianen yn in Politike Uny mei de Feriene Steaten oan te gean. Yn 1977 akseptearre it kongres fan de Noardlike Marianen har eigen grûnwet, en it earste regear neffens dizze grûnwet begûn op 1 jannewaris 1978. It ferdrach mei de Feriene Steaten wie op 3 novimber 1986 hielendal ymplemintearre, mei de ynfier fan it steatsboargerskip fan de Feriene Steaten foar de ynwenners fan de Noardlike Marianen.
De polityk op de Noardlike Marianen is faak “in funksje fan famyljerelaasjes en freonskiplike bannen” wêr’t de grutte fan immen syn famylje wichtiger is as immens persoanlike kwalifikaasjes. Guon minsken hawwe krityk op dizze sitewaasje, wêrûnder de auteur fan de webstee Saipan Sucks. Dizze minsken sizze dat de politike sitewaasje op de eilannen in soad wei hat fan nepotisme.[18]
De offisjele talen op de eilannen binne Ingelsk, Tsjamorro en Karolinysk.
Wetjouwende macht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetjouwende macht fan de Noardlike Marianen hat twa keamers. It Hûs fan Offurdigen hat 20 leden, keazen foar in tiidrek fan twa jier. De Senaat bestiet út 9 leden, dy’t ek foar twa jier keazen wurde.
It Mienebest kiest in persoan dy’t de eilannen fertsjintwurdiget yn Washington, D.C. Hy komt op foar de belangen fan it Mieenebest yn de Feriene Steaten. Dizze persoan is in net-stimmend lid fan it Hûs fan Offeardigen fan de Feriene Steaten. De earste ôffeardige, Gregorio Sablan, waard keazen op 4 novimber 2008 en is sûnt jannewaris 2009 aktyf.
Ferkiezings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 3 novimber 2009 waarden der foar it lêst ferkiezings hâlden op de Noardlike Marianen. Der wienen tweintich sitten yn it Hûs fan Offeardigen te ferdielen en seis fan de njoggen sitten yn de Senaat.
Partij | Sitten yn it Hûs fan Offeardigen |
+/− mei 2007 |
Sitten yn de Senaat |
+/− mei 2007 |
---|---|---|---|---|
Republican Party | 9 | -3 | 4 | +1 |
Covenant Party | 7 | +3 | - | -2 |
Unôfhinklik | 4 | +1 | 2 | +1 |
Democratic Party | - | -1 | - | - |
Net ferkiesber | - | -1 | 3 | - |
Totaal | 20 | - | - |
Op 8 novimber waarden ek ferkiezings hâlden foar it gûverneurskip fan de Noardlike Marianen. Dizze ferkiezings waarden wûn troch Heinz Hofschneider fan de republikeinen en Benigno Fitial, de sittende gûverneur. Op 23 novimber waard de twadde omgong hâlden. De útslach fan dizze ferkiezing wie net fuort binnen, omdat der noch wachte wurde moast op likernôch 1.200 stimmen dy't oer de post komme moasten, op 7 desimber binne dizze stimmen teld.[19]. Uteinlik kamen der 944 sluven binnen, guon dêrfan mei meardere stimkaarten, wêrfan 725 jildige stimbiljetten wienen (oaren wienen te let ferstjoerd, net jildich, ensfh.).[20] Nei it tellen fan dizze 725 stimmen kaam de sittende gûverneur Fitial op 51,44% fan de stimmen út en Hofschneider op 48,56% fan de stimmen, wêrmei Fitial de winner is. It ferskil tusken de beide yn tal stimmen wie mar 370 stimmen op in totaal fan 12.850.
Yn stee fan fjouwer jier, sil Fitial no foar fiif jier de gûverneur fan de eilannen wêze, dat nei de ynfier fan in nije wet op de eilannen.
Party | Kandidaat | Kiesmaat | 1e omgong[21] | 2e omgong[22] | |||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Stimmen | Persintaazje | Stimmen | Persintaazje | ||||
Republican | Heinz Hofschneider | Arnold Palacios | 4.900 | 36,27% | 6240 | 48,56% | |
Covenant | Benigno Fitial (sittende gûverneur) | Eloy Inos | 4.892 | 36,21% | 6610 | 51,44% | |
Unôfhinklik | Juan Guerrero | Joe Camacho | 2.613 | 19,34% | |||
Unôfhinklik | Ramon Guerrero | David Borja | 1.075 | 7,96% | |||
Totals | 100.00% | 100.00% |
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardlike Marianen beskikke oer mear as 536 kilometer autowegen.[23] It meastepart hjirfan leit op Saipan, Tinian en Rota.
Der binne trije fleanfjilden mei ferhurde start- en lanningsbanen, Rota International Airport (mei in baan fan likernôch 1.800 meter), Tinian International Airport (baan fan likernôch 2.600 meter) en Saipan International Airport (mei in baan fan likernôch 2.650 meter). Ek binne der noch twa fleanfjilden mei ûnferhurde start- en lanningsbanen.[24]
Havens binne der op Saipan, Tinian en Rota.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Commonwealth of the Northern Mariana Islands Public School System is it skoaldistrikt dat op de Noardlike Marianen aktyf is. Skoallen binne der op de trije grutste eilannen, Saipan, Tinian en Rota.
It ûnderwiis fan de Noardlike Marianen hat te lijen ûnder in grut te koart oan leararen. Op it stuit wurde in soad ûnderwizers út de Filipinen helle. Dit tekoart hat te krijen mei de tige hege befolkingsgroei op de eilannen fan mear as 4% it jier.[25]
Eilannen en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de ûndersteande tabel steane de eilannen fan de Noardlike Marianen fan noard nei súd.
Nr. | Eilân | Oerflak | Ynwenners (folkstelling 2000) |
Hichte | Heechste plak | Lokaasje | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Noardlike eilannen (Northern Islands Municipality) | ||||||||
1 | Farallon de Pajaros | 2.55 km² | - | 319 m | Farallon de Pajaros | |||
2 | Maug-eilannen | 213 km² | - | 227 m | Noardlike eilân | Maug-eilannen | ||
3 | Asuncion | 7,31 km² | - | 891 m | Asuncion | |||
4 | Agrihan | 43,51 km² | - | 965 m | Agrihan fulkaan | Agrihan | ||
5 | Pagan | 47,24 km² | - | 579 m | Mount Pagan | Pagan | ||
6 | Alamagan | 11,11 km² | 6 | 744 m | Alamagan | Alamagan | ||
7 | Guguan | 3,87 km² | - | 301 m | Guguan | |||
8 | Sarigan | 4,97 km² | - | 549 m | Sarigan | |||
9 | Anatahan | 31,21 km² | - | 787 m | Anatahan | |||
10 | Farallon de Medinilla | 0,85 km² | - | 81 m | Farallon de Medinilla | |||
Súdlike Eilannen (3 gemeenten) | ||||||||
11 | Saipan | 115,38 km² | 62.392 | 474 m | Tagpochau | Saipan | ||
12 | Tinian | 101,01 km² | 3.540 | 170 m | Kastiyu | Tinian | ||
13 | Aguijan (gemeente Tinian) | 7,10 km² | - | 157 m | Alutom | Aguijan | ||
14 | Rota | 85,39 km² | 3.283 | 491 m | Mt. Manira | Rota | ||
Noardlike Marianen | 463.63 km² | 69,221 | 965 m | Mount Agrihan |
De Noardlike Eilannen (noardlik fan Saipan) foarmje de Northern Islands Municipality. De trije grutste eilannen fan de Súdlike Eilannen foarmje de gemeenten Saipan, Tinian en Rota. It ûnbewenne Aguijan is ûnderdiel fan de gemeente Tinian.
Dat de measte noardlike eilannen net bewenne wurde hat te krijen mei de fulkanyske aktiviteiten op dy eilannen. Minsklike bewenning komt allinnich foar op Agrihan, Pagan en Alamagan, mar de populaasje op dizze eilannen fariearret. De folkstelling fan 2000 registrearre yn totaal mar seis minsken yn de Northern Islands municipality.
Saipan, Tinian en Rota binne de ienichste eilannen dy’t it hiele jier troch bewenne wurde.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joseph E. Hore (2003). The Right of Self-Government in the Commonwealth of the Northern Mariana Islands, in: Asian-Pacific Law & Policy Journal 4. Side 180–245.
- Victoria King The Commonwealth of the Northern Mariana Islands’ Rights Under United States and International Law to Control its Exclusive Economic Zone, in: University of Hawaii Law Review 13. Side 477–504.
- Howard P. Willens, Deanne C. Siemer (2002). An honorable accord: The covenant between the Northern Mariana Islands and the United States. Honolulu: University of Hawai'i Press.
- Don A. Farrell, Phyllis Koontz (1991). History of the Northern Mariana Islands.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Hiemside fan de oerheid fan de Noardlike Marianen
- (in) De grûnwet fan de Noardlike Marianen
- (in) Hiemside fan it Commonwealth of the Northern Mariana Islands Public School System
- (ned) De Noardlike Marianen op Landenweb.net
- (in) CIA World Factbook - Northern Mariana Islands
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
steaten | ||
---|---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | ||
ûnynkorporearre territoaria | ||
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | ||
federaal distrikt | ||
Distrikt Kolumbia | ||
· · |