Springe nei ynhâld

Kat

Ut Wikipedy
kat
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Rodentia)
famyljekateftigen (Felidae)
skaaiwylde katten (Felis)
soarte
Felis catus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net beoardiele (húsdier)

De kat (wittenskiplike namme: Felis catus; foarh. Felis silvestris catus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Ta ûnderskie fan 'e wylde kat (Catus silvestris) wurdt dit bist ek wol de hûskat of húskat of de nuete kat neamd. It mantsje is yn it Frysk in boarre en it wyfke in poes. In jong is in jongkatsje, hoewol't it Ingelske lienwurd kitten hieltyd mear ynboargere rekket. De kat is ien fan wrâlds âldste húsdieren, dy't al hast 10.000 jier lang mei de minske oplûkt. Katten binne karnivoare rôfdieren, dy't fan natuere benammen nachts aktyf binne.

Foarhinne waarden katten faak ynset om lytse kjifdieren by minsklike itensfoarrieden wei te hâlden ("mûzjen"), mar tsjintwurdich hawwe se ornaris de funksje fan selskipsdier. As sadanich hawwe se in kosmopolityske fersprieding berikt. Troch mei de bisten te fokken binne der in soad ferskillende katterassen ûntstien. Wat domestisearring oangiet, komt de kat foar yn trije typen: it echte húsdier, de healwylde boerekat en de ferwyldere kat, dy't foar minsken alhiel net te benaderjen is. Ferwyldere katten kinne yn 'e natoer in protte skea oanrjochtsje, benammen yn gebieten dêr't se net thúshearre, lykas Austraalje, Nij-Seelân en de eilannen fan Oseaanje. Anno 2021 wiene der wrâldwiid nei skatting 700 miljoen katten, wêrmei't dit bist it op ien nei populêrste húsdier is, nei de hûn (wêrfan't der 900 miljoen wiene). Yn Nederlân libben yn 2025 3–4 miljoen katten.

Der wurdt wol ornearre dat it Ingelske wurd cat (yn it Aldingelsk skreaun as catt), etymologysk in hiel ier lienwurd is op basis fan it Latynske cattus. De Latynske foarm is sels fan it begjin fan 'e sechsde iuw ôf oerlevere. As dy etymology foar it Ingelske cat kloppet, dan moat dat ek jilde foar it Fryske wurd "kat",dat dúdlik nau besibbe is oan syn Ingelske wjergader. It Latynske wurd soe sels ôfkomstich wêze kinne út in noch net identifisearre Afrikaanske taal. It Nubyske wurd kaddîska en it Nobiin-wurd kadīs (beide mei de betsjutting "wylde kat") soene de oarsprong fan it Latynske wurd wêze kinne.

In alternative teory wol hawwe dat cat en "kat" eins moderne foarmen fan in âld Germaansk wurd binne. Dat soe oan 'e ein fan 'e Aldheid en it begjin fan 'e Midsiuwen (om 500 hinne) as lienwurd it Latyn binnenkrongen wêze en him dêrútwei letter ferspraat hawwe nei it Gryksk, Syrysk en Arabysk. Uteinlik soe it yn it Germaansk ek wer in lienwurd wêze kinne út 'e Oeralyske talen; ferlykje it Samyske gáđfi ("wyfkesharmeling"), dat komt it it Proto-Oeralyske *käďwä ("wyfkessûchdier").

In kat yn 'e earms fan syn baaske.

De kat waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar de baanbrekkende tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis catus. De Dútske soölooch Johann Christian Polycarp Erxleben woe dêr yn 1777 Felis domesticus of Felis catus domesticus fan meitsje, mar dat sloech net oan.

Yn 'e tweintichste iuw waard de kat lange tiid as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) sjoen en dêrom oantsjut mei de wittenskiplike namme Felis silvestris catus. Mar yn 2003 besliste de Ynternasjonale Kommisje foar Soölogyske Nomenklatuer (ICZN) dat de kat in selsstannige soarte is, dat sadwaande hjit er tsjintwurdich wer Felis catus. Dat beslút waard yn 2017 befêstige troch de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), dy't dat jiers de taksonomyske klassifikaasje fan alle kateftigen nochris tsjin it ljocht hold.

In kat itend ûnder in stoel, op in muorreskildering yn in Aldegyptyske grêftombe út 'e 15e iuw f.Kr.

Mei't de kat in húsdier is, hat de ûntjouwing fan dit bist ta in selsstannige soarte gjin natuerlik ferrin hân. Om it oars te sizzen: de hjoeddeistige kat is net it gefolch fan in natuerlik proses fan evolúsje, mar fan fokken troch minsken. Neffens ûndersyk nei it nukleêr DNA fan alle ûnderskate soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis) soe de kat it naust besibbe wêze oan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Mar ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten hat útwiisd dat de kat nei alle gedachten ôfstammet fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Mei't bekend is dat de domestisearring fan 'e kat oarspronklik plakfûn yn it Midden-Easten, dêr't de Afrikaanske wylde kat foarkomt mar de Jeropeeske wylde kat net, liket it twadde model it wierskynlikst. Mooglik dat lettere natuerlik foarkommende krusings tusken katten en Jeropeeske wylde katten ferantwurdlik binne foar de 'fersmoarging' fan it nukleêr DNA.

Domestisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lange tiid waard tocht dat de domestisearring fan 'e kat plakfûn hie yn it Alde Egypte, dêr't katten fan likernôch 3100 f.Kr. ôf fereare waarden as hillige bisten. Mar in argeologyske fynst op Syprus hat dêr feroaring yn brocht. Yn in grêf út it Neolitikum te Shillourokambos, dat datearret fan 75007200 f.Kr., binne de resten fan in kat ûntdutsen dy't mei syn minsklike baaske begroeven is. (Alteast, sa wurdt de oanwêzigens fan 'e kat yn it minsklike grêf troch argeologen ynterpretearre). Mei't Syprus yn dy tiid gjin lânseigen sûchdieren mear hie, moat wol konkludearre wurde dat de kat en oare sûchdieren dy't doe en letter op Syprus foarkamen, troch minsken fan it fêstelân fan it Midden-Easten ôf op it eilân ynfierd binne.

De gongbere hypoteze omtrint de domestisearring fan 'e kat is no dat Afrikaanske wylde katten yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten oanlutsen waarden nei minsklike delsettings troch de oerfloed oan kjifdieren dêre. Dêrby gie it yn it bysûnder om 'e hûsmûs (Mus musculus). De kjifdieren kamen ôf op it nôt en de oare lânbougewaaksen dy't de iere minsklike bouboeren rispen en opsloegen, en moatte foar dy lju in wiere pleach west hawwe. Doe't de minsken foar it ferstân krigen hokfoar ferskil mûzejeiende katten foar har eigen itensfeilichheid meitsje koene, waard de kat as in weardefolle bûnsgenoat sjoen, en waard úteinsetten mei it nuetmeitsjen fan it bist. De symbioatyske relaasje tusken iere bouboeren en nuetmakke katten duorre tûzenen jierren lang. Neigeraden dat de bou fan lânbougewaaksen him fierder fersprate, die de nuete kat dat ek.

In mummifisearre kat út it Alde Egypte, te sjen yn it Louvre yn Parys.

De nuete katten yn it Alde Egypte wiene fan oarsprong ek Afrikaanske wylde katten. It liket der sterk op dat de nuete katten fan it Midden-Easten har net nei Egypte ferspraat hawwe, mar dat der yn 'e Egyptyske Aldheid ynstee in twadde domestsearringsproses plakfûn. Letter fermongen de beide typen nuete katten har mei-inoar. It ierste bewiis foar it foarkommen fan 'e nuete kat yn it Alde Grikelân datearret fan likernôch 1200 f.Kr. De Alde Griken en letter ek de Romeinen holden de harmeling (Mustela erminea) as húsdier, dy't troch harren beskôge waarden as de ideäle ûngediertebestrider. Uteinlings kamen katten de harmelings lykwols te ferfangen. Harmelings wiene miskien wol like goed as katten by it bestriden fan ûnwinske kjifdieren, mar katten wiene folle makliker te hantearjen en se roeken in stik oangenamer. Grykske, Fenisyske, Kartaachske en Etruskyske keaplju yntrodusearren de nuete kat yn it hiele Middellânske-Seegebiet. Tsjin 'e fyfde iuw f.Kr. wiene katten húsriem yn alle troch de Griken en Etrusken bewenne kontreien. Rûchwei tagelyk mei de Fal fan it Westromeinske Ryk yn 'e fyfde iuw arrivearren de earste nuete katten mank de âlde Germanen oan 'e kust fan 'e Eastsee yn wat no noardlik Dútslân is.

In Romeinsk mozayk fan in kat dy't in patriis deadet út 'e ruïnes fan Pompeï.

Yn Sina waard omtrint 5000 f.Kr., of mooglik noch justjes earder, ûnôfhinklik fan 'e ûntwikkelings yn it Westen de Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis) domestisearre. Dat wurdt bewiisd troch argeologyske fynsten fan fossilen yn Neolityske delsettings yn 'e provinsjes Shaanxi en Henan. It tinken is dat de bisten ek yn dit gefal brûkt waarden as ûngediertebestriders fan benammen mûzen, wrotmûzen (lykas fjildmûzen) en rotten. Tûzenen jierren letter, mar yn elts gefal foarôfgeande oan it begjin fan 'e Tang-dynasty (618907), waard de domestisearre Bingaalske loaihoarskat yn dy hoedanichheid ferfongen troch de út it Midden-Easten ôfkomstige nuete kat. It is net bekend oft besocht is om 'e nuete loaihoarskat mei de nuete kat te krusen; de Bingaalske loaihoarskat hat yn elts gefal gjin genetyske spoaren neilitten yn hjoeddeistige kattepopulaasjes.

Under har domestisearring hawwe katten mar lytse feroarings yn har anatomy en hâlden en dragen ûndergien, en se binne noch altyd by steat en oerlibje yn it wyld. It soe skoan kinne dat ferskate gedrachspatroanen en oare skaaimerken dy't se as wylde katten al besieten, harren pre-adaptearre (yn 't foar al oanpast) hawwe om domestisearre te wurden. Sokke skaaimerken binne har behindige grutte, har fermogen ta sosjalisaasje (ek al libben se fan natuere eins in solitêr bestean), har relatyf dúdlike lichemstaal, har foarleafde foar boartsjen en har grutte yntelliginsje. Mei't se skjinne bisten binne, dy't harsels op deistige basis waskje, sindlik binne en ynstinktyf har miich en kjitte opromje troch it te bedobjen, jouwe se folle minder rommel as oare domestisearre bisten. Doe't yn 'e njoggentjinde iuw úteinset waard mei it fokken fan katten om beskate katterassen te kreëarjen, waard foar it earst op signifikante wize yn it genoom fan 'e kat yngrepen troch spesifike mutaasjes fierder te ûntwikkeljen.

In Siameeske kat dy't by syn nomadyske baaskes yn in joert wennet yn it Altaiberchtme fan Sibearje.

Fersprieding, ferwyldering en negative ynfloed as eksoat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kat is in bistesoarte dy't in protte baat hân hat fan syn domestisearring troch de minske. As trou selskipsdier fan 'e minske is it him slagge en kolonisearje frijwol de hiele wrâld, sadat er no in kosmopolityske fersprieding hat. De kat komt, yn sawol nuete as ferwyldere steat, foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika, en teffens op 118 fan 'e 131 gruttere arsjipellen, sels oan sokke isolearre, ûnbewenne eilannen ta as it Frânske Kerguelen, yn 'e súdlike Yndyske Oseaan, en de tropyske Kermadeceilannen, yn 'e Stille Súdsee benoarden Nij-Seelân.

Der binne trije types katten, dy't sterk ferskille yn libbenswize. Yn it foarste plak is der de nuete hûskat, in húsdier dat folslein domestisearre en sosjalisearre is, in eigner hat en by minsken ynwennet yn 'e hûs. De nuete hûskat kriget op fêste tiden iten fan syn baaske, hat in drûch plak om te sliepen, wurdt by sykte of ferwûnings nei de bistedokter brocht en op alderlei wize let en set. De boerekat is in healwylde kat dy't "efterhûs" op boerebedriuwen libbet. Sokke katten wurde ornearre eigendom te wêzen fan 'e boer op waans pleats se wenje, mar se komme net yn 'e hûs en moatte harsels foar it meastepart rêde, hoewol't se faak noch wol (by)fuorre wurde. Se binne net sosjalisearre, mar binne it wol wend dat der minsken yn har neite omrinne en steure har dêr net oan. De ferwyldere kat, lykwols, libbet folslein yn it wyld en hat gjin eigner. Sokke katten binne totaal net sosjalisearre, binne tige skou en naaie daliks út as se minsken gewaarwurde. Se komme sawol op it plattelân foar, dêr't se op 'e iepen romte bliuwe en har net yn 'e neite fan doarpen of pleatsen fertoane (útsein miskien ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster), as yn stedske gebieten, dêr't se swerfkatten neamd wurde en faak koloanjes foarmje yn fertutearze stegen en efterôfstrjitsjes en fjochtsje om ôffal dat minsken efterlitte. Ferneamde koloanjes ferwyldere katten binne bgl. te finen om it Colosseum en it Forum Romanum yn Rome hinne, dêr't se útgroeid binne ta in toeristyske attraksje. Anno 2021 wiene der nei skatting 220 miljoen nuete hûskatten en boerekatten yn 'e wrâld, en 480 miljoen ferwyldere katten.

In sipertse kat yn 'e snie.

Mei't de kat in tige adaptyf bist is, kinne ferwyldere katten sûnder lykfol hokker minsklike help oerlibje yn wâlden, op 'e iepen flakte, op 'e toendra, oan 'e kust, yn moerassen en yn kultuerlânskippen. Se wurde yn 'e measte lannen en territoaria beskôge as in ynvasive eksoat, dy't in bedriging foarmet foar de lânseigen fauna. Dat giet benammen op foar gebieten dêr't de lânseigen bisten evoluëarre binne sûnder dat der lânrôfdieren wiene om rekken mei te hâlden, lykas Nij-Seelân en de eilannen fan Oseaanje. Foar in diel jildt dat ek foar Austraalje, dêr't wol lânrôfdieren wiene, mar gjint dy't ferlike wurde kin mei de kat. Ferwyldere katten hawwe yn sokke gebieten in wiere slachting ûnder de lânseigen fauna oanrjochte, en yn 'e mande mei oare yntrodusearre rôfdieren, lykas de foks (Vulpes vulpes) en de harmeling (Mustela erminea), en mei rôfsuchtige kjifdieren, lykas de brune rôt (Rattus norvegicus) en de swarte rôt (Rattus rattus), kinne se ferantwurdlik holden wurde foar it útstjerren fan gâns kwetsbere lânseigen bistesoarten. Foarbylden binne de Sudereilânpiopio (Turnagra capensis), de Nijseelânske seachbek (Mergus australis) en it Stephens-Islandtomke (Traversia lyalli)) út Nij-Seelân, de Chathamral (Cabalus modestus) en de dieffenbachral (Gallirallus dieffenbachii) fan 'e Chathameilannen, de Navassaglêdkopleguaan (Leiocephalus eremitus) fan Navassa (by Porto Riko) en de Kaapverdyske reuzeskink (Chioninia coctei) fan Kaapverdje.

In koloanje ferwyldere katten yn 'e haven fan it Italjaanske Messina, dy't lykwols geregeldwei fuorre wurde troch de pleatslike fiskers.

Yn oare gebieten, dêr't beskate soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis) lânseigen binne, foarmje ferwyldere katten in bedriging foar de genetyske suverens fan dy bisten, mei't der geregeldwei krusings tusken wylde katten en ferwyldere katten plakfine. Soks bart bygelyks yn Skotlân, dêr't de lânseigen Skotske wylde kat (Felis silvestris grampia) slim bedrige wurdt trochdat der mar kwealk mear genetysk suvere yndividuën besteane dy't gjin ferwyldere hûskatten yn harren stambeam hawwe. Yn Skotlân komt ek de Kellaskat foar, dat gjin selsstannige soarte is, mar spesifyk in krusing fan 'e Skotske wylde kat mei de ferwyldere hûskat. Minsklike hâldings foar ferwyldere katten oer rinne sterk útinoar: guon sjogge de bisten, alteast yn Jeropa, dêr't se al iuwenlang foarkomme, as in ûnderdiel fan 'e natoer, wylst oaren se as ûngedierte beskôgje dat útrûge wurde moat. Dat lêste kin op eilannen faaks wol oprêden wurde, mar op it fêstelân liket der gjin begjinnensein oan te wêzen. It tal ferwyldere katten is gewoan te grut, en foar elts bist dat deade wurdt, nimt in oaren syn plak yn. In bettere, en op 'e lange termyn ek doeltreffendere metoade is om ferwyldere katten te fangen, te sterilisearjen en dan wer frij te litten, sadat se har net mear fuortplantsje kinne.

In readbûnte kat.

Lichaamlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lichemsgrutte en lichemsfoarm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kat hat trochinoar in kop-romplingte fan 46 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 30 sm en in folwoeksen gewicht fan 4–5 kg. De skofthichte bedraacht 23–25 sm. Der bestiet op dit mêd in bytsje seksuele dimorfy, mei't boarren wat grutter binne as poezen.

Katten hawwe in kop mei in koarte snút, útrinnend op in noas dy't ornaris drûch is yn tsjinstelling ta de noas fan hûnen. Oan wjerskanten fan 'e noas sitte lange snorhierren dy't wyt fan kleur binne. De eagen sitte oan 'e foarkant fan 'e kop, wat nedich is foar foldwaande djiptepersepsje om súksesfol jeie te kinnen. Katten hawwe in trêde eachlid, dat trochsichtich is, sadat se de eagen befochtigje kinne sûnder se te sluten. De earen sitten boppe-op 'e kop. Se rinne út op in punt en hawwe dêrmei in dúdlik trijehoekige foarm.

De plasse fan in kat.

Katten hawwe oan 'e foarpoaten 5 teannen en oan 'e efterpoaten 4. Alle teannen binne tarist mei ynlûkbere, fjoerskerpe klauwen. De fyfde tean oan 'e foarpoaten is analooch oan 'e tomme by minsken. Hy sit likernôch 5–10 mm heger as de oare teannen en rekket by it gean de grûn net. Noch wat tichter by de romp sit op 'e foarpoaten oan 'e binnenkant fan 'e pols in lyts útstulpsel dat wol liket op in sechsde tean, mar dat net is. It hat gjin funksje by it normale rinnen, mar biologen ornearje dat it in oanpassing is tsjin útglydzjen dy't brûkt wurdt by it delkommen nei in sprong. Guon katterassen steane derom bekend dat se faak ekstra teannen hawwe. Dat ferskynsel hjit polydaktyly en is eins in foarm fan yntylt.

Op 'e bealch hawwe poezen ornaris 6 of 8 oeren, ôfhinklik fan it ras. Mar der binne ek poezen mei mar 4 of wol 10 oeren.

De hûskat hat in lytsere plasse en koartere bonken as de Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). De plasse fan 'e kat is opmerklik foar in plasse fan in sûchdier om't er tige grutte eachgatten hat en in krêftich, spesjalisearre stel kaken. It gebit fan 'e kat is oanpast foar it deadzjen fan proaien en it ferskuorren fan fleis. Wannear't in kat syn proai oerweldiget, byt er dy yn 'e nekke, wêrby't er mei syn lange hoektosken de wringe trochsnijt. Dat liedt ta ferlamming fan 'e proai en úteinlik ta de dea. Yn ferliking mei oare kateftigen hat de kat hoektosken dêr't mar in bytsje romte tusken sit yn ferhâlding ta de grutte fan syn plasse. Dat is in oanpassing foar it bejeien fan kjifdieren, dy't mar in smelle wringe hawwe.

In kattepoat mei útstutsen klauwen.

De earste beide kiezzen oan wjerskanten fan 'e bek foarmje in soarte fan snijtosken, dy't fleis op effisjinte wize yn lytse, trochslokbere brokjes snije. Dat is fan krúsjaal belang foar de kat, om't er gjin kiezzen hat dêr't er mei kôgje kin sa't de minske dat docht. Katten hawwe ornaris in better gebit as har minsklike baaskes, om't toskbedjer folle minder fluch giet troch in tsjûkere laach fan beskermjend glazuer, mar ek trochdat de flibe fan katten it gebit minder oantaast, trochdat der yn in kattegebit hast gjin nauwe skreefkes sitte dêr't itensresten yn efterbliuwe kinne, en trochdat katten in dieet hawwe dêr't suver gjin sûker yn foarkomt. (Dat lêste giet fansels net mear op as húskatten fan har baaskes dingen as slachrjemme foarset krije.) Mar nettsjinsteande dat allegearre komt it likegoed wolris foar dat in kat in tosk ferliest troch bedjer of ynfeksje.

De rêchbonke fan 'e kat bestiet út 7 halswringen, 13 boarstwringen, 7 mulwringen en in fariabel tal sturtwringen yn 'e sturt. Ta ferliking: minsken hawwe ek 7 halswringen, mar 12 boarstwringen, 5 mulwringen en 3–5 rudimintêre sturtwringen dy't mei-inoar fergroeid binne ta ien ynwindich sturtbonkje. De ekstra boarst- en mulwringen jouwe de rêchbonke fan 'e kat folle mear mobiliteit en fleksibiliteit. Oan 'e rêchbonke fêst sitte 13 ribben, de ûnderskate bonken yn 'e skouders, en it bekken. Oars as by de earms fan minsken it gefal is, wurde de foarpoaten fan katten mei it skouder ferbûn troch kaaibonken dy't oan 'e úteinen net fêstsitte. Katten kinne dêrtroch har skouders folle fierder ynlûke, en dat betsjut dat se harsels troch elts lyts gatsje hinne wrotte kinne dêr't har kop trochinne past.

De ôfwurpen bûtenste lagen fan katteklauwen.

Katten hawwe ynlûkbere klauwen oan 'e teannen. Yn har normale, ûntspande stân binne de klauwen ynlutsen yn skieën yn 'e hûd fan 'e teannen. Dêrtroch slite se net ôf troch by it rinnen allegeduerigen yn kontakt mei de grûn te kommen (sa't by hûnen bart) en bliuwe se skerp. De klauwen oan 'e foarpoaten binne ornaris skerper as dy oan 'e efterpoaten. Katten kinne har klauwen oan ien of mear poaten tagelyk útskowe. Dat útskowen fan 'e klauwen is in ynstinktive reäksje, dy't foarkomt by de jacht, mar ek by selsferdigening, klimmen, knetsjen (in utering fan tefredenens ferbûn mei spinnen) of om gryp te krijen op in glêde ûndergrûn. By it boartsjen mei har baaskes, wannear't der mei it poatsje nei in finger of hân slein wurdt, hâlde katten har klauwen yn 'e regel ynlutsen, wêrmei't se sjen litte dat se boartsjen en earnst poerbêst útinoar hâlde kinne.

In kat moat altyd in rou oerflak ta syn foldwaan hawwe dêr't er syn klauwen oan slypje kin. By dat it skraabjen fan 'e klauwen komt faak de bûtenste laach fan 'e klau los, sadat de klau fan binnenút fernijd wurde kin. Foar dat doel wurde by eltse dierewinkel skraabpeallen ferkocht, dy't besteane út in rjochtopsteand pealtsje op in mei stof omjûn fuotstik, en wêrby't it pealtsje omwuolle is mei rûch tou. As in kat soks net hat om 'e klauwen oan te slypjen, is de kâns grut dat er dat dwaan sil oan 'e meubels of de flierbedekking en sa skea oan 'e ynboel tabringe sil.

It lichem fan 'e kat wurdt oerdutsen troch in tsjûke, tichte pels, dy't inkeld de noas, de binnenkant fan 'e earen, de anus en de kjessentjes op 'e soallen fan 'e poaten keal lit. By katten komme in protte ferskillende kleurfarianten foar. De meast foarkommenden binne:

  • de swarte kat: hielendal swart;
  • de bûnte kat: ornaris swartbûnt (mei fariabele mjitten wyt en swart), mar readbûnt komt ek foar;
  • de trijekleur: bûnt mei swarte, wite en ljochtbrune oant readbrune flakken;
  • de sipertse kat: in grize grûnkleur mei in patroan fan swarte streken op it lichem, swarte ringen op 'e sturt en mooglik wat wyt op 'e kiel en it kin);
    • de reade kat, in ûnderfoarm fan 'e sipertse kat: readbrún (in ljochtere grûnkleur mei dêroerhinne in patroan fan dûnkerder streken), faak ôfwiksele mei wyt;
  • de skyldpodkat: bûnt mei swarte, grize en ljocht- of readbrune flakken trochinoar;
  • de puntkat: in ljochtere kleur (wyt of griis) op it lichem, mei in dûnkere kleur (dûnkerbrún of swart) op 'e poaten, sturt, earen en snút;
  • de Maltezer kat: griis.
In close-up fan it each fan in kat.

Gesichtsfermogen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katten hawwe in treflik gesichtsfermogen en der wurdt faak sein dat se sels yn it tsjuster sjen kinne. Dat is net wier: yn absolút tsjuster sjogge katten likemin as minsken. Mar katten kinne noch goed sjen by in sechsdepart fan it ljochtnivo dêr't minsken ferlet fan hawwe om har te rêden. Foar in diel is dat it gefolch fan it feit dat it each fan 'e kat tarist is mei in tapetum lucidum (Latyn foar "ljochtsjend tapyt"), dat ljocht dat troch it netflues komt werom it each yn reflektearret. Sa wurdt de gefoeligens fan it each foar lege ljochtnivo's fergrutte. Foar in oar diel komt it trochdat de spjalten pupil fan it katte-each by mar in bytsje ljocht grutter wurde kin oant er frijwol it hiele each omfettet.

Wat it sjen fan kleuren oangiet, is de kat lykwols folle minder bedield. Oars as it minske-each, dat trije soarten kegeltsjes omfettet wêrmei't read-, grien- en blautinten sjoen wurde kinne, hat it katte-each mar twa soarten kegeltsjes foar kleurewaarnimming, wêrmei't blau en gielich grien waarnommen wurde kinne. Dêrtroch sjogge katten mar yn hiel beheinde mjitte it ferskil sjen tusken grien en read. Der is wol in trêde soarte kegeltsje, mar dy liket in adaptaasje te wêzen om better sjen te kinnen by lege ljochtnivo's ynstee dat er mei kleurwaarnimming te krijen hat.

De wjerskyn fan 'e fotoflits yn it tapetum lucidum fan 'e eagen fan 'e kat.

It gehoar fan katten is tige skerp en it is ien fan har weardefolste wapens by de jacht op proaien. Se hearre it bêste lûden mei in frekwinsje fan 500 Hz oant 32  kHz, mar kinne lûden yn in tige breed berik gewaarwurde, fan 55 Hz oant 79 kHz. Ta ferliking: it minsklik gehoar heart inkeld lûden tusken 20 Hz en 20 kHz. De gefoeligens fan it kattegehoar wurdt noch fergrutte troch de yn ferhâlding ta it lichem grutte earen, dy't tige beweechber binne en nei it lûd ta draaid wurde kinne as wiene it skûtelantennes. De kat heart ek ultrasoane lûden, wat fan pas komt om't in protte kjifdieren ultrasoane roppen hawwe.

De kat hat ek in sterke rooksin, hoewol't dat sintúch by de kat lang net sa heech ûntwikkele is as by de hûn. Dêropta hawwe katten (en in protte oare bisten) in orgaan fan Jacobson yn 'e mûle, dêr't se roken mei gewaarwurde kinne op in manear dy't minsken net besitte.

In foto fan in kat dy't mei de eagen knipperet, sadat it trêde eachlid te sjen is.

De smaak is by katten relatyf min ûntwikkele; wylst minsken mear as 9.000 smaakpapillen op 'e tonge hawwe, telt de kattetonge der mar sa'n 470. Katten hawwe in genetyske mutaasje fan 'e smaakreseptors dy't foarkomt dat har smaakpapillen ferbinings oangean kinne mei sûkermolekulen. Dat betsjut dat katten gjin swietens priuwe kinne. Soerens en bitterens kinne se lykwols wol priuwe, en ek beskikke se oer spesjale smaakpapillen foar it priuwen fan aminosoeren, lykas proteïnen.

Katten taaste mei de snorhierren. Dat binne lange, tige gefoelige hierren, dy't oars as de namme suggerearret, oer it hiele lichem sitte. Mar se groeie fral oan 'e sydkanten fan 'e snút en op 'e wynbrauwen. Mei de snorhierren mjitte katten oft in iepening grut genôch is om harsels trochhinne te wrotten. Ek ferskaffe se yn it absolute tsjuster, as de kat ek neat mear sjocht, ynformaasje oer it om-en-by troch foarwerpen oan te reitsjen en troch luchtstreamings waar te nimmen. In hommelse oanrekking fan 'e snorhierren yn it gesicht fan 'e kat lokket in refleks út wêrby't de eagen tichtgeane. Dat is in evolúsjonêre oanpassing om skea oan 'e eagen tsjin te gean.

De snorhierren fan in kat binne tige gefoelige taastorganen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aktiviteit en rêst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kat is fan natuere in nachtdier, dat oerdeis rêst hâldt. Mar tûzenen jierren fan oanpassing oan it hâlden en dragen fan harren minsklike baaskes, dy't deidieren binne, hat derfoar soarge dat katten tsjintwurdich sawol nachts as oerdeis aktyf binne, hoewol noch altyd mear nachts as deis. Se beheine ferlies fan enerzjy troch te sliepen. Dat is in ynstinktive foarm fan hâlden en dragen, en gjin bewust beslút. Yn it wyld wie it sa dat de kat ôfhinklik wie fan súkses by de jacht. De iene deis fong er miskien wol fretten by 't folop, wylst er de oare deis sûnder iten ta moast. Yn dy kontektst is it in tige goede oerlibbingsstrategy om derfoar te soargjen dat in yndividu mei in goed miel sa lang mooglik ta kin.

Tsjintwurdich is soks net mear sa relevant by húsdieren dy't eltse dei op fêste tiden har iten foarset krije, mar it ynstinkt wurket noch altyd op dy manear. En wat âlder in kat wurdt, wat mear oft er sliept. Hoelang't in kat deis sliept, ferskilt fan eksimplaar ta eksimplaar, mar yn 'e regel giet it om 12–16 oeren, mei in gemiddelde fan 13–14 oeren. Guon, fral âldere, katten kinne wol 20 oeren deis sliepe. Katten sliepe trouwens net oan ien wei troch, mar wurde geregeldwei eefkes wekker, ek as der neat is om wekker fan te wurden. Ek dat is ynstinkt. Om't de kat yn it wyld solitêr libbet, hat er allinnich himsels om op werom te fallen. Dus moat er om 'e safolle tiid even neigean oft de kust noch feilich is. It Ingelske wurd cat nap, foar in koart skoftke sliepen (by de minske), komt fan dy foarm fan kattegedrach. As se sliepe, meitsje katten koarte hoartsjes fan REM-sliep troch, dy't gauris mank geane mei it ûnbewust gearlûken fan spieren, benammen yn 'e poaten. Dat suggerearret dat se dreame.

In alerte kat by tsjuster, mei de pupillen útset en de earen rjochte op it plak dêr't in lûd wei komt.

De kat is in teangonger. Dat wol sizze dat er eins op syn teannen rint, om't de hiele kattepoat anatomysk sjoen foarme wurdt troch de teannen. De rest fan 'e foet foarmet nammentlik it ûnderste diel fan 'e skonk. Oars as de measte sûchdieren is de kat dêrnjonken in telgonger, dy't foar syn fuortbeweging beide skonken oan 'e iene sydkant fan syn liif ferset, ear't er de beide skonken oan 'e oare side fan syn liif ferset. De efterpoat wurdt dêrby op of deunby it plak pleatst dêr't earder de foarpoat al stien hat, wat it meitsjen lûd en it efterlitten fan sichtbere spoaren minimalisearret. By it trochkrusen fan rûch terrein binne de efterpoaten op dy manear ek altyd wis fan in stevige ûndergrûn. Wannear't de kat syn faasje opfiert fan rinnen nei draven, kriget syn fuortbeweging it diagonale karakter dat dy by de measte sûchdieren hat, wêrby't de rjochterfoarpoat en de lofterefterpoat tagelyk ferset wurde, en dêrnei de lofterfoarpoat en de rjochterefterpoat.

Katten hâlde der oer it algemien fan om op hege plakken te sitten. Sa'n heech plak kin tsjinje as in mûklaach foar de jacht. In oare mooglike útlis is dat in heech sitplak de kat in better observaasjepunt jout, dêr't er syn territoarium wei yn it each hâlde kin.

In kat falt mar komselden, mar it komt wol foar. By sa'n fal slagget it in kat frijwol altyd om himsels mei de poaten nei de grûn ta te oriïntearjen, of it moat wêze dat it om in fal fan in hichte fan minder as 90 sm giet. Yn sa'n gefal is er op it momint fan it fallen al te ticht by de grûn om him noch rjochtop te draaien. Dit fermogen hat oanlieding jûn ta it ûntstean fan it sprekwurd: "In kat komt altyd op syn poatsjes telâne". It rjochtop draaien is gjin bewust beslút fan 'e kat, mar in refleks dy't bekend stiet as de katterjochtopdraairefleks. Hy wurdt feroarsake troch de uterst gefoelige lykwichtsorganen yn 'e earen fan in kat yn gearwurking mei de fleksibele rêchbonke, dy't him by steat steld om him yn it luchtliddige om te draaien.

In kat hâldt mei gemak syn lykwicht op 'e smelle tûken yn in beam.

De kat fêstiget in eigen territoarium, dat ôfset wurdt troch foarwerpen te besproeien mei urine, troch mei de sydkant fan 'e kop by foarwerpen lâns te wriuwen (kopkes te jaan), wêrby't út 'e klieren yn 'e wangen minime, mar foar katten te rûken ôfskieding ôfjûn wurdt, en troch kjitte efter te litten. Ynkringers, d.w.s. soartgenoaten, wurde ornaris troch de territoariumhâlder út it ôfsette domein ferjage. Tusken de territoaria yn sitte iepen romten, nimmenslân sis mar, dêr't buorkatten inoar begroetsje kinne sûnder dat der ynbrek op inoars territoarium makke wurdt. It ferjeien fan in ynkringer ferrint yn ferskate stadia: earst wurdt de ynkringer oanstoarre sûnder mei de eagen te knipperjen, wat by katten in teken fan agresje is. As dat net helpt, folget blazen, grânzgjen en úteinlings in koarte, gewelddiedige en teffens lûdroftige oanfal.

De kat is fan natuere in bist dat solitêr libbet, en dat inkeld yn 'e peartiid it selskip fan soartgenoaten opsiket (en dan noch inkeld fan soartgenoaten fan it oare geslacht). Trochdat minsken faak ferskate katten hawwe, ek yn 'e prehistoarje al, hawwe katten leare moatten om soartgenoaten yn har neite te duldzjen. Dat leare se it maklikst as se fan jong ôf oan net better witte. As men in oare kat yn in besteande sitewaasje yntrodusearret by in kat dy't deroan wend is allinnich te wêzen, sil dat foar 't neist gâns opskuor en trelit jaan, mei agresje dy't útgiet fan 'e oarspronklike bewenner, om't er de nijynkommeling as in ynkringer yn syn territoarium sjocht.

In koloanje ferwyldere katten yn it Largo di Torre Argenina yn Rome. (Foto troch Paolo Monti, 1969.)

Mar ek as minsken der net (direkt) by belutsen binne, kinne har tsjintwurdich mank katten sosjale struktueren ûntjaan. In Ingelsk ûndersyk nei katten dy't by har baaskes yn 'e grutte stêd wennen, yn in stripe rychjeshuzen mei mar beheinde romte foar de eftertunen en hielendal gjin foartunen, toande oan dat katten yn sa'n gefal in soarte fan time-share opsette, wêrby't se itselde territoarium besette, mar op ferskillende tiden fan 'e dei. Ferwyldere katten kinne ek koloanjes foarmje, wêrby't se inoars oanwêzigens by deselde boarne fan iten (faak fersoarge troch minsken) duldzje. Healwylde boerekatten foarmje soms gearwurkjende groepen oan inoar besibbe poezen, dy't inoar helpe om har jongkatsjes grut te bringen. Jeien wurdt lykwols altyd allinnich dien en nea yn gearwurking.

Ek oan 'e omgong mei minsken is de kat yn 'e tûzenen jierren sûnt syn domestisearring folslein wend rekke. Mar as in jongkatsje net ier yn syn libben mei minsken omgiet, folget ferwyldering. Sosjalisearre katten kinne in protte affeksje toane foar "harren" minsken, en trouwens ek foar oare húsdieren dêr't se mei gearlibje, lykas hûnen. Dat dogge se û.o. troch spinnen, kopkes jaan en by minsken op 'e skurte lizze te wollen. Yn etologysk opsjoch hat it minsklike baaske yn sa'n gefal foar de kat it plak fan syn mem ynnommen. Folwoeksen hûskatten libje har hiele libben dêrom yn in soarte fan útrutsen jonkheid. Katten kinne lykwols ek agresje toane foar minsken oer. Wiere agresje komt hast allinnich mar foar yn katten dy't net goed sosjalisearre binne. By sosjalisearre katten giet it yn 'e regel om werlate agresje, wêrby't der wat is dat de kat agitearret, lykas wat dat er sjocht of heart of in oare boarne fan prikels dy't er sels net oanfalle kin. De argewaasje en lulkens moatte dan earnewêr oars hinne en wurde werlaat nei in oare kat of in minske.

In miaukjende kat.

De wichtichste manear fan 'e kat om te kommunisearjen is troch te miaukjen. Wylde katten en ferwyldere katten dogge dat inkeld as jongkatsje, om mei de mem te kommunisearjen, en hâlde dermei op sadree't se by de mem wei geane om selsstannich te libjen. Nuete katten hâlde har hiele libben oan mei miaukjen, mei't se leard hawwe dat har minsklike baaskes dêr folle better op reägearje as op har lichemstaal, dy't faak ûnopmerken bliuwt. Oare foarmen fan fokalisaasje binne spinnen, blazen en grânzgjen. Spinnen is in gûnzjend lûd dat katten yn 'e kiel meitsje as se tefreden en gelokkich binne, bygelyks as se oanhelle wurde of as se iten krije. Blazen is in siizjend leven by wize fan drigemint, dat makke wurdt mei de bek heal iepen en de tosken ûntbleate. Grânzgjen nimt by katten de foarm oan fan in lûd, sirene-eftich janken, dat leech fan toan begjint, dan heechtoaniger wurdt om úteinlik wer nei deselde lege toan werom te kearen.

De lichemstaal fan katten is in goede yndikaasje fan it sin. Fan belang binne dêrby fral de lichemshâlding en de stân fan 'e earen en de sturt. As de lichemshâlding ûntspand is, kin derfan útgien wurde dat de kat sels ek ûntspand is. Wannear't de sturt hinne en wer slacht, is de kat agitearre. As earen platteard wurde op 'e kop, is de kat lulk of fielt er him bedrige. In sturt dy't omheech stiet, jout in freonlike begroeting oan. It is ek in yndikaasje foar de posysje fan 'e kat yn 'e sosjale groep, want dominante katten stekke de sturt minder faak omheech as ûnderhearrige katten. By moetings mei oare katten is ek it tsjininoar oandrukken fan 'e noazen in skaaimerk fan in freonlike begroeting. Dat kin folge wurde troch sosjaal waskjen, wêrby't de iene kat de oare wasket (slikket).

In kattetonge by it waskjen.

Katten steane derom bekend dat it skjinne bisten binne, dy't in oansjenlike hoemannichte tiid warber binne mei it beslikjen fan 'e eigen pels om dy te ûnderhâlden. De tonge fan 'e kat is oan 'e boppekant oerdutsen mei stikeltsjes dy't mei de punt yn 'e rjochting fan 'e kiel steane. Dy stikeltsjes wurde tongestikeltsjes (papillae linguales) neamd; se binne likernôch 1/2 mm lang en har stivens wurdt feroarsake troch keratine (deselde stof dêr't ek neilen en hier fan makke binne). By it slikjen fan 'e pels fungearje de tongestikeltsjes as in soarte fan hierboarstel.

Dat betsjut dat katten in protte hier binnenkrije, en party katten, yn 't bysûnder eksimplaren fan langhierrige rassen, koarje út en troch in woarstfoarmige, 2–3 sm lange hierbal op, besteande út hier dat se trochslokt hawwe by it waskjen. Dat opkoarjen fan hierballen kin foarkomd wurde mei middels dy't derfoar soargje dat it trochslokte hier troch de terms giet en der fia de anus wer út komt mei de kjitte. Ek helpt it gâns as baaskes it hier fan harren katten geregeldwei kjimje of boarstelje en dêrmei in protte los hier ferwiderje foar't dat yn 'e mage fan 'e kat bedarje kin.

In pear jongkatsjes fan 14 wiken âld oan it boartsjen.

Nuete katten steane der ek om bekend dat se graach boartsje meie. Dat jildt benammen foar jongkatsjes, mar ek âldere katten litte har der faak noch wol ta ferliede. Mei sok hâlden en dragen wurdt it beslûpen, bespringen en deadzjen fan proaien neibeard, dat foar jongkatsjes is it in folslein natuerlik gedrachspatroan. Yn dierewinkels is alderhanne boartersguod foar katten te krijen dêr't se efteroan gean kinne, lykas in pear fearkes oan in triedzje dat wer oan in stokje fêstsit, of in in baltsje mei in beltsje deryn, dat foar de noas fan 'e kat lâns sleept wurde kin. Ek binne der plúsjen bisten te keap dêr't kattekrûd yn stoppe wurde kin, mei't katten sljocht binne nei de rook fan dat spul.

Behalven sabeare jeien dogge katten by boartsjen ek oan sabeare fjochtsjen, sawol ûnderling as mei minsken. Dêrby slane se mei in poatsje nei it poatsje fan in oare kat of nei de finger of hân fan in minske. Dat it mar boartsjen is, blykt út it feit dat de kat dêrby syn klauwen ynlutsen hâldt; as it him mienen wie, waarden de klauwen útskood. Ek besykje boartsjende katten soms in finger of hân of in oare kat te biten. Dêrby bite se net troch, hoewol't by minsken dan de toskleasten wol yn 'e hûd steane. Sok hâlden en dragen is evolúsjonêr ta ûntwikkeling kommen om katten de feardichheden oefenje te litten dêr't se ferlet fan hawwe yn echte gefjochten mei soartgenoaten om territoaria of de kâns op fuortplanting. It kin ek skoan wêze dat troch sok boartsjen de eangst saksearret dy't se fan natuere fiele by it oanfallen fan oare bisten.

Katten boartsje oer it algemien mear mei boartersguod as se honger hawwe. Se jouwe ornaris de foarkar oan boartersguod dat liket op 'e lytse pelsdragende bistkes dy't se fan natuere bejeie. Mar se reitsje fluch wend oan sok boartersguod en ferlieze der gau de belangstelling foar, nammenste mear om't it spul net echt ytber is. Kleaunen jern wurde (bedoeld of ûnbedoeld) ek faak brûkt as boartersguod, mar as jern of in toutsje troch de kat opfretten wurdt, kin it bestrûpt reitsjen oan 'e basis fan 'e tonge of fêst komme te sitten yn it yngewant fan 'e kat. Yn beide gefallen is in besyk oan 'e bistedokter needsaaklik.

In kat blaast wylst er syn rêch krommet.

By katten hingje boarren der folle mear ta oer om mei-inoar te fjochtsjen as poezen. Mank ferwyldere katten is de wichtichste reden foar it oangean fan in gefjocht konkurrinsje tusken twa boarren om in maartske poes. Yn sokke gefallen wurde de measte gefjochten wûn troch de swierdere boarre. By nuete, by minsken ynwenjende boarren is de wichtichste reden om te fjochtsjen de swierrichheid om ôfsûnderlike territoaria te fêstigjen yn ien-en-itselde hûs. Dat kin ek foar poezen in reden wêze om te fjochtsjen. Ferwyldere poezen fjochtsje fierders ek om har jongkatsjes te ferdigenjen. It kastrearjen fan nuete boarren kin it fjochtgedrach yn in protte gefallen ophâlde of teminsten saksearje litte, wat suggerearret dat it te krijen hat mei geslachtshormoanen.

As in kat agressyf is, makket er himsels sa grut mooglik om 'e tsjinstanner te yntimidearjen. Dat docht er troch syn hier op sawol it lichem as de sturt op te setten, de rêch te kromjen (in hege rêch te meitsjen) en mei de side nei de tsjinstanner stean te gean, sadat syn grutte better te sjen is. As dat net daliks effekt hat, folget blazen en lûd grânzgjen en úteinlik in hommelse, mar meastal koarte, gewelddiedige oanfal, wêrby't sawol de klaud, slein (nei de kop) as biten wurde kin. De earen wurde yn sa'n sitewaasje plat nei efteren ta op 'e kop lein om har by fysyk geweld te beskermjen tsjin skea, en mooglik ek om te harkjen oft der ek mooglik gefaar fan efteren ôf driget.

It lûd fan in grânzgjende en blazende kat.

Earnstige ferwûnings by sa'n gefjocht binne seldsum, nammenste mear om't de gefjochten yn 'e regel mar hiel koart duorje. De ferliezer naait al rillegau út en de slimste wûnen binne ornaris in pear skrammen op 'e earen of yn it gesicht. Gefjochten fan boarren om in maartske poes binne oer it algemien gewelddiediger as gefjochten om territoaria, en ferwûnings by sokke gefjochten kinne bytiden ek út djippe bytwûnen bestean, dy't ûntstutsen reitsje kinne. Sokke bytwûnen binne nei alle gedachten ek in wichtige manear foar de oerdracht fan it katte-AIDS. Geslachtsripe boarren binne yn har libben ornaris belutsen by gâns gefjochten en âldere eksimplaren hawwe faak in gesicht en earen dy't oerdutsen binne mei groeden. Behalven ûnderling fjochtsje katten soms ek mei oare bisten. Om har territoarium te ferdigenjen, of, yn it gefal fan poezen, om har jongen te beskermjen, binne se soms ree om bisten oan te fallen dy't grutter binne as sysels, lykas hûnen en foksen.

In kat beslûpt by it jeien syn proai.

De kat is in karnivoar rôfdier, dat lytsere bisten bejaget, yn 't bysûnder kjifdieren. Dat wie oarspronklik ek de reden foar harren domestisearring: om oanfraat troch lytse kjifdieren fan minsklike itensfoarrieden (nôt en oare lânbougewaaksen) foar te kommen. Katten brûke twa jachtstrategyen: aktyf efter in proai oangean, dy slûpendewei oer it mad komme en úteinlings gripe troch him op 'e hûd te springen, en troch yn in mûklaach ôf te wachtsjen oant in proai ticht genôch by komt dat er pakt wurde kin. Hokker fan dy beide jachtstrategyen tapast wurdt, hinget alhiel ôf fan 'e omstannichheden en de beskikbere soarten proai. By kjifdieren dy't ûndergrûnske hoalen oanlizze, wachtet in kat soms mei suver einleas geduld by de yngong fan 'e hoale. Fûgels wurde dan wer aktyf beslûpt.

In elemint fan it jachtgedrach fan katten dat noch altyd mar min begrepen wurdt troch mammalogen, is it oanbieden fan deade proaien troch katten oan har minsklike baaskes. In mooglike útlis is dat de kat "syn" minsken as leden fan syn sosjale groep beskôget en by oerskotdeading it fleis dat er sels net op kin diele wol mei de oare groepsleden. Dêrby hâldt en draacht de kat him neffens de dominânsjehierargy, wêrby't er de minsken behannelet as wiene se de lieders fan syn groep. In oare útlis is dat katten dy't soks dogge "harren" minsken krekt as jongkatsjes beskôgje, dy't fuorre wurde moatte of noch leare moatte om te jeien. Dy lêste teory sjocht oer de holle dat boarren ek proaien meinimme foar "harren" minsken, wylst boarren frijwol neat út te stean hawwe mei it grutbringen fan jongkatsjes.

In boarre en in poes oan it pearjen.

De kat stjit feromoanen ôf en nimt se ek waar. As de poes tyldriftich is, seit men dat se maartsk is. Dat bart net inkeld yn maart, mar ferskate kearen jiers, oant en mei augustus, hoewol't de earste kear ornaris wol yn maart falt. Yn 'e tropen giet de aaisprongsyklus fan 'e poes faak it hiele jier troch. Ien sa'n syklus duorret likernôch 21 dagen. As in poes maartsk is, makket se dat buorkundich fia har rookflaggen en teffens troch lûd te jammerjen. Dat lûkt faak ferskate boarren oan, dy't mei-inoar fjochtsje om it rjocht om mei de poes te pearjen. De winner wurdt ynearsten troch de poes ôfwiisd, mar hy hâldt oan en úteinlings lit se him syn gong gean. By de pearing giet it der by katten net sêftsinnich om en ta: de boarre bespringt de poes en hâldt har stevich beet troch yn har nekfel te biten. De poes jammeret lûd om't de penis fan 'e boarre tarist is mei in bân fan 120–150 nei syn lichem ta wizende penisstikels fan likernôch 1 mm lang, wêrmei't er syn penis yn 'e fagina fan 'e poes ferankeret. As de penis útlutsen wurdt, docht dat fansels sear, mar it tinken mank mammalogen is dat de poes dêrtroch seksueel stimulearre wurdt, wat de ovulaasje feroarsaket.

In nijberne jongkatsje.

Nei de pearing wasket de poes har geslachtsdiel yngeand. As in boarre dan noch mei har besiket te pearjen, falt se him mei uterste agresje oan. Nei 20–30 minuten, as de poes klear is mei waskjen, wurdt de fuortplantingssyklus werhelle, itsij mei deselde, itsij mei in oare boarre. Om't net eltse pearing in ovulaasje feroarsaket, hoecht de poes net foal te reitsjen fan 'e earste boarre dêr't se mei pearet. Boppedat binne katten superfruchtber, wat sizze wol dat de ûnderskate jongkatsjes út itselde nêst ferskillende heitten hawwe kinne. Wammear't de maartskens fan 'e poes foarby is, geane de boarren wer har wegen en hawwe dan fierders neat mear mei it hiele fuortplantingsproses te krijen.

De draachtiid duorret by de katten 64–67 dagen, mei in gemiddelde fan 65 dagen. Tsjin 'e ein fan dy perioade wurdt de poes ûngeduerich en siket se in skûlplak op om te befallen. Foar ferwyldere katten kin dat in beskut plak wêze tusken opgeande fegetaasje of de ferlitten hoale fan in wylde knyn. Boerekatten meitsje faak in nêsthoale yn it hea of strie fan 'e golle. Nuete hûskatten kinne ek in beskut plakje yn of om 'e hûs sykje, mar it komt ek foar dat se har yn 'e hûs sa noflik fiele, dat se gewoan yn in doaze of yn in koer yn wenkeamer befalle, yn it bywêzen fan harren baaskes. Ien nêst bestiet út 1–6 jongkatsjes, mei in gemiddelde fan 3. In geslachtsripe poes dy't datoangeande net yn har dwaan en litten beheind wurdt troch minsken bringt jiers yn trochsneed 1,4 nêsten jongen fuort, mei in absolút maksimum fan 3 nêsten. It earste nêst jongen fan in jonge poes is ornaris lytser yn oantal as de folgjende nêsten.

Húsgenoaten binne nijsgjirrich nei in nijberne jongkatsje.

Likernôch 66% fan 'e jongkatsjes wurdt berne mei de kop earst. By de berte binne de jongkatsjes dôf en blyn, mar se hawwe al wol hier. Mei 7–10 dagen geane de eachjes iepen en mei likernôch 17 dagen bart itselde mei de earkes. Oan 'e ein fan 'e twadde wike kinne de jongkatsje krûpe, mar noch net rinne; dat begjint pas mei likernôch 20 dagen. Mei 28–35 dagen begjinne de jongkatsjes foar it earst wat fêst iten te fretten, en mei 42–49 dagen wurde hielendal ôfwûn. Fan 28 dagen ôf leart de poes har jongen ek om op 'e kattebak te gean.[1] Omtrint 40–45 dagen krije de eagen har definitive kleur. Mei 55 dagen hawwe jongkatsjes har folsleine molkegebit en begjinne se jachttechniken te oefenjen. Mei likernôch 125 dagen (18 wiken) wurdt it molkegebit wiksele foar it fêste gebit.

Guon boarnen wolle hawwe, mei likernôch 64 dagen (8 wiken) is it de bêste tiid om jonge boarren kastrearje te litten, hoewol't de standertleeftyd dêrfoar 24 wiken bedraacht.[2] Dêrmei kin ûnwinske, geslachtsrelatearre hâlden en dragen, lykas agresje en it ôfsetten fan in territoarium troch it sproeien mei urine, foarkomd wurde. Sterilisaasje fan jonge poezen kin al mei 7 wiken plakfine, sadat se net maartsk wurde en lûdroftich jammerje om boarren te lokjen. Mei 9 wiken moatte jongkatsjes de earste faksinaasje krije foar kattesykte en proestsykte, mei 13 wiken folge troch de twadde faksinaasje. Sadree't se selsstannich fan 'e mem oerlibje kinne, mei likernôch 85 dagen (12 wiken), kinne jongkatsjes útparte wurde om nei in nij thús te gean.

In wite poes lit har ferskillend kleure jongkatsjes drinke.

Boarren binne mei 5–7 moannen geslachtsryp, en poezen mei 5–10 moannen. Wannear't dat krekt bart, hinget ôf fan it ras. De libbensferwachting fan nuete hûskatten (dus ferwyldere katten bûten beskôging litten) is de ôfrûne heale iuw drastysk omheech gien. Yn 'e 1980-er jierren libben sokke bisten yn trochsneed noch 7 jier, mar yn 1995 wie dat al 9,4 jier, en yn 2014 en 2023 waard beide kearen in gemiddelde fan 13 jier metten. Dat hat te krijen mei ferbetterings yn 'e feterinêre genêskunde, mar ek mei de taname fan it tal kastrearre en sterilisearre katten. Want kastrearre boarren libje hast 50% langer as boarren dy't seksueel aktyf binne, wylst sterilisearre poezen sels 62% langer libje as poezen dy't it iene nêst jongen nei it oare smite. Kastraasje en sterilisaasje hawwe lykwols ek in fermindere spiisfertarring en in gruttere ytlust ta gefolch, wat liede kin ta obesitas by katten. De maksimale libbensferwachting leit foar katten noch in stik heger. De âldste Nederlânske kat waard 28 jier, wylst de âldste kat fan 'e wrâld 38 jier wurden wêze soe. Oer it algemien binne sokke leeftiden dreech te kontrolearjen, mei't katten gjin bertebewiis hawwe. By raskatten is de bertedei lykwols yn harren stamboek registrearre.

Fretten en drinken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katten stilje har honger troch ferskate lytse mielen deis te beplúzjen. De frekwinsje fan it iten en de grutte fan 'e mielen ferskilt nei yndividu en wurdt ek beynfloede troch de omstannichheden. As der mear as ien kat yn in hûs libbet, of as it giet om in ferwyldere kat op in plak dêr't ek oare ferwyldere katten foarkomme, sil de kat mear yn ien kear ite út eangst dat it oars troch oare katten opfretten wurdt. In ienlingskat yn in húshâlding, dy't wit dat it iten der mei in pear oeren ek noch wol foar him stean sil, yt faak lytsere bytsjes tagelyk. Katten kieze har fretten op basis fan temperatuer, rook en struktuer. Se jouwe de foarkar oan iten op keamertemperatuer, en meie der oer it algemien min oer as har iten út 'e kuolkast komt. It leafst hawwe se wietfoer dat ryk is oan aminosoeren, dy't ek yn fleis sitte. Katten wize ornaris iten ôf dat se net kenne (neofoby) en leare fluch om iten te mijen dat har yn it ferline min smakke hat. Nuete hûskatten kinne it bêste ôfwikseljend drûchfoer (brokjes) en wietfoer foarset wurde, op fêste tiden deis.

In kat mei syn proai, yn dit gefal in hartemûs.

Yn 'e frije natoer, oft it no giet om ferwyldere katten dy't har eigen kostje byinoar skarrelje moatte, of om nuete hûskatten dy't sûnder dat it nedich is bûtendoar op jacht geane om't dat no ienris har ynstinkt is, fange en frette katten benammen kjifdieren en lytsere fûgels. Yn Noardwest-Jeropa binne yn dat ferbân benammen wichtich: de hûsmûs (Mus musculus), de fjildmûs (Microtus arvalis), de mosk (Passer domesticus) en de protter (Sturnus vulgaris). Ek lytse sûchdieren dy't gjin kjifdieren binne, lykas pipermûzen, wurde wol deade, mar dy smeitsje blykber min, want se wurde almeast ûnoanfretten lizze litten. Oare lytse bisten, lykas hagedissen en lytse slangen, kinne ek de proai fan in kat wurde. Katten binne yn in protte lannen en territoaria in wichtige faktor yn 'e predaasje fan lytse bistesoarten. Yn 'e Feriene Steaten allinnich al deadzje se jiers nei skatting 1,3–4 miljard fûgels en 6,3–22,3 miljard lytse sûchdieren, en yn Austraalje deadzje se jiers 466 miljoen lytse reptilen. De wichtichste jagers binne yn dat ferbân ferwyldere katten, dêr't der yn it foarste plak mear fan binne, mar dy't ek folslein fan 'e jacht ôfhinklik binne om't se ornaris net troch minsken fuorre wurde en dy't boppedat ek fierder fan 'e (troch minsken) bewenne wrâld ôf jeie. Mar nuete hûskatten kinne ek gâns lytse bisten deadzje, fral as se nachts bûtendoar litten wurde (wat dêrom sterk ôfret wurdt).

Wat drinken oangiet: de foarm en bou fan 'e wangen fan in kat binne net ôfdwaande om focht opsûge te kinnen. Dêrom drinke katten troch in floeistof mei de tonge op te slikjen. Oars as hûnen, dy't de tonge by it drinken ta in soart fan leppel foarmje, hâlde katten de tonge by it drinken stiif en plat. Mar de kattetonge is sa rûch, dat focht efter de ûneffenheden hingjen bliuwt. Katten slikje focht op mei in faasje fan 4 slikbewegings de sekonde. Fan natuere drinke katten inkeld wetter. Fan har baaskes krije se faak molke (kowemolke) foarset, en as se dêrmei grut wurden binne, fine se dat ek lekker, mar katten dy't wend binne om wetter te drinken, wolle op molke oer it algemien gjin bek sette. It lekkerst fan alles fine molkedrinkende katten bjist, de earste molke dy't in ko produsearret nei fan in keal befallen te wêzen, dy't ryk is oan fetten.

In kat drinkt út in fontein.

Hoewol't katten (om't se no ienris sûchdieren binne) as jongkatsje molke by de mem drinke, wurde de measten nei it ôfwennen laktoaze-yntolerant. Dat betsjut se eins as folwoeksen kat (de sûkers yn) molke net goed fertarre kinne en fan kowemolke yn 'e diarree reitsje of der alteast sêfte ûntlêsting fan krije. Dêrtroch binne molke en oare suvelprodukten lykwols ek faak goede en myld útwurkjende laksearmiddels, dy't brûkt wurde kinne as in kat lêst hat fan konstipaasje.

Beskate stoffen dy't foar minsken allinnich yn hege doazes giftich binne, kinne by katten al yn lege konsintraasjes fergiftigingsferskynsels feroarsaakje. It giet dêrby om alkohol, kafeïne, sûkelarje, dinne-oalje, etearyske oalje, leeljes, makademianuten, parasetamol en tabak.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nuete hûskat hat suver gjin natuerlike fijannen, mei't er dêrtsjin beskerme wurdt troch de minske. Ferwyldere katten hawwe ek net folle natuerlike fijannen, útsein beskate middelgrutte hûneftigen, lykas de prêrjewolf (Canis latrans) yn Noard- en Midden-Amearika, de goudjakhals (Canis aureus) en de Aziatyske wylde hûn (Cuon alpinus) yn dielen fan Aazje en Jeropa, en de sealjakhals (Lupulella mesomelas), de streekte jakhals (Lupulella adusta) en de Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster) yn Afrika en de dingo (Canis lupus dingo) yn Austraalje. Oer de hiele wrâld foarmet de domestisearre en ferwyldere hûn (Canis lupus familiaris) bytiden in gefaar. Yn dielen fan Aazje en Afrika moatte katten ek oppasse foar gruttere kateftigen, lykas de karakal (Caracal caracal) en it loaihoars (Panthera pardus), en datselde jildt yn 'e Nije Wrâld foar de poema (Puma concolor).

De katteflie (Ctenocephalides felis) is in ektoparasyt dêr't hast alle katten mei oanhelle binne.

Parasiten en sykten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas de measte bisten steane katten bleat oan in ferskaat oan ynwindige en útwindige parasiten. De bekendsten binne ektoparasiten lykas de katteflie (Ctenocephalides felis), de earmyt (Otodectes cynotis) en de skieppetyk (Ixodes ricinus). Fierders kin men tinke oan endoparasiten lykas de kattelintwjirm (Taenia taeniaeformis), de hertwjirm (Dirofilaria immitis) en oare soarten rûnwjirms (Nematoda), en koksidia (Coccidiasina).

In kattemummy út 'e Egyptyske Aldheid.

Bekende sykten dêr't katten lêst fan hawwe kinne, binne: kattesykte en proestsykte (dêr't de measte nuete hûskatten elts jier tsjin yninte wurde), en fierders: katte-AIDS (FIV), katteherpes (FHV), kattekoroana, katteleukemy, kattemûlesykte, kattesûkersykte, hûnsdûmens (rabiës), hypertrofyske kardiomyopaty (HCM), parvoviroaze (katteparvo), systenieren (PKD) en toksoplasmoaze. Wat ek gauris foarkomt, benammen by âldere katten, is grús yn 'e blaas, wat pine en bloed yn 'e urine feroarsaket. De kat moat dan foar de rest fan syn libben spesjaal foer hawwe.

Katten yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Alde Egypte waarden katten fereare as hillige bisten, en de goadinne Bastet waard gauris yn 'e foarm fan in kat ôfbylde, hoewol't se bytiden ek in oarlochssuchtich aspekt oannaam en dan as liuwinne ferskynde. De Aldgrykske skriuwer Herodoatus, dy't libbe yn 'e fyfde iuw f.Kr., rapportearre dat it yn syn tiid yn Egypte ferbean wie om in kat te deadzjen, en dat de hiele húshâlding yn rou wie en as teken dêrfan de wynbrauwen ôfskearde wannear't in kat deagie dy't as húsdier holden waard. Begoedige lju brochten harren deade kat nei de stêd Bûbastis, dêr't er balseme en yn in hillige tombe begroeven waard. Herodoatus ferhelle fan syn ferbjustering oer it bestean fan domestisearre katten, mei't er yn Grikelân inkeld fan it bestean fan wylde katten ôfwist.

De Hillige Famylje, skildere troch Gregorio Vásquez de Arce y Ceballos (16381711), mei loftsûnder, oan 'e fuotten fan 'e Faam Marije, in kat.

De gongbere term foar "kat" wie yn it Aldgryksk ailouros, dat letterlik "ding mei de swaaiende sturt" betsjut. Katten wurde yn 'e Aldgrykske literatuer mar komselden neamd, wat derop wiist dat se gjin grutte rol yn 'e kultuer fan it Alde Grikelân spilen. Letter synkretisearren de Griken harren eigen goadinne fan 'e jacht, Artemis, mei de Egyptyske goadinne Bastet, en namen dêrby Bastet har assosjaasje mei katten oer foar Artemis. Mei't de Romeinske goadinne Diana noch wer letter lykslein waard mei Artemis, rekke ek sy mei katten assosjearre: wannear't yn 'e Feroarings fan Stal fan 'e Romeinske skriuwer Ovidius de goaden nei Egypte flechtsje en de foarmen fan bisten oannimme, feroaret Diana yn in kat.

Yn 'e Iere Midsiuwen waarden in protte fan 'e assosjaasjes fan Artemis/Diana oangeande katten troch kristenen oerhevele nei de Faam Marije. Katten binne gauris te sjen op ikoanen fan 'e Oankundiging fan 'e Berte fan Jezus en fan 'e Hillige Famylje. Neffens de folkloare fan Itaalje soe der op 'e nacht fan 'e Berte fan Jezus yn Betlehim ek in poes befallen wêze fan in jongkatsje.

Yn 'e Noardske mytology wurdt Freyja, de goadinne fan 'e leafde en de skientme, wol ôfbylde as reizgjend yn in striidwein dy't lutsen wurdt troch katten.

Neffens de (apokrife) leginden fan it joadendom soe de earste kat yn it hûs fan 'e earste man Adam libbe hawwe om dêr op 'e earste mûs te jeien. Dyselde kat gie in ferbûn oan mei de earste hûn, dat lykwols troch de hûn mei eedbrek ferbrutsen waard. Dat resultearre yn sa'n ûnmin tusken de beide bisten, dat har neikommelingen inoar hjoed de dei noch altyd nei it libben steane.

Fral swarte katten binne it ûnderwerp fan in protte byleauwe.

Hoewol't de islaam gjin hillige bisten erkend, steane katten by moslims heech yn oansjen. Neffens Westerske skriuwers soe dat komme trochdat de profeet Mohammed in kat mei de namme Mûezza as húsdier hie, dêr't er o sa fan hold. De profeet soe trouwens alle katten graach lije meien hawwe. Neffens de ferhalen soed er "leaver sûnder mantel gien wêze as dat er in kat steurde dy't [op 'e mantel] lei te sliepen." Dy ferhalen hawwe gjin wjergaders by islamityske skriuwers, en it liket der sterk op dat de profeet troch bûtensteanders betize is mei in lettere sûfistyske hillige, Achmed ar-Rifaï.

Byleauwe en wreedheden foar katten oer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in protte kultueren bestiet byleauwe om katten hinne. Yn 'e Westerske kultuer wurdt bygelyks sein dat it ûngelok bringt as in swarte kat jins paad krúst. In oar byleauwe is dat yn 'e measte lannen sein wurdt dat in kat njoggen libbens hat. Yn Itaalje, Dútslân, Grikelân en Brazylje wurdt it tal kattelibbens net op njoggen, mar op sân steld, en yn 'e Arabyske wrâld is it oantal seis, mar it idee derefter bliuwt gelyk. It komt fuort út 'e natuerlike linigens en fluggens fan katten, wêrmei't se ûnskansearre witte te ûntkommen oan skynber libbensbedriigjende sitewaasjes.

Wreedheden tsjin katten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Midsiuwen waarden katten troch kristenen mei hekserij assosjearre en waard tocht dat katten liedgeasten fan heksen wiene. It soe skoan kinne dat dat kaam om't harren nachtlike 'konserten' mei de machten fan it tsjuster yn ferbân brocht waarden. As útfloeisel dêrfan fûnen der grutte wreedheden tsjin katten plak. Op it hichtepunt fan 'e hekseferfolging, yn 'e fjirtjinde iuw, waarden se yn grutte oantallen deamakke troch se te ferbrânen en dea te kneppeljen.

Kattekneppeljen yn it 19e-iuwske Kopenhagen.

Ut deselde tiid stammen ek de saneamde kwelspullen, wêrby't katten it doel fan wreedheden en bistemishanneling waarden om gjin inkele oare reden as foar folksfermaak. Sa wie it yn it sechstjinde-iuwske Frankryk noch folslein akseptearre om katten libben te ferbrânen foar de amusemintswearde. Neffens de Ingelske histoarikus Norman Davies "geiden de gearklofte lju it út fan it laitsjen wylst de bisten, dy't jammeren fan 'e pine, teskroeiden, roasteren en úteinlings ferkoallen." Fan 'e jiske dy't oerbleau waard soms troch de taskôgers wat mei nei hûs nommen om't it gelok bringe soe.

Kattekneppeljen wie in oar folksfermaak, dat ek yn Nederlân noch oant yn 'e njoggentjinde iuw foarkaam. Dêrby waard in kat yn in fet opsletten en it fet oan in tou ophongen dat tusken in pear peallen of beammen spand wie. Dêrnei mochten dielnimmers oan it spul om bar in kneppel tsjin it fet oan smite. Wa't de kneppel goaide dy't it fet stikkensloech wie de winner. It hichtepunt fan it fermaak wie de ûntsnapping út it stikkensleine fet fan 'e panyske kat, dat mei grutte hilariteit begroete waard.

In dame yn in jas fan kattebûnt (1940).

Katten wurde ek al lange tiid brûkt foar de ynternasjonale hannel yn bûnt en lear, foar it meitsjen fan jassen, bûntmûtsen, tekkens, plúsjen bisten, skuon, wantsjes en snaarynstruminten (dy't yn it ferline faak mei stringen fan katteterm bespand waarden). Foar it meitsjen fan in kattebûnten jas moatte likernôch 24 katten deade wurde. Yn 'e Feriene Steaten is it gebrûk fan katten yn 'e pelsdierfokkerij sûnt 2000 ferbean, en de Jeropeeske Uny (doe noch ynkl. it Feriene Keninkryk) hat der yn 2007 it near op lein. Der sit gâns byleauwe om it gebrûk fan kattepelzen hinne. Sa soene se reuma genêze (in bewearing dêr't gjin inkele wittenskiplike basis foar bestiet), of gaadlik wêze foar it útoefenjen fan hekserij. Yn Switserlân wurde noch altyd tekkens fan kattebûnt produsearre.

Hoewol't katten oarspronklik troch minsken domestisearre waarden om as ûngediertebestriders te fungearjen, ferfolje de measte nuete hûskatten tsjintwurdich inkeld noch de rol fan selskipsdier. Wrâldwiid is de kat it op ien nei populêrste húsdier nei de hûn. Wittenskippers tinke dat de omgong mei katten by minsken dy't lije oan in te hege bloeddruk in posityf effekt hawwe kin, om't it oanheljen fan katten rêst bringt en dêrmei de bloeddruk ferleget. Ek binne der fermoedens dat bern dy't opgroeie yn in húshâlding dêr't in kat as húsdier holden wurdt, as folwoeksene minder kâns hat om allergyen te ûntwikkeljen.

In kat foar kontrôle by de bistedokter.

Der wurdt in protte mei katten fokt, en sadwaande binne der in grut tal katterassen ûntwikkele. Op katteshows wurde raskatten ynskreaun foar wedstriden wêrby't se keurd wurde troch in faksjuery neffens de standerts fan in beskaat ras. Under de wet- en regeljouwing fan Nederlân en de Jeropeeske Uny is it ferbean om katten fan beskate rassen te fokken, te ferhanneljen en te hâlden, om't de winske lichaamlike rasskaaimerken in negative ynfloed hawwe op 'e sûnens en it libbensgenot fan 'e bisten (bgl. in te koarte snút dy't liedt ta swierrichheden by it sykheljen of hierleazens liedend ta kjeldlijerij).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wikiwurdboek-side - kat
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Turner, D.C. en Bateson, P., The Domestic Cat: The Biology of its Behaviour, Cambridge, 2000 (Cambridge University Press).
  2. Peeters, E., Vroegcastratie: Uw Katje Laten Helpen op Jonge Leeftijd, 2008 (Majesteit), s. 36–38, 58.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.