Indiana

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Indiana
Flagge fan Indiana Sigel fan Indiana
Map of USA highlighting Indiana.png
Ofkoarting IN
Haadstêd Indianapolis
Tiidsône -5 / -6
Algemien
Oerflakte 94.321
Befolking 6.237.569
Oare ynformaasje
Tatreden 11 desimber 1816
Oantal countys 92

Indiana is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Indianapolis.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids waard Indiana befolke troch in grut ferskaat oan Yndiane-stammen. De namme betsjut dan ek "Lân fan de Yndianen". Nei de ûntdekking fan Amerika troch Kolumbus kamen de Jeropeanen. Oant it midden fan de 18e iuw hienen ynearsten de Frânsken it foar it sizzen, dêrnei kaam it yn Ingelske hannen. Op 11 desimber 1816 waard Indiana de 19e steat fan de Feriene Steaten. By de Amerikaanske boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.

De ynwenners wurde al sûnt de jierren tritich fan de 19e iuw Hoosiers neamd. Oer de oarsprong fan dy namme besteane útinoar-rinnende teoryen.

Geografy en klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steat Indiana is 94.321 km² grut en leit foar in grut part yn de Eastern tiidsône. De útsûndering is it noardwesten, dat ta de Central tiidsône heart. Indiana grinzet yn it noarden oan de steat Michigan, yn it westen oan Illinois, yn it easten oan Ohio en yn it suden oan Kentucky. Indiana leit oan de Michiganmar. De hiele súdgrins wurdt foarme troch de rivier de Ohio. De steat is frij flak; it heechste punt leit mar 383 meter boppe seenivo.

Indiana hat oer in fochtich lânklimaat mei hite, fochtige simmers en koele oant kâlde winters.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia