Generaal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In generaal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is yn prinsipe admiraal. (Yn 'e Nederlânske kriichsmacht, dêr't de rang fan admiraal yn ûnbrûk rekke is, is it ekwivalint fan generaal by de marine eins luitenant-admiraal.) Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebêst, hawwe foar generaal by de loftmacht ynstee de rang opperloftmaarskalk (air chief marshal). Yn 'e measte legers dy't de rang fan generaal hawwe, is it mei-iens ek de heechste rang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas maarskalk, fjildmaarskalk of generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal'). De term 'generaal' is eins in ôfkoarting fan it ferâldere kaptein-generaal, dat yn it begjin fan 'e santjinde iuw yn gebrûk wie, en wêrby't de tafoeging 'generaal' safolle betsjut as "algemien" (dus 'algemien kaptein').

As de term 'generaal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerregeneraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens fjouwer stjerren omfetsje. Der besteane noch trije legere gradaasjes fan generaals: luitenant-generaal (trije stjerren), generaal-majoar (twa stjerren) en brigadegeneraal (ien stjer). Yn guon legers komt de brigadegeneraal net foar. It Dútske leger, oan 'e oare kant, hie oant 1945 noch in ekstra gradaasje, de kolonel-generaal (Generaloberst), dy't tusken generaal (mei fjouwer stjerren) en fjildmaarskalk yn stie. Alle gradaasjes fan generaals wurde oansprutsen mei "generaal".

Skematysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e generaalsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
maarskalk
of fjildmaarskalk
of generaal fan it leger
grutadmiraal
of admiraal fan de float
maarskalk fan de loftmacht
generaal admiraal
of luitenant-admiraal
generaal
of opperloftmaarskalk
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk
generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar
of fise-loftmaarskalk
brigadegeneraal kommandeur commodore

Befel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Generaals fiere it befel oer gruttere formaasjes, dy't gauris gearstald binne út ferskillende ienheden fan faak ûnderskate wapens, lykas ynfantery, artillery, kavalery, sjeny, ferkenningsienheden, ensfh. Sokke formaasjes kinne legers, legerkorpsen, difyzjes of brigades wêze. Dêrby stiet in leger ûnder it befel fan in generaal (mei fjouwer stjerren); in legerkorps ûnder dat fan in luitenant-generaal; in difyzje ûnder dat fan in generaal-majoar; en in brigade ûnder dat fan in brigadegeneraal. As der mear as ien leger ûnder it befel fan deselde ofsier pleatst wurdt, sprekt men fan in legergroep; oer sokke legergroepen wurdt it befel fierd troch in maarskalk of in fjildmaarskalk.

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
(NATO rang OF-10)
Nl-marine-vloot-admiraal.svg admiraal
admiraal
(út tradysje; rang bestiet net mear)
NATO rang OF-9
Nl-landmacht-generaal.svg generaal
generaal
Nl-marine-vloot-luitenant admiraal.svg luitenant-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: generaal)
Nl-luchtmacht-generaal.svg generaal
generaal
NATO rang OF-8
Nl-landmacht-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal
Nl-marine-vloot-vice-admiraal.svg fise-admiraal
admiraal
(by it Korps Mariniers: luitenant-generaal)
Nl-luchtmacht-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal
Nl-marechausee-luitenant generaal.svg luitenant-generaal
generaal
NATO rang OF-7
Nl-landmacht-generaal majoor.svg generaal-majoar
generaal
Nl-marine-vloot-schout schout bij nacht.svg skout-by-nacht
skout-by-nacht
(by it Korps Mariniers: generaal-majoar)
Nl-luchtmacht-generaal majoor.svg generaal-majoar
Generaal
Nl-marechausee-generaal majoor.svg generaal-majoar
Generaal
NATO rang OF-6
Nl-landmacht-brigade generaal.svg brigadegeneraal
generaal
Nl-marine-vloot-commandeur.svg kommandeur
kommandeur
(by it Korps Mariniers: brigadegeneraal)
Nl-luchtmacht-commodore.svg commodore
commodore
Nl-marechausee-brigade generaal.svg brigadegeneraal
generaal

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.