Loftmacht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
1rightarrow.png Dizze side giet oer it begryp 'loftmacht' yn it algemien. Foar de Nederlânske loftmacht, sjoch: Keninklike Loftmacht.

In loftmacht is dat diel fan 'e kriichsmacht fan in steat, dat him taleit op it fjochtsjen yn of fanút de loft. Dêrby wurdt gebrûk makke fan strieljagers, bommesmiters, helikopters en oarsoartige fleanmasines. Njonken de beneaming 'loftmacht' wurdt nei dit diel fan 'e striidkrêften ek wol ferwiisd mei de term it loftwapen. De namme fan 'e Dútske loftmacht, de Luftwaffe, betsjut ek letterlik "loftwapen". It is in wiidferspraat misferstân dat in loftmacht foar it meastepart út piloaten bestiet; fierwei it grutste diel fan it loftmacht wurdt nammentlik opmakke út grûnpersoneel dat nea of frijwol nea yn 'e loft komt.

By de measte (mar net alle) kriichsmachten wurdt der organisatoarysk ûnderskie makke tusken de lânmacht, de marine (of seemacht) en de loftmacht, en binne dat ûnderdielen dy't grutdiels ûnôfhinklik faninoar operearje. It doel fan in loftmacht is om it loftrom fan it eigen lân te ferdigenjen en dêrby de oare kriichsmachtûnderdielen te ûnderstypjen. Yn it gefal fan in oanfalsoarloch is it doel om 'e loftmacht fan 'e fijân út te skeakeljen en oare strategyske en taktyske bombardeminten út te fieren. De eardere Sovjet-Uny hie twa ferskillende loftmachten, wêrfan't de iene him talei op loftferdigening, wylst de oare tawijd wie oan oanfalstaken. Yn lannen dy't oer nukleêre wapens beskikke, binne dy yn 'e regel ek by de loftmacht yndield.

Mei't de oarlochfiering yn 'e loft ornaris as in yntegraal ûnderdiel sjoen wurdt fan 'e moderne oarlochsstrategy, wolle oare kriichsmachtûnderdielen (as de loftmacht) faak ek frij beskikke kinne oer eigen loftienheden. Sadwaande omfiemje in soad marines en beskate lânmachten yn 'e wrâld oer in eigen loftmachtkorps. De Keninklike Lânmacht fan Nederlân beskikt bgl. oer in Loftmobile Brigade dy't tarist is mei helikopters, en yn alle lannen dy't in float mei ien of mear fleandekskippen hawwe, hat de marine eigen gefjochtsfleantugen en/of bommesmiters. Ek yn lannen sûnder fleandekskippen beskikt de marine yn 'e regel oer helikopters foar dûkboatbestriding. En yn 'e Feriene Steaten, hat ek it marinierskorps eigen loftmachtienheden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.