Luftwaffe

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer in organisaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Logo 1935-1946
Logo 1955-hjoed

De Luftwaffe is de namme foar de Dútske loftmacht.

Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1933 krijt Hermann Göring opdracht fan Adolf Hitler om de loftmacht út te wreidzjen. Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich hienen de Dútsers de sterkste loftmacht mei 2 miljoen minsken en 200.000 fleanmasinen. Nei de Slach om Ingelân waard it hurd minder mei de Luftwaffe. Ferneamde typen fleanmasinen fan de Dútske loftmacht yn 'e Twadde Wrâldkriich wienen de Junkers Ju-87 'Stuka', Focke-Wulf Fw 190 en de ferskate Messerschmitt's.

Fleantugen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Fjochtfleantugen
Transport

Bundesluftwaffe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West-Dútslân waard NAFO-lid yn 1955 omdat it westen wol in bûnsmaat tsjin de Sowjetuny brûke koe. Mei help fan de Amerikanen krige West-Dútslân yn 1956 op 'e nij in loftmacht. De Luftwaffe hie gâns problemen mei de F-104 Starfighter dêr't 292 fan delstoarten en 115 piloaten by stoaren. It die bliken dat it probleem mei training fan de piloaten te krijen hie en fuort krigen de piloaten harren oplieding yn de Feriene Steaten. Neidat West en East yn 1990 gearfoege waarden ta ien Dútslân krige de Luftwaffe hookstrooks materieel fan de Luftstreitkräfte der Nationale Volksarmee ta syn foldwaan. In aardichheidsje wiene de nije MiG-29 'Fulcrum' dêr't letter de Eurofighter Typhoon foar yn it plak kommen is.