Junkers Ju 87
Appearance
(Trochferwiisd fan Junkers Ju-87)
Junkers Ju 87 Stuka | |
---|---|
| |
Fabrikant | Junkers |
Earste flecht | 17 septimber 1935 |
Yn tsjinst | Maitiid 1937 |
Produksjejierren | 1937 oant 1944 |
Tal makke | 5.752 |
De Junkers Ju 87 wie in ienmotorige taktyske dûkbommesmiter fan de Dútske Luftwaffe sûnt 1933 en bekend wurden yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy is fral bekend as Stuka, offisjeel de ôfkoarting fan it Dútske wurd Sturzkampfflugzeug, mar dat waard de eigennamme fan de Ju 87. Hy waard ûntwurpen troch Hermann Pohlmann en boud troch de firma Junkers.
De Stuka fleach foar it earst yn 1935 en hie syn fjoerdoop yn 1936 yn de Spaanske Boargerkriich by it Kondor Legioen fan de Luftwaffe.
De Ju 87 waard teffens brûkt troch de Italjaanske loftmacht en hie dêr de bynamme Picchiatello. Ek de Hongaarske, Roemeenske en Bulgaarske loftmachten hawwe de Stuka ta foldwaan hân.
Technyske gegevens (Ju 87 B en D)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Langte: 11,00 m
- Hichte: 3,77 m
- Spanwiidte: 13,80 m (B-1), 15,00 m (D-5, G-2)
- Draachoerflak fleugels: 31,9 m², 33,60 m² (D-5, G-2)
- Gewicht, leech: sa'n 2.750 kg (B-1, D-1), mei ekstra lading 4.250 kg (B-1), 5.720 kg (D-1), 6.585 kg (D-5).
- Oandriuwing: ien floeistofkuolle Junkers Jumo 211-V12-motor
- Ju 87 B-1: Jumo 211A fan 1.000 hk (736 kW) startfermogen
- Ju 87 B-2: Jumo 211D fan 1.200 hk (883 kW) startfermogen
- Ju 87 D-/G-Searje: Jumo 211J fan 1.420 hk (1.044 kW) startfermogen
- Topfaasje: 390 km/o (B-1), 408 km/o (D-1), 402 km/o (D-5)
- Tsjinstplafond: 8.000 m (B-1), 7.320 m (D-1, D-5)
- Fleanberik: mei gewoane bomlading 550 km (B-1), 820 km (D-1,D-5)
- Bewapening Ju 87B:
- Bewapening Ju 87D:
- twa 7,92-mm-MG 17 (D-5: twa 20-mm fluchfjoerkanonnen 151/20) yn de fleugels
- ien dûbele 7,92-mm MG 81 Z op de romp efter
- Bommelading:
- ien fan oant 1.400 kg ûnder de romp (D-5: oant 1.800 kg)
- ien fan 500- of 1.000 kg ûnder de romp, fjouwer fan 50- of 70 kg ûnder de fleugels
- Pot AB 250, AB 70 en AB 50 mei 224,50 of 40 lytse bommen fan 1 kg
- ferskaat oan spesjale wapens lykas 2 kg-bomkes of in hâlder mei mear as ien masinegewear