V-motor

Ut Wikipedy
In BMW VI V-motor

In V-motor is in type ferbaarningsmotor, in linemotor, mei it skaaimerk dat twa silinders of rigen silinders yn in "V"-foarm foar elkoart en fan de krukas oer steane.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

V-motoren wurden fral brûkt yn fiertugen en fleantugen mei net safolle romte. Troch de silinders skean tsjinoer elkoar te setten nimt in V-motor safolle romte net yn as in line- of boksermotor mei deselde silinderynhâld. Teffens trillet sa'n motor sa folle net: de krukas kin koarter holden wurde, wêrtroch't der net sa folle momint yn optreedt. Yn auto's krijt de driuwstange fan twa tsjinoer elkoar lizzende silinders meast tegearre ien kruktap; dêrtroch wurdt noch mear romte besparre.
Net elts type V-motor rint fan natuere kalm en lykmjittich; feitlik rinne allinnich V-motoren mei 8, 12 en 16 silinders sûnder in protte swierichheden. Yn V-motoren mei in oar tal sûgers (bygelyks 2, 4, 6 of 10) wurde yn it generaal ien as mear balânsassen brûkt om trillingen foar te kommen.

De hoeke tusken de twa rijen silinders fan de V-motor ferskilt fan motor oant motor.

L-motor[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In 90º V-motor wêrfan't ien sylinder(blok) (hast) plat leit wurdt ek wel L-motor neamd.