Boksermotor
In boksermotor is in ferbaarningsmotor mei de silinderpearen (benei) rjocht tsjinoer elkoar pleatst. Sadwaande bliuwt it motorblok frijwat plat en komt it swiertepunt fan it reau mei sa'n motor leger te lizzen, wat in posityf effekt hat op de rydeigenskippen. In oar foardiel is dat de motor perfekt yn balâns is, meidat de krêften fan de tsjinoer inoar lizzende sûgers elkoar opheffe.
De boksermotor is súksesfol tapast yn sawol auto's as motorfytsen en is in populêre motor foar lichte fleanmasines.
De boksermotor waard 1896 fan Carl Benz útfûn. Benz neamde him „Contra-Motor“, en boude de motor 1897 foar it earst yn in auto, Model „Dos à Dos“ (Frânsk foar 'rêch oan rêch').
De Ingelske namme foar de fjouwersilinderboksermotor is flat four; foar de twasilinderboksermotor is it flat twin of boxertwin; en de Ingelske beneaming foar de seissilinderboksermotor is flat six.
-
1954 BMW "Boxer" motorfytsmotor
-
De luchtkuolle boksermotor fan de Folkswein út 1945
-
UL260i, fjouwersilinder fleanmasinemotor
-
1969, Hino Motors, tolvesilinder bokserdiesel yn it Japansk Transport Museum yn Chiyoda-ku Tokyo
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boksermotor fan Wikimedia Commons. |