Messerschmitt Bf 110
Messerschmitt Bf 110 | |
---|---|
| |
Rol | (jacht)bommesmiter, swiere oanfalsjager, nachtjager |
Makker | Messerschmitt AG |
Earste flecht | 12 maaie 1936 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | 1945 |
Tal makke | 5.760 oant 6.170 [1]
(1939-1945) |
Grutste brûkers | Luftwaffe, Hongaarske Loftmacht, Regia Aeronautica (Itaalje), Roemeenske Loftmacht |
De Messerschmitt Bf 110 (letter Me 110) wie in twa-motorige, hielendal fan metaal makke, lichte (jacht)bommesmiter (Zerstörer), yn tsjinst fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.
It ûntwerp wie it gefolch fan de fraach fan it Reichsluftfahrtministerium (RLM), oantrune fan Hermann Göring, om in nije jachtfleanmasine dy't yn ferskillende rollen brûkt wurde koe, in saneamde Kampfzerstörer. Op dat stuit wie de Bf 110 syn konkurrinten (Focke-Wulf Fw 187 en Henschel Hs 124) de baas.
It tastel hat de hiele kriich troch tsjinst dien, yn it lêstoan neist syn opfolgers, de Messerschmitt Me 210 en de Me 410.
De Bf 110 wie tige súksesfol yn de kampanjes tsjin Poalen, Noarwegen en Frankryk. Yn de Slach om Ingelân die bliken dat er fierstende swak wie foar de ienmotorige jagers oer dat syn oarspronklike taak (it beskermjen fan bommesmiters oer langere ôfstân) koe neat fan komme. De Bf 110 wie net manoevrearber genôch fergelike mei de Britske Spitfire en Hurricane. Dat kaam ûnder oaren troch it grutte gewicht fan de boardkanonnen yn de noas fan it tastel. Yn de Slach om Ingelân wie it faak sa dat men sa drok wie mei it elkoar te beskermjen dat fan it ferdigenjen fan de bommesmiters neat mear te lâne kaam.
It tastel waard doe, oan it Westlik front, ynset as nachtjager. Dat waard in súkses út reden fan it grutte fleanberik, deeglike konstruksje, fjoerkrêft en de romte foar in radarynstallaasje dy't it tastel biede koe. Beruchte azen út de Dútske Nagdjagd wienen ûnder oaren Heinz Wolfgang Schnaufer, Helmut Lent en Egmont Prinz zur Lippe Weissenfeld. Alle trije wienen tydlik stasjonearre op Fliegerhorst Ljouwert. Schnaufer slagge it om op íén dei 9 bommesmiters del te heljen (dêrfan 7 nachts).
Yn de WOII wienen der ek 40 Bf 110's stasjonearre op de Fliegerhorst Deelen yn it 3e Zerstörergeschwader.
Rudolf Hess
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 maaie 1941 brûkte Rudolf Hess in oanpaste Bf110D om fan Augsburch nei Skotlân te fleanen, mei fredesútstellen oan it Feriene Keninkryk.
Spesifikaasjes (Messerschmitt Bf 110 C-4)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- bemanning: 2 (3 foar nachtjagers)
- lingte: 12.3 m
- spanwiidte: 16.3 m
- maks. hichte: 3.3 m
- totaal oerflak: 38.8 m²
- leechgewicht: 4,500 kg
- maks. laadgewicht: 6,700 kg
- motor: 2 Daimler-Benz DB 601B-1
- type moter: floeistof kuolle V-12
- motorfermogen: 1,100 PS (1,085 pk)
- heechste faasje: 560 km/h
- maks. fleanberik: 2,800 km
- plafond: 10,500 m
- maks. lading: 173 kg/m²
- bewapening:
- 2 × 20 mm MG FF kanonnen (180 rpg - 3 drums mei 60 patroanen, kanon waard yn de flecht opnij laden troch de boardskutter of radiotelegrafist)
- 4 × 7.92 mm MG 17 masinegewearen (1,000 rpg)
- 1 × 7.92 mm MG 15 masinegewearen foar ferdigening, efterste cockpit
Spesifikaasjes (Messerschmitt Bf 110 G-2)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut Messerschmitt BF 110/Me 210/Me 410: An Illustrated History
- bemanning: 2 (3 foar de nachtjagerfariant)
- lingte: 12.3 m
- spanwiidte: 16.3 m
- hichte: 3.3 m
- totaal oerflak: 38.8 m²
- laadgewicht: 7,790 kg
- motor: Daimler-Benz DB 605B
- type: 2 floeistofkuolle V-12
- motorfermogen: 1,475 PS (1,455 pk)
- maks. faasje: 595 km/h
- fleanberik: 900 km (1,300 mei droptanks)
- plafond maks.: 11,000 m
- stiichfaasje: 8 min to 6,000 m (20,000 ft)
- belesting: maks. 243 kg/m²
- bewapening:
- 2 × 20 mm MG 151 kanonnen (750 patroanen: 350 rpg + 400 rpg rounds)
- 4 × 7.92 mm MG 17 masinegewearen 4,000 patroanen, 4 x 1,000)
- 1 × 7.92 mm MG 81Z dûbel masinegewear mei 1,700 patroanen (2 x 850)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferlikbere fleantugen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bristol Beaufighter
- Focke-Wulf Fw 187 Falke
- Fokker G.I
- Potez 630 C3
- Kawasaki Ki-45
- Lockheed P-38 Lightning
- Nakajima J1N
- Petlyakov Pe-2
- PZL.38 Wilk
- Westland Whirlwind
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|