Focke-Wulf Fw 190

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Focke-Wulf Fw 190 wie in jachtfleantúch dêr't de Luftwaffe mei fleach yn 'e Twadde Wrâldkriich. Wilens de kriich binne der 20.000 produsearre, dêrfan wiene 6.000 as bommewerper ornearre. De Fw 190 wie populêr ûnder de piloaten. De Fw 190 hie in grut ferskaat mooglikheden, lykas doelen op 'e grûn oanfalle, it begelieden fan bommewerpers oer lange ôfstannen, koe nachts brûkt wurde en koe (benammen de "D" ferzje) heech yn 'e loft oare fleantugen ûnderskeppe.

Yn 'e hjerst fan 1937 frege it Reichsluftfahrtministerium (Ryksloftfeartministery) oan ferskate ûntwerpers om mei in ûntwerp te kommen foar in nije fjochtfleanmasine. in De ûntwerper fan de Fw 190 wie Kurt Tank. Hy wurke gear mei in keppel ûntwerpers en ynzenjeurs dêr't in part fan sels piloat wie. Hy fûn it wichtich de piloaten deryn te behelllen, omdat dy ûnderfining hiene mei praktyske technyske problemen.

Produksje Focke-Wulf Fw 190
Jier Jachtfleantugen Bommewerpers
1941 226 gjin
1942 1.850 68
1943 2.171 1.183
1944 7.488 4.279
1945 1.630 1.104

Fw 190 A[bewurkje seksje | edit source]

Focke-Wulf Fw 190 A

Fan de Fw 190 A binne njoggen ferzjes, de Fw 190 A-1 oant en mei Fw 190 A-9. It earste model (Fw 190 A-1) wie ree yn juny 1941. Nei it testen waard de Fw 190 A-1 krekt bûten Parys stasjonearre. Mei de A-3 kaam ek de earste Umrüst-Bausätze. De U1 hie in ETC-501 krige in bommehâlder. De U2 hie trije RZ 73 mm raket lansearders yn beide wjukken. Mei de U3 waard de Fw 190 A-3 in jachtbommewerper, eltse wjuk krige in ETC-501 bomhâlder en SC-50 bom. De U-4 wie in type om mei te ferkennen, dy ferzje hie twa Rb 12.5 kamera's. Alles meiinoar binne der 13,291 Fw 190A produsearre.

Fw 190 B[bewurkje seksje | edit source]

De Fw 190 B is yn 'e testfase stykjen bleaun. It soe in fleanmasine wurde moatte mei bettere prestaazjes heger yn 'e loft. Der binne mar fjouwer Fw 190 B produsearre.

Fw 190 C[bewurkje seksje | edit source]

De Fw 190 C wie inkeld in projekt, der binne gjin masines fan dit type produsearre.

Fw 190 D[bewurkje seksje | edit source]

Fan de Fw 190 D binne fiif ferzjes, de Fw 190 D-9 oant en mei Fw 190 D-15.

Fw 190 F[bewurkje seksje | edit source]

Fan de Fw 190 F binne njoggen ferzjes, de Fw 190 F-1 oant en mei Fw 190 F-9.

Fw 190 G[bewurkje seksje | edit source]

Fan de Fw 190 G binne njoggen ferzjes, de Fw 190 G-1 oant en mei Fw 190 G-4 en Fw 190 G-7 oant en mei Fw 190 G-9.

Spesifikaasje Fw 190 D-9[bewurkje seksje | edit source]

Fw 190 D-9

Algemiene eigenskippen

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 10.2 m
  • Wiidte wjukken: 9.8 m
  • Hichte: 3.35 m
  • Wjuk oerflak: 18.30 m²
  • Leech gewicht: 3,490 kg
  • Fol gewicht: 4,350 kg
  • Maksimum gewicht om fan 'e grûn te kommen: 4,840 kg
  • Enerzjy foarsjenning: 1× Junkers Jumo 213A-1 12-silinder inverted-Vee piston motor, 1,287 kW, maksimum 1,544 kW (1,750 hp / 2,100 hp)

Prestaasjes

  • Maksimum faasje: 685 km op 6,600 m, 710 km op 11,300 m
  • Ôfstân: 835 km
  • Maksimum hichte: 39,370+ foet (12,000+ m)
  • Klim radius: 3,300 foet/min (17 m/s)
  • Maksimum wjukgewicht: 48.7 lb/ft² (238 kg/m²)

Armamint

  • 2× 13 mm MG 131 gewearen
  • 2× 20 mm MG 151 kannonnen
  • 1× 500 kg (1,102 lb) SC500 bom

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Focke-Wulf Fw 190 en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.