Focke-Wulf Ta 152

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Focke-Wulf Ta 152

Focke Wulf Ta152.jpg

Rol Underskeppingsjager
Makker Focke-Wulf
Untwerper Kurt Tank
Earste flecht ein 1944
Yn tsjinst Desimber 1944/jannewaris 1945
Ut tsjinst Maaie 1945
Tal makke ± 150 (mei prototypen) (1944/45)
Brûkers Luftwaffe
Farianten

De Focke-Wulf Ta 152 (bynamme: die Nase, 'de noas') wie Dútske jachtfleanmasine, ornearre foar ûnderskepping op grutte hichte, ûntwurpen troch yngenieur Kurt Tank en produsearre troch fleantúchfabryk Focke-Wulf.

De Ta 152 wie in trochûntwikkeling fan de Focke-Wulf Fw 190. Der soene teminsten trije ferzjes fan makke wurde: de Ta 152H Höhenjäger, de Ta 152C foar operearjen op mid-hichte, in grûnoanfalsfleantúch mei in Daimler-Benz DB 603-motor en lytsere fleugel en de jager-ferkenner Ta 152E mei de motor fan it H-model en de fleugel fan it C-model. De Ta 152 wie swier bewapene, ien fan de fluchste fleanmasines oan de ein fan de oarloch en opwoeksen tsjin de P-51 Mustang.

De earste Ta 152H kaam by de Luftwaffe yn tsjinst yn jannewaris 1945. Faaks binne der 220 stiks Ta 152 makke (prototypes meirekkene), mar net mear as 43 produksjetastellen waarden foar de ein fan de oarloch oan de Luftwaffe levere. Dat wiene fierstente min om de loftoarloch te beynfloedzjen.


Spesifikaasjes (Ta 152 H-1)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta 152 H
  • Rol
    • Jachtfleantúch foar grutte hichte
  • Mjitten
    • Spanwiidte: 14,82 m
    • Langte: 10,82 m
    • Hichte: 3,36 m
    • Draachoerflak: 23,50 m²
  • Massa
    • Gewicht leech: 3920 kg
    • Startgewicht: maksimaal 5215 kg
  • Prestaasjes
    • Oandriuwing: ien floeistofkuolle V-12-motor Jumo 213 E-1 fan 1750 hk (2050 hk mei MW-50, wetter-alkoholynjeksje) startfermogen
    • Heechste faasje: 730 km/o op 9500 m (sûnder MW-50)
    • Krúsfaasje: 500 km/o
    • Klimfaasje: 1050 m/min
    • Tsjinstplafond: 14.800 m
    • Fleanberik: 1200 km
  • Bewapening

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei: