Springe nei ynhâld

Kurt Tank

Ut Wikipedy
Kurt Tank
Kurt Tank (1941)
Kurt Tank (1941)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kurt Waldemar Tank
oare namme Pedro Matthies
berne 24 febrewaris 1898
berteplak Bromberch
stoarn 5 juny 1983 (85 jier)
stjerplak München
wurkpaad
berop/amt Fleantúchyngenieur, testpiloat
jierren aktyf 1923 – 1967
bekendste
  wurk(en)
Focke-Wulf Fw 190
Focke-Wulf Ta 152
Focke-Wulf Fw 200
FMA IAe 33
HAL HF-24
prizen Earedoktoraat
Majoar Günther Specht (links) en Tank (rjochts) op Fliegerhorst Wunstorf, 1944

Kurt Waldemar Tank (24 febrewaris 18985 juny 1983) wie in Dútsk loftfeart-yngenieur en testpiloat, dy't haad fan de ûntwerpôfdieling by Focke-Wulf wie fan 1931 oant 1945. Hy wie ferantwurdlik foar de ûntwerpen fan ferskate wichtige fleanmasines foar de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich, ûnder mear it jachtfleantúch Fw 190, de Ta 152 ûnderskeppingsjager en it pazzajiersfleantúch Fw 200 Condor. Nei de oarloch arbeide Tank sa'n tweintich jier as ûntwerper yn it bûtenlân, earst yn Argentynje en dêrnei yn Yndia. Ein jierren sechtich kaam er werom yn Dútslân en waard er adviseur foar Messerschmitt-Bölkow-Blohm (MBB).

Doe't de Earste Wrâldoarloch útbriek woe Tank graach tsjinje by de Loftfeartôfdieling (Fliegertruppe) fan it Dútske leger, mar syn heit woe perfoast dat er de famyljetradysje folge en by de kavalery gie. Hy brocht it ta kaptein en krige mear as ien ûnderskieding fanwegen moedich hâlden en dragen.

Tank studearre yn 1923 ôf oan de Technyske Universiteit fan Berlyn. In mentor fan de universiteit besoarge him syn earste baan op de ûntwerpôfdieling fan Rohrbach Metallflugzeug GmbH, dêr't er wurke oan fleanboaten en belutsen wie by it ûntwerp fan it pazzajiersfleantúch de Ro VIII Roland.

Tank gie oer nei de ferneamde, Albatros Flugzeugwerke, dêr't er testpiloat waard. It bedriuw gie lykwols fallyt yn 1929 en kaam yn 1931, op oanstean fan it regear, by Focke-Wulf. Tank gie dêr oan 'e gong mei it ûntwerp fan de Fw 44 Stieglitz (Goudvink), im twasits syvile dûbeldekker. It wie Focke-Wulf's earste súksesfolle ûntwerp; it waard bekend makke yn 1934. Dêrnei waakste it bedriuw bot mei't Hitler it lân begûn klear te stomen foar oarloch.

Yn 1936 ûntwurp Tank de Focke-Wulf Fw 200 Condor neffens de spesifikaasjeoanfraach fan de Deutsche Luft Hansa. De Condor makke in ferneamde non-stop flecht fan Berlyn nei New York City yn 1938 en levere sa it bewiis dat transatlantysk loftferkear binnen berik lei. De Condor soe letter brûkt wurde as maritime ferkenner en ûnderseeboatbestrider.

Twadde Wrâldddoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fw 190 Würger, dy't foar it earst yn 1939 fleach en produsearre waard fan 1941 oant 1945, waard ien fan de wichtichste jachtfleantugen fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich en Tank's meast produsearre (goed 20.000) en ferneamde ûntwerp. Jannewaris 1943 waard er beneamd ta earedoktor mei in sit oan de Technyske University fan Braunschweig, as erkenning fan syn fertsjinsten by it ûntwikkeljen fan fleantugen.

Yn 1944 ûntwurp er de Ta 152 (bynamme De noas), in fuortsette ûntwikkeling fan de Fw 190.

Pulqui II 04
HAL HF-24 Marut

Nei de oarloch ûnderhannele Tank mei it Feriene Keninkryk, de Nasjonalistyske regearing fan Sina en ôffurdigen fan de Sovjet-Uny. Doe't de ûnderhannelings op 'e non rûnen naam er it oanbod fan Argentynje oan om foar syn loftfearttechnysk ynstitút, it Instituto Aerotécnico yn Kordoba oan 't wurk te gean. Hy wurke dêr ûnder de namme Pedro Matthies.

Ein 1946 ferfear er nei Kordoba mei in protte fan Focke-Wulf kollega's. Ien dêrfan wie Ronald Richter, dy't plannen hie om fleantugen oan te driuwen mei nukleêre enerzjy. Dat Huemul Projekt wie neffens guonts klearrebarre bedroch wylst oaren fan betinken wiene dat Richter in fisionêr wie.

It Instituto Aerotécnico waard letter Argentynje's militêre fleantúch fabryk, de Fábrica Militar de Aviones. Dêr ûntwurp Tank de strieljager IAe Pulqui II basearre op it Focke-Wulf Ta 183-ûntwerp dat oan de ein fan de oarloch noch yn it modellestadium wie. It wie in tige modern ûntwerp yn dy tiid, mar it projekt waard skrast nei de delfal fan Perron yn 1955. Doe't Juan Perón de macht ferlern hiel foel it eks-Focke-Wulf út inoar en in protte giene doe nei Yndia; Kurt Tank ek. Ynearsten wurke er dêr as direkteur fab it Madras Institute of Technology. Letter gie Tank oan 't wurk by Hindustan Aeronautics, dêr't er de jacht-bommesmiter Hindustan Marut ûntwurp, it earst militêre fleantúch dat yn Yndia makke waard. It prototype fleach yn 1961; de Marut die aktive tsjinst oant 1985. Tank ferliet Hindustan Aeronautics yn 1967 en yn de jierren 70 wie er werom yn Berlyn dêr't er de rest fan syn libben wenje soe. Hy wurke dêr as adviseur foar MBB. Hy stoar yn Múnchen yn 1983.