Generaal-majoar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In generaal-majoar is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is skout-by-nacht. Guon lannen, wêrûnder Grut-Brittanje en ferskate oare lidsteaten fan it Britske Mienebest, hawwe foar generaal-majoar by de loftmacht ynstee de rang fise-loftmaarskalk (air vice-marshal). De oansprektitel fan in generaal-majoar is "generaal".

De rang boppe generaal-majoar is luitenant-generaal, en dy derûnder is brigadegeneraal. Yn 'e legers fan lannen dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne, wêrûnder in grut diel fan East-Jeropa, is generaal-majoar de leechste opperofsiersrang, en is de rang derûnder dy fan kolonel. In generaal-majoar fiert it befel oer in difyzje, en sadwaande wurdt dizze rang soms difyzjegeneraal neamd. De namme 'generaal-majoar' is ôflaat fan 'e ferâldere rang sersjant-majoar-generaal, dy't yn Nederlân oant yn 'e santjinde iuw bestie.

Skematysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch fan 'e generaal-majoarsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar
of fise-loftmaarskalk

Yn 'e Nederlânske kriichsmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(oansprektitels kursyf werjûn)

Keninklike Lânmacht (KL) Keninklike Marine (KM) Keninklike Loftmacht (KLu) Keninklike Maresjesee (KMar)
NATO rang OF-7
Nl-landmacht-generaal majoor.svg generaal-majoar
generaal
Nl-marine-vloot-schout schout bij nacht.svg skout-by-nacht
skout-by-nacht
(by it Korps Mariniers: generaal-majoar)
Nl-luchtmacht-generaal majoor.svg generaal-majoar
Generaal
Nl-marechausee-generaal majoor.svg generaal-majoar
Generaal

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.