Springe nei ynhâld

Skelwurd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skelnamme)

In skelwurd is in wurd om in persoan of in groep út te skellen of bespotlik te meitsjen. Yn Fryslân krigen de ynwenners fan kriten en doarpen faak in skelnamme. Hast elk doarp krige sa'n skelnamme of bynamme. Guon hawwe in histoaryske eftergrûn, fan oaren is it ûntstean ûnbekend. Waling Dykstra hat der in hiel soad sammele yn syn 'Uit Frieslands Volkleven".

Foarbylden binne de ynwenners fan:
Akkrum - skytstuollen
Aldeboarn - tuorkemjitters
Baard - katten
Burgum - kowesturten
Dokkum - granaten
Drachten - bôlen
De Jouwer - keallepoaten
Foudgum - deaden
Frjentsjer - klokkedieven
Grou - tsiisferdûnsers, tsyskedûnsers
Harns - tobbedûnsers
Hurdegaryp - oaljekoeken
Jirnsum - katten
De Lemmer - bokkings
Mantgum - Kaäniten
Nijewier - Woartelstêd
Snits - dúmkefretters
Terherne - poasken
Tsjom - lyntsjesnijers
Wergea - brêgebidler
Wurdum - tuorkefretters