Burgum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Tytsjerksteradiel | ||||
Ynwennertal (2016) | 10.112 | ||||
Webstee | http://www.burgum.info |

Burgum is it haadplak fan de gemeente Tytsjerksteradiel en hat likernôch 10.100 ynwenners. Dit grutste doarp fan de gemeente is lytser as foar 1930, doe't Noardburgum ûnder Burgum foel. It plak leit oan it Prinses Margrietkanaal; nei it westen giet dat troch de Kromme Ie fierder nei de Wide Ie, nei it easten fia de Grinzer Feart nei de Burgumer Mar. Tsjin Burgum oer leit oan de súdkant fan it kanaal it doarp Sumar.
By Burgum krúst de N356 it wetter. Nei it noarden rint de wei troch de westkant fan it doarp en dan fierder nei Feanwâlden, en jout fia de krusing mei de 355 ferbining mei Hurdegaryp en Ljouwert. Nei it suden stekt de wei tusken Sumar en Garyp troch en jout sa ferbining mei Drachten.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bergum moat al oan it begjin fan it twadde milennium grut genôch west hawwe om der in tsjerke te bouwen; de Sint Niklaastsjerke is út de ein fan de 11e iuw of it begjin fan de 12e iuw. De augustynske mienskip fan Barrahûs ferfarre yn 1187 nei Burgum en stifte dêr it Niklaaskleaster, meastal oantsjut as it Berchkleaster. It kleaster hat oant 1570 yn gebrûk west, en is yn 1580 ôfbrutsen.
Yn Burgum stiet de 11e-iuwske of 12e-iuwske Krústsjerke (ek: Sint Martinustsjerke). Hjir leit ek de 'Poppestien', in grutte swerfkei dêr't wat folkloare oan ferbûn is. Grutte minsken makken de bern earder wiis dat de poppen ûnder de stien wei kamen.
Burgum wie yn 1747 ien fan de earste plakken yn de destiidske Republyk dêr't it Pachtersoproer útbruts. Ut Grinslân en Fryslân wei fersprate dizze sosjale ûnrêst him nei oare dielen fan it lân.
Oarspronklik wie de buorskip Burgumer Daam it ienige part fan it doarp dat oan it wetter lei. Yn 1850 wie it noch sa dat de opfeart dy't fan dêr nei it noarden rûn de ferbining fan de buorren mei it wetter wie. De beide parten binne lykwols oanelkoar groeid, en it buorskip en de opfeart binne letter ferdwûn. Oant 1930 hearde ek de buorskip Noardburgum by it doarp, mar dat is dat jier in selsstannich doarp wurden.
De namme fan it doarp betsjut likernôch op de hichten. Sûnt 1989 is de offisjele namme fan it doarp it Fryske Burgum, derfoar wie dat Bergum.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kiehoal is it doarpshûs fan Burgum. Yn it adressebestân fan Doarpsbelangen Burgum steane 34 buertferienings ynskreaun. Der binne in iepenbiere skoalle It Partoer en twa kristlike skoallen De Arke en De Reinbôge. De skoallemienskippen CSG Liudger en OSG Singelland ha in lokaasje yn Burgum. De lokaasje Papilio is foar bern út it asylsikerssintrum, in bernedeiferbliuw "De Poppestien", pjutteboartersseal "De Berneboat", Speelotheek, bibleteek, apteek, sportfjilden, oerdekt swimbad "De Wetterstins", midgetgolfbaan, maneezje, fierljepskânsen, jachthaven, karthal en in iisbaan.
Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Krústsjerke (Protestantske Tsjerke yn Nederlân)
- De Ikker (Protestantske Tsjerke yn Nederlân)
- Frije Evangelyske Tsjerke
- Sint-Martinustsjerke (Roomsk-Katolike Tsjerke)
De Pleats[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kultureel sintrum "De Pleats", húsmannet yn in kreaze âlde pleats, mei it foarhûs dwers op de skuorre, út 1773. De pleats wie earst fan de famylje Haisma, wêrfan it lid Tjalling Hajes Haisma yn de Frânske tiid "maire" fan de kommune Burgum wie. Ea waard de pleats by it kaarten ûnder ynfloed fan drank ferspile en gie sadwaande oer fan de famylje Haisma nei de famylje Ferf. Yn 1954 is de pleats oankocht troch de gemeente en is er nei in restauraasje it doarpssintrum woarn mei in grutte seal en romten foar gearkomsten Op it hiem fan De Pleats is yn 1960 it Iepenloftteater makke. Dêryn wurdt elk jier yn juny in frysk toanielstik opfierd. Yn 2002 is it teater hielendal renovearre.
Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sport Club Fytris - hurdrinnen
- Rapido - kuierjen en hurddraven
- VV Burgum - fuotbal
- BCV - fuotbal
- ZV de Herauten - sealfuotbalferiening
- Burgumer Manljuskoar
- De Marko's - drumband
- Stifting Streekmuseum / Folksstjerrewacht Burgum
- Stifting Fytskommitee Burgum
- De Leechkamp - tennis
- Stifting Indoor Burgum - hynsteriden
- Apollo Burgum - muzykferiening
- Eastergoa Skotsers - folkloristyske dûnsgroep
- Burgumer Folksdounsploech
- BF Burgum - basketball
- TTV Bergum - tafeltennis
- jazzclub Burgum
- DFS Burgum - sportferiening
- DFS Volleybal - Volleybal
Bekende Burgumers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Rombertus van Uylenburgh (1554-1624)
- Adriaen van Cronenburg (Skagen, om 1545 - Burgum, om 1604), keunstskilder en gemeentesiktaris fan Tytsjerksteradiel.
- Nicolaas Ypey, wiskundige (1714-1785)
- Tsjibbe Gearts van der Meulen, Fryske skriuwer (1824 - 1906). Syn grêfstien stiet op it tsjerkhôf fan de Krústsjerke, oan de súdkant, tichtbij de tsjerkeyngong.
- Petrus Boele Jacobus Ferf (1854-1916), politikus
- Hendrik Bulthuis, kapper en de ûntwerper fan de Burgumer Mar-sylboat.
- Harmen Sytstra, Fryske skriuwer. Stie hjir om 1845 yn Burgum oan skoalle.
- Abe Brouwer (1901-1985), skriuwer
- Jehannes Ytsma (1957), taalsosjolooch († 2005)
- Job Gosschalk (1967), castingdirector
- Simone Lamsma (1985), fioeliste
- Auke de Vries (1937), byldhouwer
- Joop Wittermans (1946), akteur
- Sipke Zijlstra (1985), sporter
- Jan van der Kooi (1957), keunstner
Befolkingsûntwikling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1954 - 3.365
- 1959 - 3.868
- 1964 - 4.659
- 1969 - 5.595
- 1973 - 6.412
- 1999 - 9.148
- 2001 - 9.149
- 2002 - 9.297
- 2003 - 9.457
- 2004 - 9.630
- 2005 - 9.669
- 2006 - 9.883
- 2007 - 10.049
- 2008 - 9.969
- 2009 - 10.083
- 2010 - 10.121
- 2011 - 10.040
- 2016 - 10.112
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Burgum.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It doarp is ek de lokaasje fan it Wâldrock festival.
- Yn 2009 waard foar de tsiende kear in ynternasjonaal Dûnsfestival hâlden.
- Sûnt 1969 wurde der ljepwedstriden fan it FLB holden, oant 1972 op de Easterse Hei efter it molkfabryk, letter op in nije skâns.
- Oan de Menno van Coehoornwei stiet Streekmuseum / Folksstjerrewacht