Springe nei ynhâld

Burgumer Mar (sylboat)

Ut Wikipedy
BM
[[|240px]]
Lingte 4,75 m
Breedte 1,50 m
Djipgong 0,80 m
Gewicht 450 kg
Bemanning 2
Seiloerflak 11,80 m²
Untwerp Hendrik Bulthuis
Jier 1928

De Burgumer Mar, ornaris ôfkoarte ta BM (ek wol BM-er neamd) is in swurdsylboat mei in seiloerflak fan 11,8m².

De Burgumer Mar hat in lingte oer alles fan 4,75m en in breedte fan 1,50m, en stekt mei midswurd 0,80m djip. De sylboat hat twa seilen: in grutseil fan 8,80m² en in fok fan 3m²; totaal 11,80m²

Kapper Hendrik Bulthuis fan Burgum is de ûntwerper fan dit type sylskip. Yn 1928 boude hy it earste eksimplaar. Hy brûkte dêrfoar in sels-ûntwikkele boumetoade, wêrby't de hûd fan it skip opboud wurdt út smelle houten latten. Dizze lattebou makke it mooglik om frijwat komplekse rûne foarmen te meitsjen, wat de bou fan sylboaten in grutte ympuls joech.

Fanwegen de lattebou binne der in protte BMs boud. Faaks om't boatebou net Bulthuis syn wurk wie, is de BM wat it silen oanbelanget lykwols gjin spesjale klasse. Der wurde ek al lang gjin wedstriden mear yn syld, en it plak fan de Burgumer Mar yn de silerij is foar it grutste part oernaam troch de Skeakel, dy't hast deselde ôfmjittings hat, en de 470, dy't wat djipper stekt, mar dy't op de Olympyske Spullen syld wurdt.

Unrjochtlik wurdt it twadde ûntwerp fan Bulthuis, de 16-kwadraat, ek wol oantsjutten mei de namme "BM". Om it ûnderskie dan wer dúdlik te meitsjen wurde se dan wol de lytse BM-er (Burgumer Mar) en de grutte BM-er (16-kwadraat) neamd.