Tytsjerk
Tytsjerk | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.610 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 12,68 km², wêrfan - lân: 12,39 km² - wetter: 0,29 km² | |
Befolkingsticht. | 130 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 13'N 5° 55'E | |
Doarpsgebiet fan Tytsjerk (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Side Tytsjerk | ||
Kaart | ||
Tytsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, west fan Hurdegaryp, sawat 9 kilometer east fan Ljouwert. It spoar Ljouwert - Grins ferdielt dit yn âld en nij Tytsjerk. De buorskip Lytse Geast falt ek ûnder Tytsjerk.
Tytsjerk hat (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tytsjerk hat in doarp fan boeren en fiskers west. Oan de seine en skepnet fan it doarpswapen is soks noch te sjen. Yn de flagge binne beide foarwerpen twa krusende banen.
Yn de midsiuwen hiet it doarp Thiakerka of Tiakerka. Soks soe wize kinne op in hillige mei de namme Thialdus, Titus, Thialda of Titia. Mooglik hat it earder it haadplak fan de gritenij west, de namme Tytsjerksteradiel wiist dêr op.
Ut de fûneminten kin ôflaat wurde dat it tsjerke der tusken 1200 en 1300 al stien hat. Yn in tsjerklike oarkonde wurdt it plak yn 1328 neamd. Yn 1720 binne de fûneminten lein foar it hjoeddeiske tsjerke. De tsjerkeklok út 1608 hat yn 'e Twadde Wrâldoarloch nei Dútslân west, mar is werom komd. Dy hat eartiids oan in klokkestoel hong, mar hinget no al wer twa iuwen yn de tsjerketoer.
Bosk fan Ypey
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tichtby it doarp leit park Vijversburg, ek bekend as de bosk fan Ypey. Dy wie eartiids yn besit fan de begoedige famyljes Looxma en Ypey, letter waard it eigendom fan de Stichting op Toutenburch. It park is oanlein troch Roodbaard. Der wurde geregeld tentoanstellings holden. It is de bedoeling om der in grut keunstpark fan te meitsjen. Op 18 maart 2005 waard de nije tagongspoarte iepene. Omdat it park doe ek fergrutte waard, hjit in no Grut Vijversburg. It park hat in fraaie teekoepel. De beammen fan it park wurde brûkt troch in grut tal pearkes earrebarren om harren nêst yn te bouwen. Yn 2021 waarden der sa'n 20 nêsten teld. Dêrnjonken briede yn de beammen likernôch 20 pearkes ielreagers.[3]
It park grinzet westlik oan it natoer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer. Dêr stiet de Himriksmole, in spinnekopmole.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshûs 'Yn 'e Mande' bestiet sûnt 1974. Der is in Feriening foar Doarpsbelangen en it doarpskrantsje hjit 'Yn 'e Line'. De feestkommisje en de rekreaasjeferiening binne ynsteld foar de aktiviteiten. Sûnt 23 april 2005 is der in skatebaan foar de jongerein. Tytsjerksters wurde ek 'skieppekoppen' neamd.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Tytsjerk).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2018 binne de iepenbiere Master Fennemaskoalle en de prot.-kristlike basisskoalle It Lemieren gearfoege ta de Moetingsskoalle De Romte. Pjutten út Tytsjerk en Suwâld kinne nei it opfangplak Trije Turven Heech.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1900 | 1910 | 1940 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 761 | 828 | 902 | 829 | 786 | 954 | 1.255 | 1.435 |
Jier | 2004 | 2008 | 2015 | 2020 | ||||
Ynwenners | 1.400 | 1.539 | 1.574 | 1.614 |
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelwacht Tytsjerk
- Fuotbalferiening Ryptsjerk
- Kaartklub Us Nocht
- Keatsferiening De Wâldklappers
- Koar De Lofsang
- Kuorbalferiening De Walden
- Sportferiening Tytsjerk (follybal en badminton)
- Judoferiening
Tradysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't Tytsjerk earder in tramhalte hie, hawwe de lettere treinmaatskippijen de tradysje yntakt holden dat Sinteklaas mei de trein nei Tytsjerk komt. Dêrfoar hâldt de trein alle jierren ienkear stil by de eardere halte njonken de oerwei.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'t Herberchsfintsje, Alddiel, Aldemiede, Altenburgerwei, Boskloane, Buorren, De Jister, Elzekamp, Hanenburch, Jachtfjild, Klaverkamp, Lytsegeast, Noarderein, Reidfjild, Ryksstrjitwei, Rustenburgerwei, Singel, Suderein, Suwâldsterdyk, Symen Halbeswei, Simmerwei, Swarteweisein, Toutenburchleane, Woelwyk, Wylgekamp.
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |