Springe nei ynhâld

Willemsoard (Stienwikerlân)

Ut Wikipedy
De herfoarme tsjerke fan Willemsoard

Willemsoard[1] (Nederlânsk en offisjeel: Willemsoord) is in plak yn de gemeente Stienwikerlân yn Oerisel. Willemsoard waard yn 1820 as koloanje troch de Maatschappij van Weldadigheid stifte. Yn de lange rige fan 34 lytse kearnen yn Stienwikerlân dy't ûntstie nei de weryndieling mei Brederwiede en Iselham yn 2005, nimt Willemsoard it tige bysûnder plak yn. Ommers de skiednis fan de Maatskippij fan Woldiedichheid jout it doarp in opfallend histoaryske status.

Willemsoard is fan 1820. Yn dat jier waard yn opdracht fan de Maatskippij begûn mei de oanlis fan wegen en de bou fan de earste 100 huzen. Mei dêrneist de grutte gebouwen lykas de wente fan de ûnderdirekteur, de spinseal mei waskhok, in wente foar de adjunkt-direkteur fabrykswezen en de skoalle mei ûnderwizerswente. De nedige grûn wie dêrfoar oankocht fan ûnder mear Het Heideveld Stienwikerwâld.

Kolonistewente yn Willemsoord (Maatskippij fan Woldiedichheid), scan fan in ôfbyld yn "Het vaderlandse geschiedenis boek" ISBN 90-400-8888-8

Generaal Johannes van den Bosch wie de geastlike heit fan de plannen om yn Frederiksoard, Wilhelminaoard en Willemsoard trije frije koloanjes te stiftsjen om kânsarme húshâldings út it westen fan Nederlân de gelegenheid te bieden in nij bestean op te bouwen. De kolonisten krigen in wente mei ien bunder grûn, der waard foarsjoen yn harren ûnderhâld, der wie genêskundige help, en godstsjinst- en skoalûnderwiis. Tanksij de kontribúsje fan in flink oantal reedlik begoedige Nederlanners koenen de leefomstannichheden fan die legere folksklassen frijwat ferbetttere wurde. It Hûs fan Oranje wie tige ynteressearre yn de plannen. De kroanprins fan Oranje, de lettere Kening Willem II, joech Willemsoord syn namme. Willem betelle de bou fan de skoalle en de ûnderwizerswente út eigen bûse: wol 1.400 gûne foar de realisaasje fan beide gebouwen.

It rezjym van de Maatskippij wie strang. De jeugd gie seis dagen yn de wike nei skoalle. Willemsoard telde in relatyf grut oantal opliedings neist de legere skoalle. Sa wie der tichtby de buorren in naai- en breidskoalle en in tekenskoalle. De jeugd koe ek oplieden wurde yn ferskillende tûken fan niverheid. Sa wie der in sekkeweverij, in toubaan, in timmerwinkel en in fervewinkel, wylst de bosk- en lânbou de jeugd perspektyf bea op de administraasje fan de Maatschappij terjochte te kommen. Mar Willemsoard hie ek in eigen lânboufakskoalle dy't op de Ronde Blesse stie: de Gerard Adriaan van Swieten Lânbouskoalle. De maatskippij hie yn de neiste omjouwing trije "goed gedreven" pleatsen (Hoeve Utert, Hoeve Amsterdam en Hoeve Generaal van den Bosch) wêrtroch't der genôch grûn beskikber wie foar it oanlizzen fan proeffjilden foar de studinten. Fierders leinen in feearts, stoommolkfabryk en in ûntrjemmingsfabryk foar de hân. De lânbouskoalle waard yn 1890 stifte en 1910 sloopt, wêrnei't de skoalle ta wenhûs omboud waard.

It earste tsjerkegebou dat yn de frije koloanjes stifte waard wie ornearre foar de joadske kolonisten. Dy húshâldings waarden yn it noardeastlike diel fan de koloanje Willemsoard (op De Pol) hûsfêste en dat gebiet krige yn de folksmûle de namme Joadehoeke. Der waard letter (1837) ek in Israelitysk byskoaltsje boud tegearre mei in lytse synagoge. Yn 1860 wennen der noch 24 joadske húshâldings yn de koloanje Willemsoard. De Nederlânsk Herfoarme tsjerke oan de Stienwikerwei yn Willemsoard waard yn jannewaris 1855 ynwijd.

Wat makke Willemsoard no sa bysûnder, sa ferskillend fan de omjouwing? Cecilia Kloosterhuis (1909-1979), neamt yn har boek “De befolking fan de Frije Koloanjes fan de "Maatschappij van Weldadigheid” ûnder mear de gongbere sprektaal dy't ticht by it Algemien Beskaafd Nederlânsk lei en "ymportearre" troch de stedelingen út it Westen. “Mar ek de omgongsfoarmen yn it doarp spilen in rol yn it oars wêzen. Bern wienen fan jongs ôf oan oarder en regels wend en stranger opfieden as op oare plakken”, neffens de frou nei wa't yn Willemsoard in strjitte neamd waard. Oer de foarmjouwing fan it doarp is se wat negatyf: "It strakke fan de oanlis, de ôfgryslike regelmaat yn de ferkaveling, de ientoanigens fan de suver gelikense koloanjehúskes op hûndert meter ôfstân fan elkoar lâns de streekrjochte wegen. Alles monotoan, sels de houtwâlen. Gjin ferrassing, gjin kronkelpaadsjes". Wie Willemsoard dan gjin echt doarp? Krekt al, mar oars. De gebouwen en foarsjennings wienen opfallend. Der wie in tsjerke, skoalle, postkantoar, in kafee, sels in spoarstasjontsje. Der wienen in pear winkels, in bakkerij, smidterij, inlyts molkfabrykje, de mûne, in kuorremakkerij, sels in eigen dokter en baakster, eigen koloanjejild wie yn omrin. Mar ek in ferieningsgebou wijd oan ûnderwiis en ûntspanning dat in de folksmûle Us Gebou neamd waard.

De herinneringen oan it bysûndere fan it koloanjedoarp Willemsoard ferdwûnen lykwols geandewei mear. Nei ± 1920 waarden de besittingen fan de Maatschappij ferkocht. 185 jier nei de komst fan de allerearste bewenners is der noch in argyf, binne der noch in hânfol {strjit)nammen, âlde foto's, tekeningen en in diasearje dat dy histoarje libben hâlde. Op tsjerkhôf "Fredehof" sprekke de nammen op de grêfstiennen de taal fan it ferline.

Nei de Twadde Wrâldoarloch, sa ein fyftiger, begjin sechtiger jierren, krige Willemsoard in oar oansjen. Tusken Paasloregel en de beek De Reune waard in nij wenwykje boud, letter folge troch de nije wenten yn it súdwesten fan it doarp. Ein tachtiger jierren waard de A32 oanlein. De basisskoalle moast útwreidzje omdat se te lyts waard om de groei fan it tal learlingen oan te kinnen. Multifunksjoneel sintrum ’t Kolonie¬huus’ kaam mei troch in soad frijwilligerswurk ta stân. Oan de oare kant ferdwûnen winkels lykwols as snie foar de sinne en waard de rop om leefberheid hieltiten sterker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ungelok by Willemsoard, op Omrop Fryslân

Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje