Springe nei ynhâld

Kalenberch

Ut Wikipedy
Kalenberch
Kalenberch
Kalenberch
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 225 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 11,98 km² wêrfan
10,56 km² lân
1,42 km² wetter
Befolkingsticht. 19 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 47' N 5° 57' E
De tsjerke fan Kalenberch
De tsjerke fan Kalenberch
Offisjele webside
http://www.kalenberg.nu/
Kaart
Kalenberch (Oerisel)
Kalenberch

Kalenberch[2] (Nederlânsk en offisjeel: Kalenberg, Nedersaksysk: Kaelebarg) is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De buorskip Hoogweg falt ek ûnder it doapr en wurde gauris ferwiisd as it twillingdoarp Kalenberch-Hoogweg. It doarp leit midden yn it Nasjonaal Park Weerribben-Wieden. Troch it doarp rint de Kalenbergergrêft.

Kalenberch hat 225 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Kalenberch ûntstie yn 'e ein fan de 13e iuw. Doe't de buorskip Iselham him yn twaen spjalte en it westlike part westliker begûn te ferhûzjen (letter Blankenham neamd) en it eastlike part eastliker kaam te lizzen (it plak Iselham sels), waard op it súdlike part fan de Alde Wei, súdlik fan it eastlike part ek in buorskip stifte. Yn 1313 waard de buorskip foar it earst neamd as Vrijstrate. Yn 1323 waard it foar it earst Kalenberghe neamd. De namme betsjut "keale ûnbewoeksen hichte"[3].

Guon ûndersikers oppenearje dat de namme Vrijstrate dêr op tsjut dat it doapr frij fan de hearrigens wie. Yn de 14e iuw wiene dêr eigen doarpsrieden, consules.

Kalenberch leit yn in feangebiet. Jierrenlang wie de turfstekkerij de wichtichste middel fan bestean. Doe't it turfstekken oan syn ein kaam, ward de feehâlderij, de fiskerije en it reidsnijen de wichtichste boarnen fan bestean. It Kalenberger reid waard, en is hjoed-de-dei noch hieltyd, in populêr boumateriaal foar de dakken en wynmûnen.

Fan 1811 oant 1973 hearde Kalenberch by de gemeente Aldemerk. Dêrnei waard it part fan de gemeente Iselham oant dy yn 2001 op gie yn de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.

Kalenberch leit midden yn it Nasjonaal Park De Weerribben, dat út in ôfwikseling fan iepen wetter, reidlân en sompebosk bestiet. De ekonomy bestie oant koartlyn foar it grutste part út it ferbouwen fan reid. It toeristysk doarp biedt mooglikheden en hier boatsjes lykas kano's en far in rûte troch it park hinne. Tichteby Kalenberch leit , oan it fytspaad nei de buorskip Hoogweg, in foar besikers gaadlike einekoai Kloosterkooi. De Kooi van Pen, justjes súdlik fan Kalenberch is ien fan de grutsten fan Jeropa, dochs is net foar besikers iepen. Njonken Kalenberch lizze Ossensyl, te berkken oer de Kalenbergergrêft, en Nederland. Justjes bûten de Weerribben lizze de stedsjes Bloksyl en Follenhove en de doarpen Scheerwolde en Stienwikerwâld.

Oant 1958 wie it allinnich mooglik oer wetter it doarp te berikken. Doe waard in oanslutingsdyk oanlein en makke in ein oan de isolearre lizzing fan it doarp. Yn 'e 18e iuw waard de sleat njonken de Alde Wei ferbrede ta de Kalenbergergrêft. Dy grêft sleat yn it suden oan op de Aremberger Grêft, dy't fan Swartslûs nei Belt-Schutsloot rûn. Yn it noarden sleat er oan op de rivier de Linde en wie ferbining nei Fryslân mooglik. Hjoed-de-dei is de Kalenbergergrêft populêr foar de plesierfeart.

Hjoed-de-dei is ûntsluting oer de dyk noch hieltyd beheind ta it part oan de eastkant fan de Kalenbergergrêft. Oan de westkant wurde de wenten allinnich ferbûn troch it wetter en troch in fytspaad mei brechjes. Nei it doarp ta rint in bline wei oer Stienwyk en Scheerwolde, fan Aldemerk of Ossensyl ôf oer de buorskip Hoogeweg. Kalenberch hat gjin oansluting mei it iepenbier ferfier.

  • De Nederlânsk-herfoarme tsjerke, in út 1881 boude sealtsjerke mei oanboude konsistoarje.
  • De eardere iepenbiere skoalle, út 1887, waard as in trijeklassige skoalle boud.
  • Tsjasker Kalenberch, in tsjasker.
  • De Wicher, in spinnekopmûne

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kalenberch fan Wikimedia Commons.
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje