Springe nei ynhâld

Baarlo (Stienwikerlân)

Ut Wikipedy
Baarlo (Stienwikerlân)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 60 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,95 km², 3,88 km² lân, 0,07 km² wetter
Befolkingsticht. 15 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 44' NB, 5° 57' EL
It tsjerkhôf fan Baarlo
It tsjerkhôf fan Baarlo
Kaart
Baarlo (Oerisel)
Baarlo

Baarlo is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân, yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De buorskip leit justjes noardwestlik fan Bloksyl tichteby de N333 fan Marknesse nei Stienwyk. Oare plakken tichteby Baarlo binne Muggenbeet, Scheerwolde en Wetering.

Baarlo hat 60 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Baarlo hat eartiids in doarp west. Yn âlde dokuminten wurdt fan Baerle of Bairle sprutsen. De namme betsjut sokssawat as "keal/bleat plak yn 'e bosk"[2]. Sûnt 1476 stie dêr in kapel, dy't as tsjerke tsinne foar de ynwenners fan Baarlo, Kúnderdyk en Bloksyl. Nei't Bloksyl yn 1609 syn eigen tsjerke fan dy fan Baarlo ôfspjalte, die it gebouke noch tsjins as kapel foar de begraafplak fan Baarlo. It begraafplak en kapel waarden yn 1774 oan de herfoarme tsjerke fan Bloksyl oerdroegen.

By de wettersneed fan 1825 rekke de kapel swier skeind. Yn 1836 hawwe se him foar ôfbraak ferkocht oan it wetterskip Follenhove. It begraafplak wie it iennige dat oerbleau, dy't hjoed-de-dei noch yn besit fan de tsjerkfâdij fan de protestantske gemeente fan Bloksyl is.

Foar it drûchlizzen fan it Suderleech yn 1942 lei Bloksyl oan de Suderseedyk. Fan 1818 oant 1942 hearde Baarlo by de gemeente Amt Follenhove, en dêrnei by de gemeente Bloksyl. Yn 173 gie er oer nei de gemeente Iselham, dy't yn 2001 ta de nije fúzjegemeente Stienwikerlân gearfoege waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
Boarnen
Stienwikerlân
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
· · Berjocht bewurkje