Witte Paarden
Witte Paarden ('Wite Hynders') is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân, yn de provinsje Oerisel. De buorskip leit yn de Kop fan Oerisel noardwestlik fan Stienwyk en de provinsjale wei N761 (pleatslik bekend as de Stienwikerwei). Yn 2008 wennen der 160 minsken.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De namme Witte Paarden komt fan in herberch. Dy herberch wie eartiids in útspanning oan de wei Swol - Ljouwert, dêr't ek oernachte wurde koe, en ek de hynders nachts op stâl en fersoarge wurde koene. Yn 1953 besluet de gemeenteried fan de doetiidske gemeente Stienwikerwâld de buorskip nei de herberch te ferneamen [1]
Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By Witte Paarden leit in brêge oer A32 en it spoar Stienwyk - Wolvegea. Troch it yn de lêste iistiid opdreaune sân, driuwwâlen, binne de omkriten fan Witte Paarden heuveleftich.
Eastlik fan Witte Paarden leit it geologysk monumint Wolterholten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Stêden: Follenhove • Stienwyk | |
Doarpen: Aldemerk • Belt-Schutsloot • Blankenham • Bloksyl • Eesveen • Giteren • Kallenkote • De Kúnder • Ossensyl • Scheerwolde • Sint-Janskleaster • Stienwikerwâld • Wanneperveen • Willemsoard | |
Buorskippen en útbuorrens: Baarlo • Baars • Barsbeek • Basse • Basserveld • Blauwe hand • De Bult • Doosje • Dinxterveen • Dwarsgracht • Eese • Heetveld • Iselham • Jonen • Kadoelen • De Klosse (foar in part) • De Krieger • De Kolk • Leeuwte • Marijenkampen • Moespot • Molenhoek • Muggenbeet • Nederland • Onna • Paasloo • Poepershoek • De Pol • Roekebosch • Ronde Blesse • Ronduite • Thij • Tuk • Westeinde • Wetering • Witte Paarden • Zuideinde • Zuidveen |