Springe nei ynhâld

Driuwwâl

Ut Wikipedy
De Luneburger Heide fan de Wilseder Berch ôf sjoen. De Luneburger Heide bestiet út morenen opdreaune neogeen sân

In driuwwâl is in rêch yn in gea dy't bestiet troch gletsjers opdreaune materiaal. Driuwwâlen besteane benammen út sediminten dy't al foar de iisbedekking ôfset waarden. Yn Nederlân en Noard-Dútslân besteane driuwwâlen benammen út opdreaune sân of balstiennen. Dy ferskille dêrmei fan morenen dy't yn berchkeatlings foarkomme. Der kin lykwols al morenematearje yn in driuwwâl foarkomme, sa as balstienliem. Gauris is der njonken in driuwwâl in delte yn it lânskip. Dat is in oerbliuwsel fan in glasiaalbekken, dêr't de sediminten wei troch it iis opdreaun waard. Eartiids wiene driuwwâlen heger, mar troch eroazje waard de driuwwâl ôfflakke.

Yn Fryslân binne de hichten yn Gaasterlân part fan in driuwwâl dy't fierder bestiet út hichten yn Teksel, Wieringen, Stienwyk en Coevorden. Njonken de hichten fan Gaasterlân lizze de Fryske marren, dat, sa as hjirboppe neamd waard, in delte njonken in driuwwâl is dêr't ea in glasiaal bekken wie. Dy driuwwâl komt út it Saale-glasiaal wei.

Oare driuwwâlen yn Nederlân binne de Utertske Heuvelrêch, de Feluwe, de Sallânske Heuvelrêch, de hichten yn Twinte en de hichten yn it Ryk fan Nimwegen dy't part binne fan de Nederrynske Heuvelrêch dy't oer de grins yn Dútslân oant Krefeld ta rint. Fierders binne der driuwwâlen yn Dútslân sa as de Wilseder Berch op de Luneburger Heide, om Hannover hinne en yn it noardeasten fan Dútslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]