Balstienliem

Balstienliem is in grûnsoarte dy't bestiet út in mjuks fan balstiennen, grind, sân, klaai en liem. Faak wurde yn balstienliem ek grutte balstiennen fûn. Oarspronklik siet der ek faak kalk yn balstienliem, mar dat is troch gemyske ferwaring hast folslein ferdwûn. Balstienliem wurdt ûnder lâniis ôfset en kin dêrom as in foarm fan till (grûnmorene) beskôge wurde.
It gewoane balstienliem yn Nederlân is sa'n 150.000 jier lyn ôfset, ûnder it Saalien[1] en is part fan de litostratigrafyske Formaasje fan Drinte.[2] Foaral yn de provinsje Drinte komt in soad balstienliem ticht ûnder it oerflak foar. Pleatslik is dat liem somtiids opdreaun troch it lâniis. Foarbylden dêrfan binne Gaasterlân, Vollenhove, de Havelterberch, Skoklân (Noardeastpolder), Urk en op Wieringen en Teksel. Yn de kriten dêr't balstien al bekend wie, waard it ek faak yn boarsel fûn.[3]
Neist it balstienliem út it Saalien is yn in inkelde boarring balstienliem út it Elsterien oantroffen. It waard ûnder oaren fûn yn boarring Oostmeep yn de Waadsee op in djipte fan 51,70 meter ûnder de seeboaiem.
Troch eroazje en útspieling kinne stiennen út it liem frij komme. Somtiids ferdwynt sadwaande alle liem en bliuwe allinne de stiennen oer. Yn de see fan it Eemien, de waarme tiid dy't folge op it Saalien, foarmje sokke stiennefjilden it substraat foar oesterbanken. Stiennefjilden út it Saalien binne ek no noch oan it oerflak oanwêzich; bekend binne ûnder oaren de Tekselske stiennen en it Van der Lijn-reservaat by Urk.
Om 't keiliem min wetter trochlit, hat dy grûnsoarte benammen in soad ynfloed hân op it Drintske lânskip. Plantewoartels hawwe it dreech om yn de boaiem troch te kringen fanwegen de liemlaach. Pleatslik is de grûn ek tige wiet en dêr waard dêr maklik fean troch foarme. Under it Nasjonaal Park Dwingelderfjild leit in laach balstienliem fan sawat 8 meter. It grûnwetter docht der sa'n 20 jier oer om dêrtrochhinne te rinnen.
Balstienliem is foar it earst foar dykbou brûkt by de oanlis fan de Koarte Ofslútdyk dêr't de Amstelmar mei ôfsletten waard, en letter ek foar de bou fan de Ofslútdyk en oare diken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|