Wales
| Cymru (wel) Wales (in) | |
| Biedwurd: Cymru am byth "Lang libje Wales" | |
| Folksliet: Hen Wlad Fy Nhadau "Ald lân fan myn faars" | |
| Haadstêd | Cardiff (Caerdydd) |
| Offisjele taal | Welsk |
| Ingelsk | |
| Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy1 |
| - steatshaad | Elizabeth II |
| - regearlieder | Carwyn Jones |
| Oerflak | 20.799 km² |
| Ynwennertal | 3.113.200 (2016) |
| Befolkingstichtens | 148 ynw./km² |
| Muntienheid | Pûn sterling (GBP; £) |
| Tiidsône | GMT (UTC) |
| - simmertiid | BST (UTC+1) |
| Ynternetdomein | .uk |
| Telefoan | +44 |
| ISO 3166 | GB-WLS |
| 1. Wales makket diel út fan it Feriene Keninkryk. | |
Wales (Nederlânsk, Galen, Welsk: Cymru, Latynsk: Cambria) is in eartiidsk foarstendom en foarmet mei Ingelân, Noard-Ierlân en Skotlân ien steat: it Feriene Keninkryk. Wales leit yn it westen fan it eilân Grut-Brittanje en grinzet yn it easten oan Ingelân. Wales hat in eigen taal, it (Welsk), in eigen flagge en eigen iepenbier bestjoer. Mar by bûtenlânske saken spilet allinnich it Feriene Keninkryk in rol. It is dus gjin eigen steat. Wales hat hast 3 miljoen ynwenners. De namme komt fan it Germaanske wurd “Walha” wat frjemdling betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Romeinen joegen oan it hjoeddeistige Wales de namme Cambria en boude in grut oantal forten yn it suden fan it lân oant Carmarthen yn it westen. Der is bewiis dat de Romeinen fierder nei it westen west hawwe en op dy wize nei Ierlan gienen. Sy bouden ek it amfiteater yn Caerleon, it best bewarre Romeinske teater yn Grut-Britanje. De Romeinen wienen ek drok yn it noarden fan it lân en neffens de Mabinogion soe Magnus Maksimus, in keizer út de 4e iuw, troud wêze mei in Elen, de dochter fan in Welske haadling.
Troch it berchterrein mei in soad rein is Wales nea troch de Angelsaksen ynnaam. Ien fan de Saksyske keningen, Offa fan Mercia wurdt beskôge as de man dy’t opdracht joech om in grutte ierden wâl of dyk te bouwen by de grins fan syn ryk om de Welske minsken bûten te hâlden. Parten fan dizze Offa’s Dyke kinne hjoeddeis noch altyd besjoen wurde.
De oermastering fan Wales troch de Normandjers kaam net daalks doe't Ingelân ferslein waard yn 1066, mar it gie stadichoan en it proses wie klear yn 1282 doe't kening Eduard I fan Ingelân LIywelyn Ein LIyw Olaf fersloech. Eduard boude in grut tal kastielen om de Welsklju yn de gaten te hâlden.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wales hat in oantal nasjonale symboalen, lykas de prei, de titelroas en de draak. De prei wurdt bygelyks op St. David's Day en by ynternasjonale rugbywedstriden droegen. Oer de oarsprong fan dat nasjonaal symboal giet de leginde dat yn striid tsjin de Saksen kening Cadwaladr fan Gwynedd syn leger derop oantrune om in prei op de klean te dragen, om sa dúdlik sjen te kinnen wa't by hokker leger heart. Wat mear wis is as dy leginde, is dat de soldaten fan Edward I grien mei wite unifoarms, lykas in prei, droegen yn de Hûndertjierrige Oarloch.[1]
Oer de oarsprong fan de titelroas as nasjonaal symboal is men ek net wis. De Welske namme foar titelroas is cenhinen Bedr. Letterlik oerset betsjut dat 'Peter syn prei', ek al is de identiteit fan dy Peter ek ûnbekend. De blommen bloeie altyd om St. David's Day hinne en is moaier om te sjen as de prei dy't al iuwen it nasjonaal symboal is, dat de teory is dat de titelroas as nasjonaal symboal dêr wei komt.[2]
De reade draak stiet foar de striid fan Wales as in eigen folk. Yn 'e striid tsjin de wite draak dy't de Angelsaksen symbolisearret is troch de skiednis hinne de reade draak foar de Welsklju optocht. De draak is te sjen op de flagge fan Wales, dy't sûnt 1959 offisjeel is.[2]
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wales leit op in skiereilân yn it sintrale diel fan it eilân. It oerflak fan Wales is mei sa’n 20.779 km², likernôch sa grut as Sloveenje. Wales wurdt begrinze troch Ingelân yn it easten en troch de see yn alle oare rjochtings.
Stêden en plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wales hat mar in pear grutte stêden. De grutste stêden lizze allegear yn it suden fan it lân. Cardiff (Welsk: Caerdydd), de haadstêd hie yn 2005 likernôch 302.000 ynwenners, Abertawe (Swansea) hat yn 2005 likernôch 171.000 ynwenners. It binnenlân is tin befolke.

| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |