Welsk


Welsk (Cymraeg) is in Bretonske fariant fan de Keltyske talen, dy't sprutsen wurdt yn it westen fan Grut-Brittanje (Wales) en yn de Chubûtdelling, in Welske koloanje yn Patagoanje, Argentynje. Der is in lyts tal sprekkers yn Ingelân, de Feriene Steaten en Austraalje, en fierder ferspraat oer de gânse wrâld. Welsk en Ingelsk binne de offisjele talen yn Wales.
It Ingelske “Welsh” is besibbe oan it Nederlânske wurd “waals”, beide wurden betjutte “frjemd, bûtenlânsk”. Yn it Aldingelsk betjut “Wealh” neist frjemde ek slaaf. De betsjutting giet werom nei de namme fan de Gallyske stam de Volcae.
De Welske grammatika en útspraak binne konsekwint. De op twa nei langste plaknammen yn de wrâld binne yn it Welsk:Llanfairpwllgwyngyllgogerychwyrndrobwllllantysiliogogogoch. It is in gearstalling dy’t betjut: foar de tsjerke fan de hillige Maria yn de lijte fan de wite beammen by de draaikolk by Sint Tysilio’s reade grot.
Literatuerteksten yn it Welsk besteane al sûnt 1100. Hjoeddei is de Welske literatuer oan it opbloeien.
Taalbehâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2021 spruts 17,8% fan de populaasje yn Wales Welsk. Dat binne likernôch 538.300 minsken fan trije jier en âlder.[1] Dat is in delgong yn ferliking mei 2011 (19,0%) en 2001 (20,8%). Yn ferhâlding wenje de measte Welskpraters oan de westkant fan Wales. De measte minsken dy't it Welsk behearskje kinne it prate, lêze en skriuwe.[2]
Sûnt 2017 wurket de Welske oerheid oan in plan om yn it jier 2050 ien miljoen Welskpraters te hawwen. De strategy dêrfoar bestiet is rjochte op trije ûnderdielen: it oantal Welskpraters omheech krije, it gebrûk fan it Welsk te promoatsjen en it geunstich ynrjochtsjen fan de ynfrastruktuer fan Wales om it brûken fan de taal te befoarderjen.[3]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Boarnen |
| Dizze taal hat syn eigen wikipedy. Sjoch de Welske ferzje. |
