Llanfair PG

Ut Wikipedy
De St Mary's Tsjerke
It boerd by it stasjon jout likernôch de útspraak yn it Ingelsk

Llanfairpwllgwyngyllgogerychwyrndrobwllllantysiliogogogoch (koarte foarm Llanfairpwllgwyngyll), ek wol Llanfair Pwllgwyngyll en gewoanlik bekend as Llanfair PG of Llanfairpwll, is in doarp op it eilân Anglesey yn Wales. It doarp is fral bekend fanwege syn lange namme, de langste plaknamme fan Jeropa en ien fan de langsten yn de wrâld.

De namme is lykwols gjin orizjineel Welsh, mar keunstmjittich. It doarp woe it stasjon mei de langste namme yn it Feriene Keninkryk hawwe, om 1860 hinne, om sa mear omtinken te krijen. In foarbyld fan in soarte fan iere publisiteits-stunt.

Yn 2001 hie it plak 3.040 ynwenners. Toeristen litte harren foar it nammeboerd fan it stasjon op de foto sette en litte harren paspoart dêr stimpelje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]