Ie (Dongeradiel)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ie
Flagge fan Ie Wapen fan Ie
Flagge Wapen
Lokaasje fan Ie
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2016) 800

Webstee Oer it doarp
Grutte Loane 9
Omgang 4

Ie is in doarp yn de gemeente Dongeradiel.

Fan Ie wurdt wol sein dat it in typsysk foarbyld fan in terpdoarp is. De trije strjitten (Lytse Loane, Grutte Loane en Hege Loane), mei wat sydstrjitsjes, komme allegearre op de Omgong út, de boppeste ringwei fan de terp om it tsjerkhôf. In twadde ringwei leit om de foet fan de geve terp. It doarp is ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. Ie is de koartste plaknamme yn Fryslân, de ienige ek mei twa letters yn Nederlân. Der kin no noch in foarstelling makke wurde oer hoe't it doarp der sa tusken 1700 en 1900 útsjoen hawwe moat.

Op de himrik fan Ie lizze de buorskippen Lyts en Grut Midhuzen, Tibben, Ald Terp, Dykshoarne en Brânbuorren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut argeologyske fynsten docht bliken dat Ie al begjin fan de jiertelling bewenne wie. Ie hat yn 'e rin fan de tiid in wichtich doarp yn East-Dongeradiel west. It doarp hie 50 stimmen. Guon aadlike slachten hawwe dan ek grytmannen levere.

Yn de 16e iuw wiene de Mockema's belangryk foar it doarp mei harren stins op Grut Midhuzen. Nei in fûle striid waard de stins mei kanonnen besketten en ferovere troch de Saksen ûnder lieding fan Schelto Tjaerda, Taeko Heemstra en Tjalling Lieuwes Jellinga. Poppe Obbema (fan Obbemastate, Ald Terp, ek troch de Saksen ferovere) kaam dêr by om it libben. De Mockema's waarden fêstset yn de Sjaardema stins yn Frjentsjer. Fjouwer manlju waarden rêdbrake en twa waarden pealle.

Earne ûnder Ie stie ek de Wattema state[1]

Foeke Sjoerds[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoarjeskriuwer Foeke Sjoerds is yn 1713 yn Ie berne en hat dêr skuonmakker west. Letter waard er skoalmaster yn Moarre en Easternijtsjerk. Syn wurk wurdt no noch rieplachte. Om't er gjin akademyske oplieding hân hie koe er ynearsten gjin lânhistoarikus wurde. Uteinlik is hy it yn 1770 dochs wurden, mar hy hat noait oan it wurk west, want hy is yn dat jier ferstoarn.

Tongblier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 april 2001 briek der op Grut Midhuzen tongblier út. Der rekken 37 bedriuwen by belutsen. Der moasten 55 kij, jongfee en skiep, dy't fertocht wienen, romme wurde.

Master besocht dûmny yn 't fet te draaien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de santiger jierren fan de 18e iuw wie Jan Goslings skoalmaster yn Ie. Hy hie it bêste ynkommen fan alle skoalmasters yn East-Dongeradiel, om't er ek bysitter yn it gerjocht wie. Master liet him net folle op skoalle sjen. It lesjaan liet er oan syn soantsje fan 11 jier oer. Der kamen klachten, yn 't lêst skreauwen de âlden in brief op poaten nei de Steaten. Ien fan de nammen dy't ûnder it brief stienen, wie dy fan dûmny Revius.

Goslings fielde him bedrige en socht om in foar him geunstige útwei. Goslings stelde in ferklearring op, wêryn stie dat ds. Revius him misdroegen hie yn de herberch fan Dokkumer Nije Silen. Hy gie dêr mei nei de kastlein Tsjeard Durks. Goslings sei dat hy fjouwer tsjûgen hie en oft Tsjeard ek efkes tekenje woe. Tsjeard lies it en betocht dat Goslings it wol hiel moai makke hie. Hy wegere dan ek om syn namme der ûnder te setten, want op dat stuit hie hy er sels dronken west. Boppedat hie Goslings al fjouwer tsjûgen.

Goslings koe mei lege hannen wer nei Ie werom. Dûmny ûntkende alles, mar hy wist wol hoe't it ferhaal yn 'e wrâld kommen wie. Hy hie nei Kollum west en op Nije Silen soe der efkes oanstekke. Der wie net ien yn 'e herberch. Dûmny hie him doe sels mar betsjinne en letter hie er mei Tsjeard ôfrekkene.


Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Herfoarme tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Iester toer, dy't 32 meter heech is, is al fan fierren te sjen; it wie earst in sealtektoer. Dy waard boufallich om 1840 hinne en doe hat de gemeente der yn 1869 nije toer mei in spits delsetten. Yn 1971 is de toer restaurearre.

Der wurdt oannaam dat de tsjerke boud is op oantrunen fan it ferneamde kleaster Mariëngaarde by Hallum, dat sûnt 1170 ta de Abdij fan Dokkum hearde. De tsjerke wie wijd oan de Hillige Jariglulfius dy't om 1240 hinne abt fan Mariëngaard west hat. It boujier kin dêrom om 1250 hinne steld wurde. Yn 'e rin fan de skiednis is der it ien en oar oan ferboud. De noardmuorre is romaansk en de súdmuorre is goatysk.

Yn de tsjerke binne trije hearebanken en oan de muorren hingje njoggen roubuorden fan Iester aadlike slachten.

It hûnegat, dêr't de Iesters dy't net om lyk woenen, ynearsten opsletten waarden is der noch.

Mûnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûne oan it haventsje, ± 1930

Ie hie al yn 1636 in nôtmûne dy't net út koe, neffens in list fanwege de Steaten fan Fryslân opsteld. Op de Schotanuskaarten fan 1664 en 1718 komme ek mûnen foar. Yn de 18e en 19e iuw binne de eigendomsrjochten fan de mûnen bekend. Yn 1809 wurdt der sprutsen fan fjouwer mûnen: twa nôt- en pelmûnen en twa houtseachmûnen. Op ien nei binne dy ôfbrutsen tusken 1842 en 1855. De lêste mûne, in achtkante boppekruier mei stelling, is ôfbaarnd op 3 septimber 1962.

It Braakhok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eardere braakhok is no in flaaksbewurkingsmuseum. Der wurde op fersyk demonstraasjes jûn hoe't it flaaks bewurke waard.

Komboerd Ie

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpshûs De Jister is multyfunksjoneel. It bestiet út in sportakkommodaasje en in hoarekadiel dy't by grutte eveneminten ta ien seal makke wurde kinne. De feriening foar Doarpsbelang út 1947 komt hjir gear en jeugdhonk Skûlplak sit der by yn. Troch it fjouwer kear yn jier ferskinende "Iester Nijs" bliuwt elk fan alles op 'e hichte. Ien kear yn de trije jier is der in doarpsfeest. De Gearing is de basisskoalle fan it doarp.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten fan Ie

Bekende ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Wattema state