Jan Keuning

Ut Wikipedy

Jan Keuning (Ie, 7 maart 1850Grins, 17 augustus 1926) wie in Nederlânske ûnderwizer, skriuwer en sjoernalist fan Frysk komôf.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keuning wie in soan fan timmerman Hendrik Pieters Keuning en Elisabeth Jans Slagman fan Ternaard. Hy wie troud mei Elisabeth Wormser, dochter fan de kantoarman Hendrik Wormser en Magdalena Arends út Hellendoorn. Ien fan harren soannen wie Willem Eduard Keuning (1887-1939), dy't ûnder it pseudonym Willem de Mérode in ferneamd dichter wurde soe[1].

Keuning wie fan 1870-1874 ûnderwizer yn Nijverdal. Hy stie fan 1874-1884 as boppemaster te Nieuwe Pekela as opfolger fan de haadûnderwizer K. Nieboer. Hy rjochte dêr in sjongferiening op. Keuning behearde letter ta de middenstân.
Nei't er koarte tiid yn Gerkeskleaster en Langerak stien hie, waard er haad fan de Kristlik Grifformearde legere skoalle yn Spijk. Yn dy tiid hat er tsientallen gearspraken en inkele histoaryske romans skreaun. Ek wie er yn 1893 de oprjochter fan it wykblêd De Keuvelaar, dat oant 1924 bestien hat. Yn dat blêd stried er foar de sosjale posysje fan de boere-arbeider yn syn streek en learde er de gewoane, kristlike man it ien en oar oer de lânspolityk.
Yn 1902 ferfear er nei Grins en rjochte him dêr op de sjoernalistyk. Yn Grins wie er fan 1909 oant 1911 aktyf lid fan de gemeenteried foar de ARP.

Keuning stoar yn Grins yn de âlderdom fan 76 jier.

Literatuer (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Keuning: De paardekoper van Helpman, (1894).
  • Jan Keuning: Frans Schreur van Loppersum, (1895).
  • Jan Keuning: Boer Allaard Harms van Wedde, (1899)
  • Jan Keuning: De vogelvanger van Winsum, (1922).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hans Werkman: Kroniek van meester Keuning, Grins (1982), ISBN 90 6015 495 9.
  • Bram Camerlingh: Pekelders I. Biografisch woordenboek van Pekela. Deel I: Biografieën, s. 191, Ten Boer (2010).