Hantumhuzen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hantumhuzen
Flagge fan Hantumhuzen Wapen fan Hantumhuzen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hantumhuzen
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 250
Webstee Webstee (Hantum, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer
Hantumhuzen

Hantumhuzen, is in doarp yn de gemeente Dongeradiel, noard fan Dokkum.

Lykas de namme al seit binne dit huzen, in buert, by Hantum. It doarp is yn de Midsiuwen ûntstien op in hege terp. Fan de terp is nei de ôfgraving yn 1891 net folle oerbleaun. Op it iepen terrein is der doe nijbou delsetten.

Hantumershoeke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is it buertsje Hantumershoeke ûntstien. Dêr steane de streekskoalle en Grifformearde Tsjerke.

De Herfoarme Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen).
In âlde foto fan de tsjerke
De Sint Anna tsjerke yn 2008

De foarse toer moat om 1200 hinne kommen wêze. Der hinget in klok yn út 1616. Yn de earste helte 13e iuw is it skip fan de oan Sint Anne wijde tsjerke boud. It is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogotyske tsjerkebou wurden. De tsjerke wie ien fan de earste bakstiennen tsjerken yn Fryslân. Yn de tsjerke binne fierder skildere ferwulfribben oanfold mei siermitselwurk.

Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou Biueck Sioerda (1563). Yn de tsjerke binne ferwulften beskildere mei blommotiven. Opmerklik is fierder de kânsel en in grêfstien dy’t in oantinken is oan Amko Jaarla.

It koar is der yn de 18e iuw oan tafoege. By de restauraasje fan 1939 oant 1942, ûnder lieding fan arsjitekt A. Baart sr., is it koar opnij oplutsen út kleastermoppen en binne de 19e-iuwske finsters ferfongen yn 13e-iuwske styl, yn harmony mei it skip fan de tsjerke. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

States[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Hantumhuzen binne fiif staten bekend. Poptastate is as in let-18e-iuwske kop-hals-romppleats oerbleaun binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre (105 cm dik) is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate soe it stamhûs fan de Popta's yn Marsum west hawwe (Poptagasthûs), mar genealogyske bewiis is dêrfoar net fûn. Westlik oan de râne fan it doarp lei Bangastate, no in pleats; súdlik fan de tsjerke, no ek in pleats, lei Heringastate; noardlik fan de tsjerke Peymastate en Rintjemastate.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp mei eigen fersjennings. De winkelju en de ambachtsminsken binne lykwols opholden, sa't men wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum. De lêste winkel dêr is lykwols ek al wer in skoft sletten.
Aktiviteiten:

  • 30 april: merk (blommeferkeap en bernemerk);
  • Ringriderij: op de lêste sneon fan juny;
  • Jierliks kuiertrijedeiske en tipeljen;
  • Hardersoptocht, 24 desimber (op 'e siik nei de kryststâl).
  • Doarpsfeest: elts ûneven jier
  • Mienskiplik doarpsfeest mei Hantumerútbuorren, Hantum en De Lytse Jouwer mei fersierde weinen: elts even jier.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hantumhuzen wie it berteplak fan Dr. J.J. Kalma.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Smidsplein, Balstienwei, Bangawei, Dokkumerwei, Fennewei, It Paadsje, Kamphuisstrjitte, Loubuert, Master Galstrjitte, Portmawei, Wierumerwei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: