Jaarlastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amko Jaarla)
Grut- en Lyts Jaarla op de Schotanuskaart

Jaarlastate, of Jaerlastate, stie yn Wetsens, gemeente Dongeradiel. It hûs waard foar it earst healwei de 15e iuw neamd. Fan de state is neat mear te finen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jaerla's hiene yn Eastergoa yn de 15e iuw tenminsten fjouwer stinzen: yn Wetsens, Rintjemastate yn Eastrum, yn Burgum en op Gaastmabuorren ûnder Hurdegaryp. Genealogyske teksten suggerearje dat Rintjema yn Eastrum it âlde stamhûs wêze soe.

Om 1400 hinne wie de manlike line fan de Jaerla's útstoarn. Der wie in dochter dy't mei in Rienck Rienckama troud wie, sy wenne yn Eastrum. Rienck skreau him net allinne Rienckama mar ek wol Jaerla. Sy hiene twa bern, Gabbe en Eels. Gabbe hie in soan Botte en Eels in dochter Anna Bolta. Gabbe en Anna Bolta boasken en wiene de earst bekende bewenners fan de Jaerla State yn Wetsens mids 15e iuw. Twadde helte 15e iuw wie Jaerla yn Wetsens it stamhûs fan de Jaerla's. Se wiene aktyf belutsen by it skeel tusken Skier en Fet yn de 15e en begjin fan de 16e iuw.

Botte Jaerla wie by de eallju út Eastergoa dy't yn 1444 besochten in ferbûn mei de stêd Grins te sluten om in ein te meitsjen oan de fjochterij yn dy kontreien. Dat slagge op St. Markusdei (25 april) fan 1444. Sa kaam der in ein oan it skeel fan de Skieringers en de Fetkeapers.

Gabbe en Anna krigen 4 bern, mar faaks ek 5: Rienck, Gabbe, Minne, Doedt, Bauck en nei alle wierskyn ek IJdt. IJdt libbe om 1450 en boaske oan Barthold Tjaerda.
Fan Bauck is neat bekend. Doedt boaske de befaamde Ofcke fan Dockum, dy't feitlik Ofcke Riemersma hjitte, en dy't yn 1470 Fryslân ferlitte moast om politike redenen.

Gabbe Jaerla libbe yn de twadde helte fan de 15e iuw en troude mei Jouck, dochter fan Sijtse Martena (hear yn Koarnjum) en Jel Harinxma thoe IJlst. Gabbe en Jouck wennen op de Jaerla State yn Wetsens.
Gabbe wie in Fetkeaper en in tige fjochterich man. Op 22 septimber 1474 moete er yn Dokkum mei befreone ealju de Skieringer Ede Hessels fan de Tjaerdastins yn Rinsumageast. Sy foelen him oan en sloegen him dea. Gabbe Jaerla en Sybeth Scheltema waarden letter fêstset op de Tjaerdastins. Fjirtjin jier letter, yn 1488, rekke Gabbe op tryste wize wei.

Syds Botnia wie doe eigner en bewenner fan de Tjaerdastins, boaske oan de dochter fan Worp Tjaerda, in Skieringer, dat grutte fijân fan de Jaerla's. Gabbe liet de Jaerla State nei oan syn broer Minne.

Minne Jaerla en Doedt Offinga hawwe de State frij seker bewenne. It pear hie seis bern. Reynsk of Riska en Rixt waarden beide non yn it kleaster Sion by Nijewier. Botte en Æmpcke wie harren soannen. Minne hie ek noch in bern oanset by in Gryt, Sybet. Fan Minne is witten dat er yn 1491 as grytman fan Eastdongeradiel by de eallju hearde dy't dat jier een ferbûn mei Grins sletten. Op 17 septimber 1491 waard it ferbûn tusken Grinzers en Eastergoa in feit; Minne fertsjintwurdige "vander stadt ende meente toe Wetsens ende toe Oestrum."

In sike Minne Jaerla makke in 1494 op St Frederikusdei (5 maart) syn testamint op. Hy fermakke in protte legaten oan famyljeleden en fral ek oan geastliken, tsjerken en kleasters. Bygelyks St. Vitus, de patroan fan de tsjerke fan Wetsens moast alle jierren in rinte útkeard krije fan de besitter fan it "Jarle huus". Hy bepaalde fierder dat Jaarlastate net oan syn dochters komme moast, mar oan syn soannen Botte of Æmpcke en harren wettich neiteam. Rixt moast it kleaster yn. Sy waard letter non yn kleaster Sion. Suster Gapke "sal in die warlt bliven", of it moast wêze dat Rixt wei rekke, mar hy liet it oan de broers oer oft se Gapke wol of net yn in kleaster pleatse soene.
Dat Minne syn soannen Botte en Æmcke wiene erfgenamten fan de foarâlderlike goeden. Botte Jarla bewenne ein 15de iuw de stins op Gaastmabuorren ûnder Hurdegaryp, dy't letter Groustins neamd waard. Æmcke wenne op de Jaerla State en wie ek eigener fan de stins yn Burgum.
Botte boaske oan Jildu Hettes fan Albada út Poppenwier en sy hiene in dochter Eelck. Syn broer Æmcke troude mei Bouwe Houwerda (út Grinslân of út Eastdongeradiel). Sy krigen gjin bern dat de Jaerla State waard fan Eelck.

It jier 1498 wie tige ûnrêstich foar de bruorren. Beide hearden ta de partij fan de Fetkeapers da wiene tsjinstanners fan Hartoch Albrecht fan Saksen dy't fan de Skieringers stipe waard. Dy oermasteren om july 1498 Eastergoa, útsein de stêd Ljouwert en Æmcke Jaerla op Jaerla State yn Wetsens.
Yn de jûn fan de 22e juli 1498 giene in stik as wat de Saksen oanhingjende Fryske eallju beselskippe fan in protte Saksyske eallju mei twahûndert man nei Gaastmabuorren, dêr't se Botte Jaerla mei 22 oanhingers finzen namen. Ien dêr fan waard deaslein en de oaren waarden de boeien oanlein en nei Snits brocht. Dit meidat Botte en syn manlju net efter de Hartoch fan Saksen stiene, mar ek meidat Æmcke Jaerla him fûleinich tsjin de nije hear fersette.

Goed twa moanne letter moast it Ryntiemahuys fan de Jaerla's yn Eastrum it ûntjilde. Dêr wenne doe Gielt, de soan fan Rienck (broer fan Botte en Æmcke). Op 29 septimber gien ûnder oaren de Saksyskgesinde Schelte Tjaerda fan Rinsumageast en in stikmannich oaren út Eastergoa nei Eastrum om de stins yn te nimmen. Gielt en sân of acht oaren waarden finzen naam en Taecke Heemstra besette it hûs mei wat kriichsfolk.
Dêrnei waard Jaerla State yn Wetsens oanfallen troch Taecke Heemstra, Schelte Tjaerda en Hessel en Doecke Martena en wat kriichsfolk. Æmcke wie net thús, der wiene mar in man as tolve trettjin om it hûs te ferdigenjen. Doe't de belegerers op it hûs begûnen te sjitten ferlieten de ferdigeners de state by nacht. Sadwaande waard it ferset fan de Jaerla's tsjin it Saksysk bewâld foar altyd brutsen. Botte Jaerla yn Burgum bleau wol trou oan de Saksyske oerhearsker seit in list út 1505. Botte is foar 1510 stoarn en Æmcke sette him dêrnei, grif yn 1511, ta wenjen op Gaastmabuorren. Yn Wetsens wie it eigendom fan de Jaerla State him ûntnaam.

Op 9 novimber 1498 lieten Wilbolt fan Schaumborch, ridder, opperbefelhawwer fan it Saksysk leger, en de oare ôffurdigen fan Albrecht hartoch fan Saksen yn Fryslân, witte dat oan Hessel, Doecke Martena en Schelte Tjaerda it Jaerlahûs tawiisd is, om reden fan harren trouwe tsjinst oan de hartoch, en ek om de hege kosten en lêsten dy't se hân hiene by it ferôverjen fan it Jaerlahûs - dêr't Æmcke Jaerla wenne dy't tsjin de Hartoch fan Saksen wie.
Sy en harren erfgenamten krigen it lykwols as liengoed en de beliening wie oan de foarst. It is bûtelânske oerhearskers nea slagge en fier it lienstelsel sa't dat op oare plakken bestie yn Fryslân yn. Der wiene lykwols wol in stikmannich goeden dy't om reden fan bysûndere oarsaken troch de foarst beliend wurde moasten, lykas de Jaerla State, de Hemmemastate yn Bitgum, de Broersmastate te Kollum en de Jeppemastate yn Westernijtsjerk (Ferwerteradiel). Wat de Jaerlastate en de Jeppemastate oanbelanget kin sein wurde dat ûnder dy beliening in famylje- en ferervingskwestje skûl gie, wêrby't de ferûngelike partij him oansluet by de foarst fan Saksen en sadwaande mei geunstich gefolch optrede koe tsjin de tydlike besitter.

Efkes werom nei de stambeam: Minne hie in broer Gabbe dy't oan Jouck Martena boaske wie en dy't û.o. in dochter Auck hie. De Martena's woene hawwe dat Auck har goed neilitten hie oan har pake Sytze Martena. Dy soe yn syn testamint set hawwe, dat syn soannen Doecke en Hessel en harren suster Jouck (en letter har dochter Kinsck dy't troud wie mei Schelte Tjaerda, boppe al neamd), lykop erve soene. Mar Æmcke Jaerla, as neiste erfgenam, wie de erfenis al oangien en dêr fersetten de erfgenamten fan Sytze Martena harren tsjin en diene dat troch Æmcke mei geweld fan de Jaerla State te ferdriuwen. Meidat Æmcke fûleinich tsjin de Saksyske regearing wie, koene de Martena's de befelhawwer maklik oerhelje en help mei by it ferdriuwen fan Æmcke. En sa barde it.

Fan Æmcke Jaerla is fernijd dar er grytman fan Tytjerksteradiel west is, op in stins ye Gaastmaburen wenne hat en dêr yn 1529 stoarn is. Hy behearde ta de partij fan de Hartoch fan Gelre dy't fan novimber 1514 oant 1523 it bestjoer oer dat goa fan de Saksers (oant july 1515) en de Boergondjers (oant yn 1523) oer dat goa bestriden. Yn 1520 gie er lykwols oer nei de Boergondyske partij. Æmcke wie in sterke kante keardel docht bliken út ferhalen. Hy stoar sûnder bern yn 1529, wêrnei't syn stoflik omskot ynearsten yn Burgum byset waard, mar letter nei Hantumhuzen oerbrocht waard.

Eelck, dochter fan syn broer Botte en boaske oan Minne fan Eminga, waard syn erfgenamd. Æmcke hat him nea goed deljaan kind by it feit dat de state as liengoed oan de kroan kaam. Ferskate prosessen waarden fierd en yn 1527 hat Æmcke noch besocht in ferdrach mei de Martena's te sluten, mar dat slagge net. Tsien jier leter besocht Minne van Eminga út namme fan syn oare helte Eelck Jaerla it nochris. It liket der op dat jin doe wol in skikking makke hawwe, yn dy sin dat Grut Jaerla, it Jaerlahûs oan de Jaerla's yn eigendom tawiisd waard wylst Lyts Jaerla as lien oan de Martena's behearren bleau.

Grut Jaerla wie yn 1537 20 pûnsmiet grut en yn 1640 70 pûnsmiet. Lyts Jaerla wie yn 1537 80 pûnsmiet en yn 1640 85. Lyts Jaerla is nea wer it besit fan de Jaerla's wurden. Nei it ôfswarren fan de Spaanske kening Filips II yn 1581 is it lien oergien op de provinsje, dy't by eltse nije beliening in seker bedrach barre. Sa bleau Lyts Jaerla yn it besit fan de Martena's en behearde letter as sate oan de Van Aylva's.
De oarspronklike Jaerla State waard nei it ferstjerren fan Minne fan Eminga (yn 1541) en syn oare helte Eelck fan Jaerla (yn 1557) erfd troch harren soan Botte. Dy giene yn de fuotleasten fan harren foarfaars en fersetten harren ek tsjin frjemde oerhearskers, de Spaanske kening en dy syn lânfâd Alva. Mei syn wiif Syts Tjaerda bewenne er de state en nei harren dea (om 1572) waarden se yn de tsjerke fan Wetsens byset.

Minne, de soan fan Botte en Syts Tjaerda, bewenne mei syn oare helte Luts fan Dekema de Jaerla State. Hy stoar yn 1598. Yn syn testamint komme in tal bepalingen foar yn it foardiel fan syn skoansuster Anna fan Dekema dy't ûnder it siikwêzen fan har suster († 1595) lange tiid mei de húshâlding rêde. Sy krige njonken wat replik guod ek in stikje lân yn Jellum en it rjocht om noch in jier nei syn dea de Jaerla zate, state en lannen yn Wetsens fergees te brûken.
Minne hie gjin bern en hat de state frij seker oan syn folle neef Pijbe fermakke. yn 1640 is dy syn widdo Perck van Roorda eigenaresse, mar yn 1608 Haio fan Rinia op de state, dy't yn 1627 grytman fan Kollumerlân waard. Yn 1608 waard de state teffens bewenne troch Tijaerd Aelva de Jonge en yn 1625 troch Otto fan Hobbema en Margarethe fan Boeijmer út Hallum. It liket der op dat de state dêrnei ôfbrutsen waard, want yn 1640 wie Jaarla in pachtpleats.
Ien fan Pijbe's bernebern, Thecla Maria fan Aggema, wie boaske oan Wijbrandus de Laignier. Sy hiene jildkrapte wat bliken docht út it stimkohier fan 1689 dat harren krediteuren as eigeners fan Grut Jaerla neamd.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rienck Rienckama (ek Jaerla neamd)
  • Gabbe Rienckama, letter Jaerla (1420)
  • Botte Jaerla (1444)
  • Gabbe Jaerla (stoarn 1488)
  • Minne Jaerla (stoarn 1494)
  • Æmcke Jaerla (oant 1498)
  • Albrecht Hartoch fan Saksen, in lien oan Hessel en Doecke Martena en Schelte Tjaerda
  • Minne fan Eminga en Eelck van Jaerla (tot 1557)
  • Botte fan Eminga (oant om 1572)
  • Minne fan Eminga (oant 1598)
  • Pijbe fan Eminga, bewenner Haio fan Rinia
  • Perck fan Roorda, widdo Pijbe van Eminga (eig. 1640)
  • Wijbrandus de Laignier en Thecla Maria van Aggema (sjoch ek Aggema State yn Wytmarsum)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jan Leemburg
  • mr A.J. Andreae, Jaerla State te Wetzens
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • Webstee hisgis
  • Webstee Wetsens