Eastergoa

Ut Wikipedy
Eastergoa yn it Frankyske ryk (iere midsiuwen

Eastergoa wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân leinen. Letter wie it ien fan de trije goaen, fan Fryslân.

Gebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de westkant wie Eastergoa begrinze troch de Middelsee mei oan de oare kant Westergoa. Nei it suden wienen de Alde Leppedyk en de Boarn de grins mei Boarnegoa, en letter mei Sânwâlden. Nei it easten foarmen de Lauwers en de Lauwerssee de grins mei it Westerkertier fan de Ommelannen.

1200[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiel dit gebiet hearde ta Wininge, útsein Achtkarspelen, dat doe noch net ta Eastergoa rekkene waard. Om 1200 hinne bestie Wininge út Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel yn it noarden, en Idaarderadiel, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel yn it suden. Om 1250 is it op dy wize yn de "noardlike njoggen" en de "súdlike njoggen" split.

1500[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flagge fan Eastergoa

Om 1500 hinne wienen dy parten fierder útelkoar fallen sa't Eastergoa al split wie yn de bekende twa stêden, Ljouwert en Dokkum, en de âlve gritenijen, Achtkarspelen, Dantumadiel, East-Dongeradiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Ljouwerteradiel, Kollum en Nije Krúslân, Raerderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel.

gritenijen in Eastergoa oan ein 17e iuw

De alve gritenijen fan Eastergoa:

1. Ljouwerteradiel
2. Ferwerderadiel
3. West-Dongeradiel
4. East-Dongeradiel
5. Kollumerlân
6. Achtkarspelen
7. Dantumadiel
8. Tytsjerksteradiel
9. Smellingerlân
10. Idaarderadiel
11. Raerderhim

De twa stêden:

Lw: Ljouwert
D: Dokkum

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]