Boarnegoa
Boarnegoa (nl: Bornego) wie de namme fan in Frankyske goa yn de midsiuwen. Boarne ferwiist nei de rivier de Boarn, dy't de noardgrins mei Eastergoa wie; de súdgrins wie de Tsjonger. Yn it westen grinzge Boarnegoa oan Sudergoa, dat yn de 13e iuw nei alle gedachten opgie yn Westergo. It kin ek wêze dat Boarnegoa ûntstien is út in diel fan Sudergoa.
Om't Boarnegoa, doe't it yn de 14e iuw útinoar foel en opspjalte waard yn de gritenijen Skoatterlân, Opsterlân en Boernfurd, dat letter wer útinoar foel yn Haskerlân, Aenjewier en Utingeradiel, waard der letter yn it suden fan Fryslân ferlet fan in nij ferbân. It âlde Boarnegoa mei parten fan Westergoa en Stellingwerf waarden begjin 15e iuw de Sânwâlden.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Bornego Kolleezje op It Hearrenfean is neamd nei de midsiuwske goa.