Tytsjerksteradiel
Tytsjerksteradiel | |
---|---|
![]() It Alvestêdemonumint op 'e Kanterlânsbrêge oer De Moark. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan Tytsjerksteradiel |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
boargemaster | Jeroen Gebben (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Burgum |
grutste plak | Burgum |
ynwennertal | 31.743 (2018) |
befolkingstichtens | 213,4 / km² |
oerflak | 161,41 km² |
● wêrfan lân | 149,44 km² |
● wêrfan wetter | 11,97 km² |
tal doarpen | 17 |
ferkearsieren | N355, N361 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
oar | |
netnûmer | 058, 0511 |
postkoade | 9061–9265 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.tytsjerksteradiel.nl |
Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert, yn De Wâlden. De gemeente hat 31.743 ynwenners (31 desimber 2018),[1] en in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim.[2]
Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It haadplak is Burgum, en de oare plakken yn de gemeente binne: Aldtsjerk, Earnewâld, Eastermar, Feanwâldsterwâl (foar in part), Garyp, Gytsjerk, Hurdegaryp, Jistrum, Mûnein, Noardburgum, Oentsjerk, Ryptsjerk, Sumar, Suwâld, Tytsjerk en Wyns.
De buorskip Bartlehiem, by Aldtsjerk, bekend troch de Alvestêdetocht, heart ek foar in part ta Tytsjerksteradiel.
De gemeente brûkt sûnt 1989 Fryske plaknammen.
Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder, De Leien.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|