De Leien (wetter)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Leien
diel fan De Leien

De Leien is in mar fan 300 bunder yn de gemeente Smellingerlân. De mar leit benoarden Drachten, besuden Eastermar en bewesten De Tike. De mar is ûntstien troch feanterij, en is dêrom op in soad plakke ûndjip. Troch de mar rint in soal fan De Pein nei Eastermar en nei Rottefalle. Oan de eastkant fan de mar is in strantsje mei horekagelegenheid en kemping.

It soal is begjin 21e iuw útbaggere dat de histoaryske fartrijehoek De Pein-Rottefalle-Eastermar yn eare hersteld waard. Bûten it soal is De Leien mar in meter djip. Om de rekreaasje te befoarderjen binne trije eilantsjes oanlein dy't, troch in priisfraach yn 2006 harren nammen krigen ha: De Rôt, nei in âld beurtskip dat eartiids tusken Ljouwert en Rottefalle fear, Reitsma's Pôle, nei in âld-fiskersfamylje en De Baalder wat 'baggelder' betsjut as ferwizing de eardere feanterij.

De mar is foar in grut part yn hannen fan Steatsboskbehear. Eartiids stie De Leien bekend as in natoergebiet dêr't ek in soad bysûndere fûgelkoloanjes wienen. Yn it ramt fan ûntwikkeling fan de Lits-Lauwersmarrûte wurdt de mar geskikter makke foar rekreaasje en toerisme. Hjir en dêr binne eilantsjes mei oanlisplakken makke. De farrûtes en tagonklikens binne ferbettere troch fargeulen oan te lizzen. De havens yn de omkriten fan De Leien wurden yn it ramt fan itselde projekt ek opknapt en ferbettere. Sa krijt De Tike, oan aan de westkant fan De Leien, in lyts haventsje, en krijt Eastermar sels in folslein nij wettersportterrein mei in passantehaven mei 30 lisplakken. Yn De Pein binne ek nije oanlissteigers makke.

Sa soargje de plannen fan Steatsboskbehear foar in ympuls yn it toerisme op en om De Leien. It natoergebiet wurdt mear en mear omset yn in rekreaasjeplasse. Foar de natuerlike wettersporters (lês: silers en wynsurfers), is de mar troch de soad eilantsjes, sânbanken en fargeulen minder geskikt wurden. Mar foar de farders mei gruttere motorjachten is it in stik ferbettere.

De namme De Leien jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme De Leijen.

De leijen net voor de zonsopkomst.JPG