De Tike

De Tike is in doarp yn it noarden fan de gemeente Smellingerlân, tichteby it marke De Leien. It doarp hie likernôch 350 ynwenners yn 2004 en yn 2014 316 ynwenners.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De omkriten fan it doarp fan no, waard al foar de jiertelling bewenne. De namme Tieke is nei alle gedachten ôflaat fan it wurd Theeka. Yn in akte út it jier 1543 wurdt "een stuck leggende opt Theeka" fernijd. Om 1700 stienen yn de omkriten in stik of wat pleatsen en meardere seaddehutten ferspraat yn it lânskip. Op 23 oktober 1952 waard offisjeel de doarpsstatus ferliend en is op advys fan de Fryske Akademy de namme feroare yn De Tike.
De Tike leit fan âlds op de skieding fan twa gemeentes, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel. De grins rint lâns de Susterwei en de Polderdyk. De Susterwei is neamd nei de susters fan it eardere nonnekleaster yn Sigerswâld. Dy nonnen rûnen dêr yn de 16e iuw lâns as hja nei de oare kleasters deromhinne gienen. Dy ferbiningswei rûn doe dwers troch it gebiet wêr't no De Leien leit. By de Doktersheide is destiids ark fûn út de Tardenoisien kultuer (± 4500-1850 jier foar kristus).
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Gielguorde wie fan 1929 oant 2019 de basisskoalle fan De Tike. It doarpshûs hjit 'Ora et Labora' en stiet oan de master De Jongwei. De Heidehipper is de doarpskrante dy't fjouwer kear yn 't jier ferskynt. Om de trije jier is it doarpsfeest. Yn 2002 waard it 50-jierrich bestean fan it doarp fierd.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der binne gjin sportferienings yn it doarp. Foar fuotbal moat men nei De Pein by vv ONT, in ôfkoarting fan Opeinde, Nijegea en de Tike.
- SDG, Soli Deo Gloria - brassband
- folksdûnsjen
- toanielferiening
- De Dwerssleat - havenferiening
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doktersheide, Durk Ljibbeswei, Harmsreed, It Leech, Leiensreed, Master de Jongwei, Master Iniawei, Peinderwei, Polderdyk, Singel, Susterwei, Wierren.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Haadplak: Drachten | |
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | |
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren |