Rehobothtsjerke (Sumar)

Ut Wikipedy
(foarhinne) Rehobothtsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Tytsjerksteradiel
plak Sumar
adres Hearenwei 16
bysûnderheden
type bouwurk earder tsjerkegebou
boujier 1911-1912

De Rehobothtsjerke wie de eardere grifformearde tsjerke fan Sumar. Yn it ramt fan de foarming fan ien protestanske gemeente yn Sumar waard it gebou oerstallich en ôfstjitten. De tsjerke waard nei ferkeap ferboud om der yn te wenjen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ûntstean fan in grifformearde gemeente datearret út it ein fan de 19e iuw. In soad ynwenners fan Sumar besochten foar dy tiid de evangelisaasjegearkomsten fan de Confessionele Vereeniging op De Tike, mar yn 1884 waard in âlde smidte oankocht oan de Hearenwei en ferboud as ienfâldich lokaal foar grifformearde tsjinsten.

Yn 1911 waard útein set mei de bou fan in tsjerke, pastory, konsistoarje en wenning foar de koster foar de grifformearde gemeente. It gebou krige de namme Rehoboth, in ferwizing nei it ferhaal yn Genesis 26 oer Izaäk.

De tsjerke waard yn 1948 nochris fergrutte en yn 1979 folge in restauraasje fan it gebou.[1]

Op snein 6 maart 2005 waard de lêste tsjinst in de Rehobothtsjerke fierd. Yn 2006 gyngen de beide gemeenten fierder as Protestanske Gemeente Sumar. [2]

It Reil-oargel fan de grifformearde tsjerke út 1966 bedarre yn de Pniëltsjerke fan de Hersteld Herfoarme gemeente yn it Gelderske Oosterwolde.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: