Sytebuorren

Ut Wikipedy
De himrik fan Aldegea

Sytebuorren is in buorskip yn de gemeente Smellingerlân. Sytebuorren leit tusken Grou en De Feanhoop, en heart ta de himrik fan Aldegea. Hy wurdt oan trije siden begrinze troch wetter. Yn it noarden foarmet De Geau (Grou) de grins mei it Nasjonaal Park De Alde Feanen. Besuden rint de Sytebuorster Ie en bewesten foarmet it kanaal De Grêft tagelyk de gemeentegrins, mei oan oare kant it eilân De Burd, dat by Grou heart. Tusken De Burd en Sytebuorren fart in fytsfear.

Berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buorskip falt ûnder de himrik fan Aldegea en is allinnich berikber oer in (foar autoferkear) dearinnende dyk, fan de brêge by de Headammen ôf. Yn de simmermoannen kin dêr De Grêft oerstutsen wurde mei fyts- en fuotfear "De Snoekcbears" (in wurdboarterij op de famyljenamme Snoekc, wenjend by it fear). Sa is der ek in ferbining mei Grou troch middel fan 'e fearpont De Burd.

Bewenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wurdt al yn 1543 neamd as Zytebueren en komt letter ek foar as Sytje Buiren, Zytte buyr, Zyds buuren, Syta huystre guedt en Sitebuorren. Neffens de Schotanusatlas stienen om 1700 hinne yn it gebiet sân pleatsen, elk op in eigen terp. Dy hûsterpen binne allegear ôfgroeven en de grûn is brûkt as dong foar de feanboaiem. No steane der noch fjouwer pleatsen, oan beide kanten fan De Grêft. Troch gemeentlike weryndieling binne yn Sytebuorren noch mar twa pleatsen oer, dy't beëasten De Grêft steane.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Fryske skriuwster Auck Peanstra brocht har jeugd troch yn Sytebuorren. Yn 2007 ferskynde har roman: Sitebuorren, myn eigen paradys. Fan har broer Oane ferskynde ek in boekje: Herinneringen aan Sitebuorren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Smellingerlân
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje