Koartehimmen
Koartehimmen | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 197 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,35 km², wêrfan: - lân: 2,34 km² - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 68 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 04' N 6° 04' E | |
Lokaasje Koartehimmen (grien) yn 'e gemeente Smellingerlân | ||
Offisjele webside | ||
Side Smelle Ie-De Wylgen-Bûtensfallaat | ||
Kaart | ||
Koartehimmen is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, súd fan Drachten. It bestiet út de buerten Galhoeke en Boerestreek.
Koartehimmen hat 197 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De doarpsnamme komt fan it omlizzende lân. Himmen binne lege wiete stikken lân dy't meastentiids by in rivierke lizze. Yn it gefal fan Koartehimmen wie dat de Drait. Oan wjerskanten fan it rivierke lei in rige sânkoppen dêr't minsken harren nei wenjen setten. Sa ûntstie Suderdragten oan de iene en Koartehimmen oan de oare kant fan it wetter.
De nei alle gedachten yn de 2e helte fan de 13e iuw boude toerleaze, goatyske tsjerkje is fan it type sealtsjerke. Op it tsjerkhôf stiet in yn 1950 fernijde klokkestoel.
Troch de iuwen hinne groeide Koartehimmen net in soad. Op de grins fan Koartehimmen en Boarnburgum waard om 1900 hinne in molkfabryk boud. Dêrnjonken kamen der fabrykshûzen, in bank, in smidderij en in weinmakkerij mei winkels. It molkfabryk fusearre mei de fabriken fan Olterterp, Langsweagen en Terwispel.[3]. De E22 ferdielt it doarpsgebiet Koartehimmen yn twa dielen. Súdlik fan de E22 leit it histoaryske Koartehimmen. De eardere buorskippen Sânbuorren en Galhoeke lizze oan de noardwestlike kant en foarmje mei harren lintbebouwing tsjintwurdich ûnderdiel fan de doarpskom.
Yn de boskrike streek stie ek de Folkshegeskoalle, foarmings- en konferinsjesintrum fan de Woodbrookers. De Skriuwersrûnte Koartehimmen kaam hjir yn 'e jierren 1960 twaris yn 't jier gear om meiinoar eigen wurk foar te lêzen en te bepraten. Dit hat laat ta it opsetten fan Operaesje Fers. Troch de dichterstelefoan te beljen, koene minsken alle wiken in oar fers hearre.
Reagerbosk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Reagerbosk op de himrik fan Koartehimmen leit hjoed-de-dei deun tsjin it doarp Beetstersweach oan. De bosk bestiet meast út âld leafbosk. De âlde Reagersbosk krige syn âlde beammen meidat de bosk generaasjes lang ekstinsyf fersoarge is. Ut it gebiet binne in soad bisten bekend, wêrûnder in grut tal bysûndere ynsekten dy't op de âlde beammen tahâlde. Eastlik fan 'e bosk leit Koartehimster Fjild, dêr't oant yn de jierren 1930 noch in spinnekopmûntsje stie.[4] It Reagerbosk is yn besit fan de Van Teyens Fundatie[5].
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei Boarnburgum hat Koartehimmen in Feriening foar Doarpsbelangen. Koartehimmen docht in soad yn 'e mande mei Boarnburgum. De twa doarpen hawwe ek itselde wapen en deselde doarpsflagge.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Boarnburgum.
- De Wikipedy hat ek in side Fuortsette grifformearde tsjerke (Boarnburgum).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hast alle bern geane yn Boarnburgum nei de basisskoalle.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferieningslibben fan Koartehimmen wurdt dielt mei Boarnburgum. De Himmen is in buertsferiening yn Koartehimmen (Sânbuorren, gedielte Galhoeke, Boerestreek, Himsterfinnen en Prikwei). Doarpskrante 'Boarnhimster Bining' ferskynt fjouwer kear yn 't jier en is ek in krante foar beide doarpen.
- Bernekoar The Young Source
- Biljertklub Trefpunt
- Bridgeklub 't Troefke
- Fanfare Looft den Heer
- Iisklub Foarút
- Toanielferiening Us Fertier
- Sportklub Boarnburgum '80 (fuotbal, gymnastyk, kuorbal, tennis en follybal)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2012 | 2014 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 127 | 299 | 286 | 224 | 201 | 190 | 255 | 267 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 261 | 239 |
Behannelsintrum Woodbrokers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2007 makke de Grinzer ynstelling Het Poortje bekend dat it fan doel wie in ôfdieling yn de gebouwen fan de eardere Folkshegeskoalle yn Koartehimmen ûnder te bringen.[6]. Mei protesten besochten de doarpsbewenners dy plannen te kearen, mar om 'e nocht. Yn 'e ynstelling wenje jongerein dy't ôfkomstich binne út Fryslân en fanwegen spesifike problematyk net thús wenje kinne.[7]
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boerestreek, Galhoeke, Himsterfinnen, Prikwei, Sânbuorren.
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jochum Dykstra "It Boereboek" (2006)
- Jochum Dykstra "Himster Pearels" (2009)
- Jochum Dykstra "Bylden út de Skiednis fan Boarnburgum" (2015)
- Jochum Dykstra "Winkels yn Boarnburgum" (2018)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fryske doarpen.
- Hemminga, in geslachtsnamme ôflaat fan Kortehimmen
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 augustus 1813 is Jan Halbes de Jong út Koartehimmen ûnthalze op de Ljouwerter guillotine fanwege moard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Smellingerlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldegea • Boarnburgum • Drachten • Drachtster Kompenije • De Feanhoop • Goaiïngahuzen • De Houtigehage • Koartehimmen • Nyegea • De Pein • De Rottefalle • Smelle Ie • De Tike • De Wylgen | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • Eibertsgeasten • De Folgeren • Galhoeke • De Geasten • De Kletten • De Koai • Luchtenfjild • Middelbuorren • Noarderein • Nijtap • Opperbuorren • Puntpeal • Sânbuorren • Sytebuorren • It Súd • Suderheide • Utein • Wierren | ||
· · |