Tsjerke fan Koartehimmen

Ut Wikipedy
Kleastertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Koartehimmen
adres Boerestreek 13
koördinaten 53° 4' N 6° 4' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier ± 1300
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33982
Webside
PKN Boarnburgum-Koartehimmen
Side Kleastertsjerke
Kaart
Tsjerke fan Koartehimmen (Fryslân)
Tsjerke fan Koartehimmen

De Tsjerke fan Koartehimmen of de Kleastertsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou út likernôch 1300. It tsjerkje is ien fan de âldste gebouwen fan de gemeente Smellingerlân en waard yn 2013 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken, mar de protestanske gemeente fan Boarnburgum-Koartehimmen (dêr't De Wylgen, De Feanhoop en Smelle Ie ek ta hearre) makket noch regelmjittich gebrûk fan de tsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tsjerkje waard om likernôch 1300 op in sânrêch lâns it rivierke de Drait as katolyk tserkje boud yn romanogoatyske styl. Muontsen fan it kleaster Smelne hawwe de ynwenners fan Koartehimmen by de bou fan de tsjerke holpen. De fûneminten fan de tsjerke steane op fjildstiennen, in oanwizing dat it plak earder in heidensk offerplak west hat.[1]

Gevelstien 1620

Fan de tsjerke bleau de noardlike muorre it meast oarspronklik. Yn 1620 waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst. Yn pleats fan in koer krige de tsjerke as eastlike ôfsluting in flakke gevel. By dy ferbouwing waard ek it reiden tek fan de tsjerke ferfongen. In mei in holtsje fan in ingel fersierde gevelstien oan de súdlike muorre en de jiertalankers oan de eastlike gevel binne doe oanbrocht. It fleugele ingeltsje krige ek in plak yn it wapen fan Koartehimmen. Yn de rin fan de tiid ferlear de tsjerke ek de noardlike yngong foar froulju en de súdlike yngong foar manlju, dy't beide tichtmistele binne; de tagong is no oan de westlike kant. In toer hat de tsjerke nea hân. Yn stee dêrfan kaam der in klokkestoel mei in liedklok út 1750. De klok waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere, mar is net omraand en letter werom fûn.

Tekst gevelstien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e gevelstien stiet dizze tekst (Nederlânsk):
"[Martini] Joachimi, postulant, Hendrick [Geerts] [Peter] Crijns kerckvoochde(n) va(n) Corte[hemmen] [Liu]ppe Gauwes dor[psrechter] Geert H[endricks] [Ei]generfde, Johannes Martinides." [2]
Martinus en syn soan Johannes binne foarâlden fan it geslacht Hemminga.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan de tsjerke is oerdekt mei in houten tonferwulft. De trekbalken moasten by de restauraasje fan it ynterieur yn 2002 ferfongen wurden om't se oantaast wiene troch de houtkrobbe. De preekstoel en it doophek datearje fan nei de reformaasje en binne 16e- of 17e-iuwsk. De kânsel is fersierd mei renêssânse fykwurk fan planten, fûgels en gesichten. De steatebibel stamt út 1643.

De banken binne 18e-iuwsk. Fierder binne der noch sân sarken. Yn de tsjerke hingje noch petroaljelampen dy't net mear brûkt wurde.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de tsjerke stamt út 1938 en is boud troch de firma Bakker & Timmenga, Ljouwert.[3]

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke fan Koartehimmen wurdt noch regelmjittich brûkt troch de protestanske gemeente fan Boarnburgum-Koartehimmen. Dêrnjonken wurde der eksposysjes, presintaasjes, lêzings en konserten yn it tsjerkje organisearre. Ek foarmet de tsjerke in populêre lokaasje foar rou- en troutsjinsten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: