Bakker & Timmenga
Bakker & Timmenga is in oargelmakkerij út Ljouwert.

Oargel út 1900 yn de Doperske tsjerke (It Hearrenfean)

Oargel út 1938 yn De Karmel yn Wâldsein, mei in oargelkast út 1839 fan J.C. Scheuer
De oargelmakkerij waard yn 1880 mei úteinset troch twa oargelbouwers: Fokke Bakker (1842-1904) en Arjen Timmenga (1854-1920). Beide krigen har' oplieding by Willem Hardorff. It wie neist Adema, Van Dam en Hardorff de fjirde oargelmakkerij yn Ljouwert. It kompanjonskip waard yn 1902 ûntbûn; Timmenga sette it bedriuw allinnich fuort. Yn 1919 giet er in kompanjonskip oan mei syn soan Bernard Timmenga (1889-1972), dy't it bedriuw oant 1960 liede soe. Dan wurdt de oargelmakkerij oernomd troch Wopke Yedema en Harm Pieter Dam. Sûnt 1991 is Bert Yedema eigener.
- Oargels (karút)