Springe nei ynhâld

Bitgummole

Ut Wikipedy
Bitgummole
Tsjerke en pastorij
Tsjerke en pastorij
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 935 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,11 km², wêrfan:
lân: 5,1 km²
wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 179 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 14' N 5° 42' E
Offisjele webside
Side Bitgummole
Kaart
Bitgummole (Waadhoeke)
Bitgummole

Bitgummole is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Bitgummole leit noardlik fan Ingelum, eastlik fan Bitgum en súdwestlik fan Stiens. De doarpskearn fan Bitgummole leit om de J.H. Van Aismawei.

Sûnt 1963 is Bitgummole in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Bitgum.

Bitgummole hat 935 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Bitgummole is in jong doarp dat pas yn 1963 selsstannich waard en foarhinne by Bitgum hearde. It ûntstie by de nôtmole dy't de bewenners fan de state Grut Terherne yn de 16e iuw bouwe litten hawwe.

Grut Terherne foar de ôfbraak

Grut Terherne stie krekt westlik fan it hjoeddeiske doarp súdlik fan de wei nei Bitgum en waard yn 1879 ôfbrutsen. It tagongshek is noch jimmeroan oanwêzich. De bylden dêrop en in gevelstien fan de poarte wurde bewarre yn it Frysk Museum. Mooglik stie der op Dyksterhûzen noch de Buma State, oarspronklik in stins dy't yn 1511 foar it earst neamd waard.[3] De kop-hals-romppleats dy't op dat plak stie baarnde yn 1970 ôf en waard ferfongen troch in moderne pleats. Letter soe de famylje Buma op de pleats wenne ha. In tredde state wie de Aysmastate eastlik fan it hjoeddeiske Bitgummole.

De nôtmole is yn 1864 ôfbaarnd en net wer opboud. Bitgumermole is in lintdoarp oan de Middelseedyk en efter in dwersdyk troch de eardere Middelsee, de Langestrjitte-Skrédyk, dy't as trochgeande wei fan Ljouwert nei Berltsum tsjinne. Dy waard om 1300 oanlein om it efterlân te beskermjen tsjin heech wetter. Bitgummole wie dus in buorskip op de grins fan twa lânskipstypes: it âlde kwelderlânskip mei in lytsskalige mozaïekferkaveling en it iepen en strakke polderlânskip fan de eardere Middelsee. Letter waard ek bylâns oare ferbiningswegen boud, en nei de jierren 1950 tusken dy wegen, sadat de bebouwing wol kompakter waard, mar noch altiten sûnder buorren.[4] In echt sintrum hat Bitgummole nea hân.

Sikkemabuorren

Yn 1892 krige Bitgummole foar it earst in eigen tsjerke. Dat waard de grifformearde tsjerke, dy't sûnt de ôfskieding foarhinne oan de (eartiids) Alde Berltsumerdyk yn Bitgum stie. Dat earste tsjerkje fan Bitgummole waard yn 1925 ferfongen troch in nij monumintaler gebou fan de arsjitekt Ane Nauta.

Bitgummole wie sterk op de lânbou rjochte en hie in feiling en in legere lânbouskoalle. Tsjintwurdich wenje der in soad forinzen yn it doarp dy't yn Ljouwert wurkje. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde Bitgummole ta Menameradiel.

Sûnt 2018 leit Bitgummole yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.

Bitgummole docht in soad yn 'e mande mei de oanbuorjende doarpen Bitgum en Ingelum, mar it hat wol in eigen Pleatslik Belang. It Doarpshûs is fan Bitgum en Bitgummole en hjit "Ons Huis". Ynwenners fan Bitgummole hawwe deselde skelnamme as Bitgumers: roeken.[5]

Kafee
De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Bitgummole).
J.H. van Aismawei

Yn 2016 naam de doetiidske gemeente Menameradiel it beslút om in nije brede skoalle te bouwen op it plak fan de kristlike basisskoalle. Sawol de kristlike basisskoalle as de iepenbiere skoalle binne yn de yn 2018 iepene nijbou ûnderbrocht. Ek de bern fan Bitgum en Ingelum geane dêr nei skoalle.[6]

Keunstwurk "De Fang"

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 909 840 889 920 920 925
Pleats oan de J.H. van Aismawei

Berne yn Bitgummole

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De belangrykste ûntslutingswei wie de J.H. van Aismawei, in gedielte fan de Middelseedyk, dêr't de measte huzen oan stiene. It wie de trochgeande wei fan Ljouwert oer Berltsum nei Minnertsgea en Seisbierrum. Troch de oanleine Westergoawei (S10) is de funksje fan de Van Aismawei as trochgeande dyk ferfallen. Dêrneist binne der ferbiningsdiken nei doarpen yn de omkriten: ‘de Ingelumerdyk nei Ingelum, de Menamerdyk nei Menaam (nei it oanlizzen fan it Noard-west Tangint gjin trochgeande dyk mear), en de Langestrjitte rjochting Stiens.

De Hammeringen, Dyksterhuzen, Ingelumerdyk, De Bosk, Hogerhuisdyk, It Bosklân, It String, J H van Aismawei, K van der Meijstrjitte, Langestrjitte, Lytsedyk, Menamerdyk, Moalderspaad, Nijlânsdyk, Sikkemabuorren, Terhornestrjitte.

  • Kingma, T. - Bitgum Skiednis fan Bitgum en Bitgummole. ( Fryske Akademy, Ljouwert 1988. Rige steds-, doarps- en streekskiednissen nûmer 2. Akademy-nûmer 694. ISBN 90-6171-694-2. 292 siden)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Stinzen in Friesland, oproppen 19 jannewaris 2023
  4. Side Bitgummole
  5. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
  6. Ljouwerter Krante, 7 july 2016