Springe nei ynhâld

Stiens

Ut Wikipedy
Stiens
Langebuorren
Langebuorren
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 7.800 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 18,04 km²
lân: 17,76 km²
wetter 0,29 km²
Befolkingsticht. 440 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 5° 45' E
Offisjele webside
Side Stiens
Kaart
Stiens (Fryslân)
Stiens

Stiens is in doarp yn 'e gemeente Ljouwert en leit noardwestlik fan Britsum, súdeastlik fan Alde Leie en besuden Feinsum. De doarpskearn fan Stiens leit benammen oan de Smelbrege en Langebuorren. De buorskippen Truerd, It Tichelwurk, Buerstermûne (diel) en Bartlehiem (diel) hearre ek by Stiens.

Stiens hat 7.800 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

De namme Stiens is net maklik te ferklearjen. Guon tinke dat de namme fan 'Steninge' komt. Dat soe dan betsjutte: 'hearrend by stien'. Oaren tinke oan de persoansnamme 'Stene'. Yn âlde akten wurdt Stiens 'Steens, Steense' of 'Stiensede' neamd.

Troch terpfynsten wurdt oannommen dat der sûnt 300 foar Kristus terpen opsmiten waarden op de kwelderwâl. De earste skriftlike boarne datearret fan 1399. Yn dat jier beliende greve Albrecht fan Beieren fan Hollân Gerryt fan Camminga út Ljouwert mei de doarpen Steensede, Wurdum en Ferwert. Letter rekke Stiens belutsen yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers, troch't de Ljouwerter eallju Fetkeapers wienen en de Stienzer eallju Skieringers.

Stasjon Stiens.

Sa om 1900 hinne waard Stiens in plak dêr't rinteniers harren nei wenjen setten. Stiens krige sa de namme fan in deftich doarp. Dat waard oantrune mei't Stiens oan de Noarder Lokaal Spoarwei kaam te lizzen en in stasjon fan de earste klasse krige.

Sûnt 2018 leit Stiens yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel. Sûnt 1965 (foar 1965 stie it riedhûs yn Ljouwert) wie Stiens haadplak fan Ljouwerteradiel.

Yn 1943 waard it Sudertrimdiel fan Ljouwerteradiel ûnder fûle protesten fan de befolking by de gemeente Ljouwert foege. Al gau winske it gemeentebestjoer om it riedshûs te ferhûzjen nei Stiens, mar it duorre noch oant 1958 ear't dy plannen útfierd waarden. Op 28 augustus waard úteinset mei de nijbou fan it riedshûs yn Stiens en op 1 maart 1965 waard it iepene.[3]

Burmaniastate (1723).

Stiens hie alear in protte states, dy't yn de rin fan de tiid allegearre ôfbrutsen binne. Allinnich strjitnammen betinke hjoed-de-dei de eardere states. De wichtichste state wie de Burmaniastate. Dy waard ek wol nei de earste eigners de Hajomastate neamd. De Burmania’s wennen sa’n 150 jier yn Stiens en de lêste bewenner hat Watze fan Burmania west. Hy is yn 1691 as militêr op see omkomd. Yn 1722 waard de state ferkocht oan de famylje Heringa fan Aisinga. Earne tusken 1723 en 1757 is de state ôfbrutsen. Der hat ek noch in Burmaniastate west op it Stienzer Aldlân.

In oare state wie Uniastate. De Unia's hawwe lang yn Stiens wenne. Guon hawwe grytman fan Ljouwerteradiel west. Uniastate wie ferneamd om de plantagie, in tún mei fruchtbeammen mei in singel fan ipen. Yn de folksmûle waard dit it Lyts Efterbosk neamd. Op it plak fan Uniastate is letter de âlde grifformearde tsjerke boud.

De Sint Fitustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Fitustsjerke.
De Wikipedy hat ek in side Sint-Fitustsjerke (Stiens).

De Sint-Fitustsjerke waard om 1100 hinne stifte fanút Sint-Fitus fan Aldehou en wijd oan Sint-Fitus en Sint-Anne. De lytse Annaklok is út 1381 en is yn 2010 reparearre.

Om de tsjerke leit in tsjerkhôf yn in aaifoarm. Om it hôf hinne stiet in krâns fan 120 beammen fan sa'n 200 jier âld. De tagong is troch draaihekjes. Dit wie om't de feemerk om de tsjerke holden waard en losrinnende kij fan it tsjerkhôf te hâlden.

De Minniste Gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1594 wiene der al menisten yn Stiens. In soad is dêr net oer bekend. Yn 1695 ûnstie in gemeente fan sa'n 25-40 leden. It hat nea in bloeiende gemeente west en dêrom waard yn 1732 besletten om oer te gean nei de gemeente fan Hijum. Dy fusearre letter mei de gemeente fan Hallum.

Yn 1944 wurdt der in rûnte foarme fan leden út Aldebiltsyl en Hallum. Dy is letter wer ferrûn. Yn 1954 ûntstie yn Stiens in nije rûnte fan sa'n 25-30 leden. Yn 1974 krige dy rûnte de erkenning as de Meniste Gemeente fan Stiens. De tsjerketsjinsten waarden holden yn it gebou fan de herfoarme evangelisaasje. Doe't de evangelisaasje wer ien waard mei de Herfoarme Gemeente, waard it gebou oan de muzykferieniging 'Studio' ferkocht mei as betingst dat de menisten sneins it gebou brûke mochten. Studio krige in nij ûnderkommen en it gebou waard, mei stipe fan de leden, troch de Meniste Gemeente kocht. Earst komt der in gearwurkingsferbân mei de gemeenten yn Sint Anne en Aldebiltsyl, mar letter kaam der in kombinaasje Hallum/Stiens.[4]

De Grifformearde Tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De âlde grifformearde tsjerke oan de Uniawei.

Yn de rin fan de 18e iuw krige de herfoarme gemeente fan Stiens útsprutsen frijsinnige dûmny’s. Under de otterdoksen ûntstie ûnrêst en in diel socht ynearsten oansluting by de ôfskieden tsjerke yn Britsum, dy’t in 1862 stifte wie. Op 14 july 1872 waard in grifformearde tsjerke yn Stiens ynstituearre, folge troch de bou fan in neogoatyske tsjerke yn 1880 en it beroppen fan dûmny G. Elzenga as earste ôfskieden dûmny fan Stiens. Yn 1892 gie de tsjerke oer nei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Nei de oarloch naam it tal leden sa ta dat de tsjerke oan de Uniawei te lyts waard. Yn 1972 waard der in nije tsjerke boud. Dy krige as namme: De Hege Stins. Yn de rin fan de tiid kaam der in gearwurkingsferbân mei de herfoarme gemeente dat is útrûn op de foarming fan de PKN-gemeente Stiens.

Mûne De Hoop.
De Stienhúster mûne.

Yn 1875 waard de mûne 'De Hoop' as nôtmûne boud troch de mealder Jan P. Duinkerk. Yn 1922 joech de mealder der de brui oan. De mûne waard oant de stiennen romp ôfbrutsen, dy't de namme Piperbus krige. Yn 1976 kocht de gemeente Ljouwerteradiel de romp en yn 1979 stie der wer in nije mûne. Yn de Aldjiersnacht fan 1991 rekke in fjoerpylk de mûne en de mûne baarnde ôf. Yn 1993 waard de mûne wer yn gebrûk nommen. Sneons draait de mûne en wurdt betsjinne troch amateursmealders.

Lytse mûne of Binnema’s mûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1913 waard de mûne boud oan de Stienzer Feart foar it bemeallen fan de Binnema’s polder. Yn 1988 krige de mûne it nije plak oan de Brédyk. De mûne wie doe al troch de Stifting De Fryske Mole oernommen. It is de lytste muonts fan Fryslân.

Steenhústermûne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Stienzer Aldlân stiet de Stienhústermûne út 1913. Dy is yn 1988 restaurearre en is ek in besit fan de Stifting 'De Fryske Mole.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich bestie it wurk fan it Stienzer ferset fral út it regeljen fan gaadlike plakken foar ûnderdûkers. Dêrby waard nau gearwurke mei it ferset fan Ljouwert. It Stienzer ferset is de oarloch relatyf goed troch kommen en ek ûnder de pear NSB-ers dy't it Noardertrimdiel telde kaam ferrie net foar.[5] Oan it ein fan de kriich waard dûmny Bender oppakt, dy't nei ûnderfreging yn nei Dútslân ferdwûn en nei de oarloch werom kaam.

Oarlochsmonumint Stiens.

Stiens ferlear yn it lêst diel fan de oarloch noch trije jonge manlju. Folkert Tolsma waard yn july 1944 oppakt om't er him net by de ferplichte Arbeidseinsatz jûn hie. Hy waard op transport nei Dútslân set en kaam nea werom. By in razzia op 23 augustus 1944 yn it swimbad waard Tamme Zijlstra oppakt, dy't ferstoar yn Ahlem by Hannover. De trije bruorren Arjen, Sytze en Jacob Heslinga waarden yn jannewaris 1945 oppakt, om't in evakuee him net hold oan de fertsjusteringsfoarskriften. Arjen kaam nei de oarloch siik werom út Dútslân en ferstoar yn it sikehûs fan Delfsyl. De trije manlju wurde yn Stiens allegear betocht mei in eigen strjitnamme.

By in razzia op it Tichelwurk waarden njoggen jonge manlju oppakt, wêrfan fiif ûnderdûkers. Allegear oerlibben hja de oarloch yn Dútslân. Nei in slagge razzia yn de Koarnjumer tsjerk op de sneintemoarn fan 11 febrewaris 1945, wêrby't 19 man fûn waarden, besochten de Dútsers dy middeis it ek nochris yn Stiens, mar dêr fûnen hja nimmen: alle jonge manlju wiene warskôge en thúsbleaun.[6]

De Nije Skalm.

De Nije Skalm is it kulturele sintrum fan Stiens. It is ûnderbrocht yn it eardere, renovearre gemeentehûs fan Ljouwerteradiel. Sûnt ein 2022 hawwe alle aktiviteiten dy't earder yn de Skalm plakfûnen in plak yn de Nije Skalm.[7] Pleatselik belang rêdt tegearre mei ferienings en ynstellings mei de belangen fan it doarp. It sportkompleks It Gryn (ek it swimbad) wurdt fan 2012 ôf ferwaarme troch biogas fan boerebedriuw De Boer-Talsma. thumb|260px|Smelbrêge.

Stiens hat gjin foarsjennings foar fuortset ûnderwiis.

Kafee De smelle Brêge.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Van der Aa (1792–1857) hie Stiens 1.780 ynwenners en de Ensyklopedy fan Fryslân joech yn 1958 in ynwennretal fan 2.588 op. De grutte útwreiding is nei 1960 kommen, doe't fral Ljouwerters nei Stiens ferhûzen. De gemeente Ljouwerteradiel hat it tige oantrune om it maklik te meitsjen in hûs yn Stiens te krijen. De plannen 'Stiens-Súd' en 'd’Oriïnt' waarden oanelin en it doel wie noch fierder te bouwen, mar de provinsje kearde dat op.

Jier 1744* 1796* 1855* 1895* 1913 1954 1959 1964 1969 1974
Ynwenners 846 1.157 1.820 2.234 2.335 2.559 2.519 2.619 2.948 4.667
Jier 1999 2004 2022
Ynwenners 7.589 7.780 7.806

* Sifers ôfkomstich út: Ljouwerteradiel, G. Abma, 1984, De Tille, side 428

Monumint foar Piter Jelles Troelstra

Ien fan 'e bekendste ynwenners fan Stiens wie Piter Jelles Troelstra, mar dy is net yn Stiens mar yn Ljouwert berne.

De Poarte.

Alle strjitten yn Stiens

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Ljouwerteradiel, G. Abma, side 256
  4. Doopsgezind Stiens, oproppen 28 otkboer 2022
  5. Ljouwerteradiel, G. Abma (1984), side 239
  6. Ljouwerteradiel, G. Abma (1984), side 240-242
  7. De Stienzer, 26 oktober 2022

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje