Húns
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2004) | 100 | ||||
Webstee | webstee fan Húns en Leons |

de himrik fan Húns

Húnzermûne (2008)
Húns is in doarp yn de gemeente Ljouwert. It doarp hat likernôch 100 ynwenners (2004). Der ride bussen nei Ljouwert en nei Boalsert.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Húns diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neidat it doarp sûnt 1984 by de nij foarme gemeente Littenseradiel lei, kaam it yn 2018 by de gemeente Ljouwert.
Der binne ferskate gebouwen te besjen, wêrûnder in wettermolê, de Boalserter Trekfeart en de 13e-iuwske Nikolaastsjerke.
In eintsje súd fan Húns stiet de Húnzermûne, in poldermole út 1829.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ynwenners dogge in soad tegearre mei it tichtby lizzende Leons. Der is in feriening Doarpsbelang Húns-Leons. It doarpshûs hjit de Murdhûn.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nikolaastsjerke (Protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons)
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Soas Húns-Leons
- De Takomst - toaniel
- keatsferiening
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Húns en Leons yn fûgelflecht, dit boekje waard útjûn by it 100-jierrich bestean fan de keatsferiening.
- Yn 2004 binne by de terp in tritich gouden munten fûn. Dy moatte om 1500 yn de grûn stoppe wêze.
- De Húnzermûne yn de Húnserpolder is ien fan de fiif dy't yn 1829 boud binne.
- Yn de 19e iuw moat der in fabrykje stien hawwe dat dakpannen makke en in semintmole.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Stêd: Ljouwert | |
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | |
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaard • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens |