Springe nei ynhâld

Tearns

Ut Wikipedy
Tearns
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 295 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 0,03 km²
lân: 0,02 km²
wetter 0,00 km²
Befolkingsticht. 1.100 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 5° 50' E
Offisjele webside
hempensteerns.nl
Kaart
Tearns (Ljouwert)
Tearns

Tearns is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Tearns leit noardlik fan Himpens, eastlik fan Goutum en westlik en súdlik fan Ljouwert. De doarpskearn fan Tearns leit oan de Himpenserdyk en Tigchelaersreed. Mei Himpens foarmet Tearns it twillingdoarp Himpens-Tearns.

Tearns hat 295 ynwenners (1 jannewaris 2023).

De Glins-terp

Fynsten út de terp Glins wize út dat it gebiet al om 400 f.Kr. bewenne waard. Dy terp makke ûnderdiel út fan in rige terpen op de grins tusken de klaai yn it westen en de sompen yn it easten. De bewenners ferlieten om 300 n.Kr. hinne dy terpen nei't it wetter it libben jimmeroan dreger makke en it duorre oant healwei de 8e iuw dat der wer fêste bewenning yn it gebiet ûntstie. Yn dy tiid ûntstiene ek de nammen Tearns en Himpens. Sûnt de 10e iuw waard útein set mei it oanmeitsjen fan it fean eastlik fan de Glins.

De namme fan de brêge oer de Nauwe Greons dy't Tearns mei Himpens ferbûn wie oxena brids’, Aldfrysk foar 'oksebrêge'. Der is al yn 'e midsiuwen sprake fan in ‘oxena brids’ yn 'e himrik fan Himpens. Eartiids waarden de kij dêr oer de Nauwe Greons setten. In yn it Aldfrysk opstelde oarkonde van 21 july 1463 neamt dy brêge, dy't grif al wat eastliker lei as de hjoeddeiske brêge.

Auckemastate

Tearns en Himpens wiene eartiids twa tige lytse selsstannige parochydoarpen, dy't nei de reformaasje yn 1603 gearfoege waarden. De kearn fan Tearns lei yn it ferline folle westliker, op it plak dêr't tsjintwurdich de oergong nei Goutum oer de Drachtsterwei leit. Tearns wie in terpdoarp en hie in eigen tsjerke, dy't yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen waard. De klokkestoel dy't de tsjerke ferfong waard yn 1872 ôfbrutsen nei't it doarp him nei de rjochting fan Himpens ûntwikkele hie. It tsjerkhôf en de terp is neitiid ôfgroeven.[2] Súdlik fan de tsjerke stie de Auckamastate.

Oant it begjin de oanlis fan de wyk Suderbuorren yn 1999 súdlik fan it Van Harinxmakanaal wenne de befolking fan Tearns yn in agraryske omjouwing by de brêge (Nauwe Greons) en ferspraat op pleatsen of in pear losse huzen. Troch de bou fan de wyk Suderbuorren ferlear Tearns in grut part fan de himrik en binne beide doarpen no foar it measte omsletten troch Ljouwert. Dochs is der by de ynrjochting fan de nije wyk rekken holden mei it doarpske karakter fan it twillingdoarp troch om de âlde kearnen romte te hâlden tusken de nijbou fan Suderbuorren.

Yn opdracht fan doarpsbelang Himpens-Tearns waard yn 2001 in plan ûntwikkele foar it lêste agraryske gebiet eastlik fan Tearns en noardlik fan Himpens. Dat resultearre yn in keunstwurk (Landart project), dat neffens de ûntwerpers tinken docht oan it lânskip dêr út de earste helte fan de 20e iuw.

Sûnt 1943 leit Tearns yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn de gritenij Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).

Súdwest fan de doarpen lizze de Tearnzer Wielen, in marke dat ûntstie troch it ôfgraven fan bougrûn foar Suderbuorren.

Hûzen oan de Nauwe Greons

De Feriening foar Doarpsbelang Himpens-Tearns bestiet al sûnt 1917 en hat sûnt 25 novimber 1989 syn gearkomsten yn doarpshûs 'De Bining'. De ferieningen fan Doarpsbelang Himpens-Tearns en kuorbalferiening Wêz Fluch, krigen it klear, om de besteande kantine fan de kuorbalferiening te ferbouwen ta in doarpshûs. It doarpsblêd hjit 'Brêgenijs'. It doarp wol de okse tenei mear brûke as symboal. De oksehoarnen stiene earder al ôfbylde op de doarpsflagge fan Himpens.

De skoalbern fan Tearns gyngen eartiids yn Himpens nei skoalle. De iepenbiere ('De Wynwizer') en kristlike basisskoalle ('Maximaskoalle') lizze yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren.

  • Wêz Warber en Fluch - kuorbal
  • Lyts Begjin - iisklup
  • Krekt Mis - biljerten
  • G en G - klaverjassen
  • Jeu de Boulesferiening
  • M.E.I. Frouljusferiening
  • Toanielselskip 'Oefening Kweekt Kunst'

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 200 2022
Ynwenners 71 75 52 52 50 16 22

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Goede e.o. "HEMPENS ,TEERNS ,HIMPENS ,TEARNS"

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje