Jorwert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jorwert
Flagge fan Jorwert Wapen fan Jorwert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Jorwert
Gemeente Ljouwert
Ynwennertal (2012) 319
Webstee Webstee Jorwert
de himrik fan Jorwert
Tsjerke fan Jorwert
Pastorije oan de Sluytermanwei

Jorwert (Nederlânsk: Jorwerd) is in doarp yn de Fryske gemeente Ljouwert. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 lei it yn 'e gemeente Littenseradiel en foar de weryndieling fan 1984 hearde it ta Baarderadiel. Jorwert hie op 1 jannewaris 2012 319 ynwenners. It omfettet ek de buorskippen Fûns en Hesens.

Iepenloftspul[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jorwert hat in tsjerke mei in Romaansk middenskip dy't neamd is nei sint Redbad, dy't biskop fan Utert wie yn de 11e iuw. By in restauraasje yn 1951 is de tsjerke swier skansearre: de toer stoarte folslein yn. Doe't de tsjerke der sa by lei organisearren de ynwenners fan it de doarp in ynsammelsaksje, dêr't letter it Iepenloftspul Jorwert út ûntstien is. Dat wurdt noch elts jier yn augustus en septimber hâlden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 9e iuw waard ien fan de gruttere terpen yn Westergoa Everwirdt neamd. Dit waard letter ta Jorwert. Tichtby it doarp is it ‘Amulet fan Jorwert’ fûn. It is grif yn dy tiid efterlitten troch in pylgrim. It wurdt beware yn it Frysk Museum. Yn de lette midsiuwen waard foar it hiele goa by tsjerklike en boargerlike sittings rjocht sprutsen yn Jorwert. Hjir siet om 1400 hinne it haaddekanaat.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Jorwert part fan de gemeente Baarderadiel; doe kaam it ta Littenseradiel te hearren. Sûnt 1991 hat it syn Fryske namme mei in -t op it ein as offisjele namme. It doarp waard om it jier 2000 hinne nasjonaal bekend troch in boek fan de skriuwer Geert Mak, Hoe God verdween uit Jorwerd (Fryske oersetting: Hoe't God ferdwûn út Jorwert). Mar ek J.J. Slauerhoff bestege tiid yn Jorwert by de domineesfamylje Hille Ris Lammers. Hy hie sterke gefoelens foar ien fan de dochters en dit komt ek yn syn wurk nei foaren. Ek de spylfilm Iris mei Monique van de Ven en John Kraaykamp sr. spilet him foar in part ôf yn Jorwert.

Jorwert hat in tsjerke, dy't foar in part út dowestien oplutsen is. It skip is ier 12e-iuwsk. By restauraasjewurk moarns 25 augustus 1951 om 7 minuten oer fiven stoarte de toer fan de Redbadtsjerke yninoar. Tanksij in aksje, dêr't no noch it tradisjonele Iepenloftspul Jorwert, yn de notaristún, oan te tankjen is, koe de toer wer hiel gau werboud wurde. Dit tige populêre iepenloftspul wurdt opfierd yn de moannen augustus en septimber. Fierders waard fan 1979 oant 1993 yn in greide by Jorwert, dy't bekendstiet as de Reidpôle, it muzykfestival Mukpop holden. Yn 2018 waard dat nei in fearnsiuw op 'e nij organisearre, yn 'e hope it evenemint foargoed nij libben yn te blazen.

By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hold Littenseradiel op te bestean]] en kaam Jorwert yn 'e gemeente Ljouwert te lizzen.

In pear hûndert meters noardeast fan it doarp stiet oan de Jorwerter Feart in Amerikaanse wynmotor.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpsnut komt op foar de belangen fan de doarpsbewenners. Der binne kommisjes foar de Boarterstún, it doarpshûs, de doarpskrante (De Hiele Toer) en de Jongereinkommisje.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Arsumerdyk, Battenserreed, De Him, De Krunen, Ewerwert, Fûns, Havenspaad, Hegedyk, Hesenserreed, It Noard, Jaanbuorren, Lucht en Veld, Lucht en Veldsterdyk, Maliebaan, Master Fopmawei, Pastorijfinne, Redbadwei, Sije Hogerhuisstrjitte, Sluytermanwei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geert Mak - Hoe God verdween uit Jorwerd (1996)
  • Ds. Van Gelder - Nachtboek van een kerkuil