Springe nei ynhâld

Mukpop

Ut Wikipedy
Mukpop
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Jorwert
holden yn iepen loft
tiid fan it jier ein juny
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre popmuzyk
bestean 19791994, 2018 – no
org. troch Stifting Mukpop
offisjele webside
Mukpop op Facebook

Mukpop is in muzykfestival dat ien kear yn 't jier holden wurdt yn it Fryske doarp Jorwert. It feest bestie fan 1979 oant 1994, mar blette doe dea. Nei in fearnsiuw waard it yn 2018 op 'e nij organisearre, mei de bedoeling om it wer op jierlikse basis te hâlden. Mukpop leit him ta op popmuzyk en fynt plak yn 'e iepen loft (sûnder feesttinte), op 'e Reidpôle by Jorwert.

Mukpop ûntstie yn 1979 as in eksamenfeest, dêr't pleatslike bandsjes spilen dy't in haaiwein as poadium brûkten. Der wie dat jier santich man publyk. It jiers dêrop wiene der wer in pear Jorwerters slagge, dat doe waard it wer feest, hoewol net op 'e Reidpôle; de earste jierren waard in oare greide deunby by Jorwert brûkt. Yn dy tiid hie Mukpop ek noch gjin namme. Pas doe't it feest yn 1981 foar de trêde kear holden waard, besleat men dat der in namme komme moast. Dy waard ûntliend oan 'Mukkes', de bynamme fan Frans Kingma, ien fan 'e organisators.

Mids jierren tachtich woeks Mukpop út ta ien fan 'e gruttere muzykfestivals yn Noardwest-Fryslân. Der waarden bekende bûtenlânske artysten oanlutsen; sa treden de Belgyske sjonger Raymond van het Groenewoud, de Ingelske band Dr. Feelgood en The Brandos út 'e Feriene Steaten yn Jorwert op. Dêrnjonken bleau der lykwols altyd romte foar Fryske bands. It grutste tal besikers loek Mukpop yn 1990, doe't der goed 2.000 minsken op ôfkamen. Yn 1991 wiene der 1.300, mar dat wiene noch bêst in protte, yn acht nommen dat it doe reinde dat it miigde en Mukpop nea oer in tinte beskikt hat (of beskikke wollen hat).

Yn 1993 waard it fyftjinjierrich bestean fan it festival fierd mei in twadeisk feest dêr't fyftjin bands optreden. Dy edysje friet lykwols alle finansjele reserves fan 'e organisaasje op. Yn 1994 waard Mukpop noch ienris holden, mar moast it festival útwike fan Jorwert nei Jellum. Dêrnei wie it jild skjin op en besleat de organisaasje dermei op te hâlden.

Yn 2018, 24 jier letter, waard foar it earst wer in nije edysje fan Mukpop holden, organisearre troch de Stifting Mukpop. It feest duorre ien jûn, fan 20.00 oant 01.00 oere, en fanwegen nije regeljouwing (minimumleeftyd om alkohol te drinken) wie it, oars as yn it ferline, inkeld tagonklik foar persoanen fan 18 jier en âlder. Driuwende krêften efter de organisaasje wiene de ûnderwilens 56-jierrige Frans Kingma en Jorrit Meinsma, de soan fan Kingma syn ferstoarne maat en Mukpop-organisator Ids Meinsma. Foarôfgeande oan it feest, op 23 juny, seine de mannen yn in fraachpetear yn it streekblêd Op 'e Skille dat se njonken nostalgyske Mukpop-besikers fan 'e earste oere ek in soad tweintigers en tritigers ferwachten. Bands dy't yn 2018 op Mukpop optreden, wiene De Suskes, De Voskovs, F.U.C. en The Mop.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Bauke, Jorwert na kwart eeuw weer decor legendarisch Mukpop, yn: Op 'e Skille, 13 juny 2018, s. 1.