Feest
In feest (fan it Aldfrânske feste) is in gearkomste fan in ûnbeskaat tal minsken mei as bedoeling om mei-inoar in heuchlik barren of in hjeldei of offisjele feestdei te fieren. In heuchlik barren kin bygelyks in jierdei, houlik, berte of jubileum wêze. In hjeldei kin it krystfeest of in oare religieuze feestdei wêze. In offisjele feestdei is bygelyks Befrijingsdei of Keningsdei. In feest kin lykwols ek sûnder direkte oanlieding plakfine.
Om it feestlike karakter fan 'e gearkomste oan te jaan, is der faak sprake fan fersiering, lykas slingers en/of lampions. Oare ûnderdielen fan in feest binne gauris it optsjinjen en iten fan taart of oarsoartich gebak (yn Fryslân faak oranjekoeke); it dragen fan feestklean of alteast ferklaaiersklean troch de gasten, en it draaien fan muzyk of it fersoargen fan live-muzyk. Op bernefeesten en doarpsfeesten wurde faak âlde spultsjes dien, lykas koekhappen en sekrinnen.
Der besteane in grut tal ferskillende soarten feesten, lykas:
- afterparty, in feest nei it haadfeest
- babyshower, in feest dat holden wurdt foar in frou dy't swier is, foarútrinnend op 'e berte
- bal, in dûnsfeest
- brulloft, in feest ta gelegenheid fan in houlik
- buertfeest, in feest fan in stedsbuert
- cocktailparty, in feest om te sosjalisearjen ûnder it genot fan in drankje
- doarpsfeest, in feest fan in hiel doarp
- eksamenfeest, in feest ta gelegenheid fan it slagjen foar de middelbere skoalle
- festival, in grutskalich feest of grutskalich feestlik evenemint
- frijfeintefeest of frijfammefeest, in feest dat koart foar syn of har trouwen holden wurdt foar in frijfeint of frijfaam
- fuif, in feestje yn húslik fermidden
- fundraisingparty, in feest dat holden wurdt om jild yn te sammeljen
- housewarmingparty, in feest ta gelegenheid fan in ferhuzing
- jierdeisfeest, in feest om in jierdei te fieren
- maskere bal of costumeparty, in feest dêr't de gasten hinne moatte ferklaaid as immen of eat oars
- ôfskiedsfeest, in feest om ôfskie fan immen te nimmen
- preparty, in feest foarôfgeande oan it eigentlike feest
- resepsje, in feest ta gelegenheid fan eat offisjeels, lykas in bedriuwsiepening of in jubileum
- nijjiersresepsje, in resepsje om it nije jier te fieren
- soirée, in besletten feest dat op 'e jûn holden wurdt
- strjitfeest, in feest fan 'e lju dy't yn deselde strjitte wenje of in oarsoartich feest dat op 'e strjitte holden wurdt
- surpriseparty, in feest dat oant op it lêst foar de earegast geheim holden wurdt
- túnfeest, in feest dat plakfynt yn 'e tún
- wolkomsfeest, in feest om immen wolkom te hjitten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|