Befrijingsdei

Ut Wikipedy
De yntocht fan de befrijers yn Utert
Befrijingsfestival Utert yn 2014

Befrijingsdei, of Nederlânske Befrijingsdei (net te betiizjen mei Fryske Befrijingsdei) is de dei dêr't de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich op fierd wurdt. Yn Nederlân wurdt as datum 5 maaie brûkt, om't it Dútske leger yn Nederlân op 5 maaie 1945 kapitulearre haw soe. In protte oare Jeropeeske lannen fiere net, lykas Nederlân, de befrijing fan it eigen lân, mar betinke de oerwinning op Dútslân (Ingelsk: Victory in Europe Day). Meastentiids wurdt de oerwinning op 8 maaie fierd om't Dútslân op 8 maaie 1945 kapitulearre, wêrtroch't yn Jeropa in ein kaam oan 'e Twadde Wrâldkriich. Yn East-Jeropa is 9 maaie de "Dei fan 'e Oerwinning". Mei de kapitulaasje fan Dútslân wie de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa ôfrûn. De definitive ein fan 'e Twadde Wrâldkriich kaam lykwols earst trije moannen letter op 15 augustus 1945 doe't úteinliks ek de lest oerbleaune partner fan nazy-Dútslân (Japan) kapitulearre foar 'e alliearden.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befrijingsdei Swolle

5 maaie as nasjonale feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân fynt de fiering fan 'e befrijing plak op 5 maaie. Dy wurdt foarôfgien troch de Deadebetinking op 4 maaie.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 4 maaie 1945 kapitulearre de Dútske admiraal Hans-Georg von Friedeburg yn Lüneburg yn 'e namme fan 'e Dútske troepen yn Noardwest-Dútslân, Nederlân, Sleeswyk-Holstein en Denemark foar 'e Britske fjildmaarskalk Bernard Montgomery. De kapitulaasje gie de folgjende dei yn.

Nasjonale feestdei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de befrijing yn 1945 waard besletten dat Befrijingsdei om de fiif jierren fierd wurde soe. Earst yn 1990 waard de datum fan 5 maaie útroppen ta in nasjonale feestdei, wêrop't elts jier de befrijing fan it Nederlânske keninkryk yn 1945 fan 'e Dútske en Japanske besetting betocht en fierd wurdt. Yn 1999 waard 15 augustus, de dei fan 'e Japanske kapitulaasje yn 1945 ek in dei wêrop't 'e flagge úthongen wurde mei. De datum fan 5 maaie as nasjonale feestdei is ek fêstlein yn 'e Algemiene Terminenwet.

Dit alles betsjut lykwols net dat 5 maaie automatysk in frije dei is. It Nederlânske regear hat besletten dat wurknimmers en wurkjouwers sels eat regelje moatte.

Wurknimmers yn it bedriuwslibben hawwe op 5 maaie in frije dei wannear't dit yn 'e cao ôfsprutsen is. As dit net ôfsprutsen is of as de bedriuwstak gjin cao hat, beslút de wurkjouwer oer wol of gjin betelle frij. Personiel yn (ryks)oerheidstsjinst hat foar safier dit yn 'e cao opnommen is en de tsjinst it talit op 5 maaie in frije dei. Semy-oerheden folgje dit foarbyld safolle moolk. De kantoaren fan De Nederlânske Bank binne sletten. Dit betsjut dat der gjin bankbiljetten ynwiksele wurde kinne.

Fiering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it hiele lân wurde gewoanlik aktiviteiten organisearre. De Nasjonale Fiering fan 'e Befrijing op 5 maaie fynt plak yn Amsterdam en de tolve provinsjehaadstêden. Op oare plakken yn it lân binne der ferskate befrijingsfestivals, lykas it Gelderske Befrijingsfestival yn Wageningen en sûnt 1980 it grutste befrijingsfestival "Bevrijdingspop" yn 'e Haarlemmerhout yn Haarlem. Hjoed-de-dei is it grutste befrijingsfestival it "Bevrijdingsfestival Overijssel" yn Swolle.

Tsjintwurdich wurdt der yn eltse provinsje en yn 'e haadstêd in befrijingsfestival organisearre yn gearwurking mei it Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie. Dit komitee stelt elts jier sûnt 1991 Nederlânske artysten oan ta "Ambassadeurs fan 'e Frijheid". De artysten treden op yn ferskate stêden op ferskate festivals en wurde per helikopter fan festival nei festival ferfierd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]